1922
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 | 1927 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1922 MCMXXII |
Ab urbe condita | 2675 |
Armeenske kalinder | 1371 ԹՎ ՌՅՀԱ |
Etiopyske kalinder | 1914 – 1915 |
Hebriuwske kalinder | 5682 – 5683 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1977 – 1978 |
- Shaka Samvat | 1844 – 1845 |
- Kali Yuga | 5023 – 5024 |
Iraanske kalinder | 1300 – 1301 |
Islamityske kalinder | 1341 – 1341 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4618 – 4619 戊酉 – 己戌 |
1922 is in gewoan jier dat begjint mei in snein. (Gregoriaanske kalinder foar 1922.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1920-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 7 jannewaris - It Ierske parlemint ratifisearret it Britsk-Iersk Ferdrach. De Ierske tsjinstanners fan it opjaan fan Noard-Ierlân rinne ûnder lieding fan Éamon de Valera lulk fuort.
- 5 febrewaris - Op 'e Marinekonferinsje fan Washington, yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., slute de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Itaalje, Japan, Nederlân, Belgje, Portegal en Sina oerienkomsten oer û.m. de relative grutte fan harren marines.
- 28 febrewaris - Egypte wurdt yn namme ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk (hoewol't it yn 'e praktyk oant nei de Twadde Wrâldoarloch ûnder Britske politike en militêre ynfloed bliuwe sil).
- 22 maart - Yn Britsk-Ynje wurdt de lânseigen foaroanman Mahatma Gandhi troch it Britske koloniaal bestjoer foar it opstokeljen fan 'e befolking feroardiele ta seis jier finzenisstraf.
- 14 april - Yn Dublin, de haadstêd fan 'e Ierske Frijsteat, besette de tsjinstanners fan 'e frede mei it Feriene Keninkryk it Paleis fan Justysje, de Four Corners.
- 16 april - Dútslân en kommunistysk Ruslân slute it Ferdrach fan Rapallo, wêrby't Dútslân it kommunistyske rezjym erkend en beide lannen ôfsjogge fan ferhelbetellings oangeande de Earste Wrâldoarloch.
- 1 maaie - De Feriene Steaten en Kolombia berikke oerienstimming oer in Amerikaanske skeafergoeding oan Kolombia foar it feit dat de Kolombiaanske provinsje Panama yn 1903 mei Amerikaanske stipe ûnôfhinklik wurden is. Kolombia kriget no fan 'e Feriene Steaten $25 miljoen, útsmaard oer fiif jierlikse terminen.
- 26 maaie - Sovjet-lieder Vladimir Lenin wurdt troffen troch in oerhaal. Syn taken wurde waarnommen troch Josef Stalin, de siktaris-generaal fan 'e Kommunistyske Partij fan Ruslân.
- 24 juny - De Dútske minister fan Bûtenlânske Saken Walther Rathenau wurdt by in oanslach fermoarde. Hy wie it slachtoffer in politike hetze troch tsjinstanners fan it troch him sletten Ferdrach fan Rapallo, mei kommunistysk Ruslân.
- 28 juny - Yn Dublin, de haadstêd fan 'e Ierske Frijsteat, begjinne regearingstroepen mei de besjitting fan it Paleis fan Justysje (de Four Corners), dat al sûnt mids april troch rebellen beset wurdt. Dit is it begjin fan 'e Ierske Boargeroarloch tusken de foarstanners fan in fredesferdrach mei it Feriene Keninkryk (wêrby't Noard-Ierlân opjûn wurdt), en dejingen dy't neat witte wolle fan it opjaan fan Noard-Ierlân en ynstee oan it bittere ein ta trochfjochtsje wolle.
- 30 juny - De Ierske rebellen dy't yn Dublin it Paleis fan Justysje beset hâlde, jouwe har oer.
- 5 july - Yn it Braziliaanske Rio de Janeiro brekt in legerrebûlje út, de saneamde Opstân fan de Luitenanten.
- 31 july - Yn Itaalje brekt in algemiene staking út om it regear te twingen en kom fanwegen tsjin 'e terreur dy't faksistyske groepearrings útoefenje tsjin fakbûnsleden.
- 8 augustus - Yn Itaalje slagget it de faksisten om 'e algemiene staking te brekken mei terreur tsjin 'e stakers.
- 22 augustus - Michael Collins, it haad fan it regear fan 'e Ierske Frijsteat, komt yn 'e Ierske Boargeroarloch om by gefjochten mei rebellen.
