Krieën (folk)

Ut Wikipedy
Krieën
Crow

Ferneamde Krieën. Boppeste rige f.l.n.rj.: Lit-Sjen-Wylst-Er-Giet, Blanke-Man-Regearret-Him, Tsjeppe Earn;
2e rige: Joe Medicine Crow, Wite Swan, Giet-Foarút;
3e rige: Mannich Kûp, Thomas Yellowtail, Bollehaadman.
flagge
populaasje
oantal 12.000 (2014)
taal Kriesk (Ingelsk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy,
synkretisme
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Feriene Steaten
fersprieding
Feriene Steaten: 12.000

De Krieën (Ingelsk: Crow), ek wol Absaroka neamd, binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Rocky Mountains en de Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat tsjintwurdich benammentlik yn 'e Amerikaanske steat Montana wennet. Harren taal, it Kriesk, heart ta de Sûaanske taalfamylje. Histoarysk besetten se in grutte lape fan 'e noardwestlike flakten, dy't dielen fan Montana, mar ek fan Wyoming en Noard-Dakota besloech. Fanwegen har tradisjonele steat fan oarloch mei de Lakota en de Sjajinnen stiene de Krieën oer it algemien op goede foet mei de blanken, om't hja deselde fijannen hiene. Hjoed oan 'e dei binne der sa'n 12.000 Krieën, wêrfan't it meastepart ta de federaal erkende Krieë Stamme (Crow Tribe) heart en yn it eigen Krieë Yndianereservaat fan súdlik Montana wennet.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It autonym fan 'e Krieën is Apsáalooke (útspr.: [ə'psa:ɾo:ɡe:], likernôch: "uh-psaa-roo-gee"), dat histoarysk troch de blanken ferbastere is ta Absaroka. It betsjut "bern fan 'e grutsnabelige fûgel" en waard de Krieën oarspronklik taparte troch de nau oan harren besibbe Hidatsa. Iere Frânske ûntdekkingsreizgers en pelskeaplju setten dy namme oer as Gens du Corbeaux ("Folk fan de Krie"), en sa kamen se yn it Ingelsk bekend te stean as Crows ("Krieën"). Oare Yndiaanske stammen tsjutten de Krieën yn harren eigen talen ek oan as "Krieën" of "Ravens".

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e iere njoggentjinde iuw bestiene de Krieën út trije