- 9 septimber - Nei de Turkske ferovering fan Smyrna op it Grykske leger, yn it ramt fan 'e oangeande Gryksk-Turkske Oarloch, wurdt in bloedbad oanrjochte ûnder ynwenners fan Gryksk en Armeensk komôf, en teffens wurdt de stêd suver platbrânt by de Grutte Brân fan Smyrna.
- 13 septimber - Yn Al Azizja, yn Lybje, wurdt 58 graden yn it skaad metten, de heechste bûtentemperatuer ea fêststeld.
- 16 septimber - Yn it ramt fan 'e Gryksk-Turkske Oarloch ferdriuwt it Turkske leger de lêste Grykske troepen út Lyts-Aazje.
- 17 septimber - Yn Berlyn wurdt foar it earst ea in film mei lûd fertoand.
- 18 septimber - Hongarije wurdt lid fan it Folkebûn.
- 27 septimber - Fanwegen de nederlaach yn 'e Gryksk-Turkske Oarloch moat kening Konstantyn I fan Grikelân foar de twadde kear ôfstân dwaan fan 'e troan en yn ballingskip gean.
- 11 oktober - De Gryksk-Turkske Oarloch einiget mei in wapenstilstân yn in Grykske nederlaach.
- 28 oktober - De Italjaanske faksistyske foaroanman Benito Mussolini oarderet syn oanhingers om 'e Mars op Rome te begjinnen, mei as doel om it regear fan it lân oer te nimmen. Kening Fiktor Emanuel III wegeret lykwols de needtastân út te roppen út eangst foar sawol in bloedbad as syn eigen ôfsetting as monarch.
- 30 oktober - Kening Fiktor Emanuel III fan Itaalje jout belies en beneamt de faksistyske lieder Benito Mussolini ta premier fan Itaalje.
- 1 novimber - De lêste sultan fan it Osmaanske Ryk, Mehmed VI, wurdt troch it regear fan 'e Republyk Turkije ôfset
- 17 novimber - De lêste sultan fan it Osmaanske Ryk, Mehmed VI, ferlit Konstantinopel en giet yn ballingskip op Britsk-Malta.
- 26 novimber - De Britske argeolooch Howard Carter ûntdekt yn Egypte it grêf fan farao Tûtanchamon yn 'e Delling fan de Keningen.
- 6 desimber - Mei it oannimmen fan 'e grûnwet troch it Ierske parlemint wurdt de ûnôfhinklikheid fan 'e Ierske Frijsteat (de foarrinner fan it moderne Ierlân) in feit.
- 16 desimber - Gabriel Narutowicz, de noch mar krekt keazen presidint fan Poalen, wurdt by in oanslach fermoarde.
- 17 desimber - De lêste Britske troepen ferlitte it grûngebiet fan de Ierske Frijsteat.
- 30 desimber - De Uny fan Sosjalistyske Sovjetrepubliken (USSR, koartwei de Sovjet-Uny) wurdt oprjochte.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 23 - Bernard Smilde, Frysk teolooch, frisiast en tekstdichter († 2014)
- 27 - Wiebe Keikes, Frysk argivaris († 1998)
- febrewaris
- maart
- 1 - Yitzhak Rabin, premier fan Israel († 1995)
- 2 - Carl Reiner, Amerikaansk akteur en presintator († 2020)
- 18 - Seymour Martin Lipset, Amerikaansk politike sosjolooch († 2006)
- 23 - Akke Radsma, Frysk toanielspylster en foardrachtskeunstneresse († 2008)
- 25 - Jaap ter Haar, Nederlânsk histoarikus en skriuwer († 1998)
- 28 - Theo Albrecht, Dútsk ûndernimmer, mei-oprjochter Aldi († 2010)
- april
- 3 - Doris Day, Amerikaansk sjongster, aktrise en diere-aktiviste († 2019)
- 11 - Harry Verbeke, Frysk muzikant († 2004)
- 21 - Coba de Groot, Frysk ûnderwizeres en keunstskilderes († 2005)
- 27 - Sheila Scott, Britsk piloate en aktrise († 1988)
- 29 - Ad van Seijen, Frysk skriuwer († 2003)
- maaie
- 18 - Willem Keune, Nederlânsk argivaris († 1992)
- 26 - Arp Hiemstra, Frysk keatser († 2000)
- 27 - Christopher Lee, Ingelsk akteur († 2015)
- 31 - Suze Boschma-Berkhout, Nederlânsk byldzjend keunstner († 1997)
- juny
- 8 - Hendrik Miedema, Nederlânsk heechlearaar nammekunde († 2008)
- 10 - Judy Garland, Amerikaansk aktrise en sjongster († 1969)
- 24 - Pieter Kooistra, Frysk keunstner en skriuwer († 1998)
- 26 - Eleanor Parker, Amerikaansk aktrise († 2013)
- july
- 3 - Corneille, Waalsk keunstskilder († 2010)
- 14 - Herman Broekhuizen, Nederlânsk dirigint, programmamakker, skriuwer en komponist († 2012)
- 17 - Jan Blaaser, Nederlânsk kabaretier, akteur, sjonger en lieteskriuwer († 1988)
- 18 - Thomas Samuel Kuhn, Amerikaansk natuerkundige († 1996)
- [18 - W.L. Brugsma, Nederlânsk sjoernalist († 1997)
- 19 - George McGovern, Amerikaansk politikus († 2012)
- 21 - Mollie Sugden, Britsk aktrise († 2009)
- augustus
- 7 - Boy Lornsen, Dútsk byldhouwer en skriuwer († 1995)
- 11 - Jan Lever, Nederlânsk fersetsstrider († 1944)
- 12 - André Kloos, Nederlânsk politikus en bestjoerder († 1989)
- 20 - Frans de Munck (byneamd 'de Swarte Panter'), Nederlânsk fuotballer († 2010)
- 23 - Klaas Hospes, Frysk kabaretier († 1999)
- 27 - Roelof Kruisinga, Nederlânsk politikus († 2012)
- 29 - John Edward Williams, Amerikaansk skriuwer en dichter († 1994)
- 30 - Laurens Otmar ten Cate, Frysk sjoernalist, publisist en haadredakteur († 1984)
- septimber
- 3 - Coen Bekink, Nederlânsk arsjitekt (* 1922)
- 3 - Hendrik Willem ter Haar, Frysk geriater (âlderein-dokter) († 2012)
- 7 - David Croft, Ingelsk senarioskriuwer en tillefyzjeprodusint en -regisseur († 2011)
- 15 - Jan de Groot, Frysk keatser († 2013)
- oktober
- 10 - Boeli van Leeuwen, Nederlânsk-Antiljaansk skriuwer en dichter († 2007)
- 18 - Jopie Huisman, Frysk keunstskilder († 2000)
- 31 - Barbara Bel Geddes, Amerikaansk aktrise († 2005)
- 31 - Norodom Sihanouk, kening fan Kambodja († 2012)
- novimber
- 4 - Jan Frearks van der Bij, Frysk ekspresjonistysk skilder († 2013)
- 11 - Kurt Vonnegut, Amerikaansk skriuwer en skilder († 2007)
- 14 - Johannes Siderius, Frysk politikus († 1989)
- 14 - Doeke Bekius, Frysk politikus († 2013)
- 23 - Joan Fuster, Falinsiaansk skriuwer († 1992)
- desimber
- 10 - Georg Knobel, Nederlânsk fuotbaltrener († 2012)
- 19 - Hanny Michaelis, Nederlânsk dichteres († 2007)
- 22 - Eli Asser, Nederlânsk senarioskriuwer en lietsjeskriuwer († 2019)
- 24 - Johannes Tinga, Frysk feekeapman en autobiograaf († 2011)
- datum ûnbekend
- Wesley C. Dykstra, Amerikaansk predikant en filosoof († 2008)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 3 - Hoito Dornseiffen, Frysk predikant (* 1841)
- 5 - Ernest Shackleton, Iersk ûntdekkingsreizger (* 1874)
- febrewaris
- 16 - Newton Knight, Amerikaansk boer en opstannelingelieder (* 1829)
- april
- 2 - Hermann Rorschach, Switsersk psycholooch (* 1884)
- july
- 17 - Klaas Plantinga, Frysk distillateur (* 1846)
- augustus
- 2 - Alexander Graham Bell, Skotsk-Amerikaansk útfiner (* 1847)
- 29 - Antonie Ewoud Jan Holwerda Nederlânsk heechlearaar (* 1845)
- oktober
- 5 - Foeke Buitenrust Hettema, Frysk taalkundige (* 1862)
- 9 - Hierrige Mokassin (Hairy Moccasin), Kriesk ferkenner yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger (* 1854)
- desimber
- 24 - John Martin, Italjaansk-Amerikaansk militêr (* 1852)
- datum ûnbekend
- Maitydsgers (Spring Grass), minneresse fan George Armstrong Custer (* 1851)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- poëzij
- T.S. Eliot, The Waste Land (oerset yn it Frysk as It Jiskelân)
Jierren: | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 | 1927 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|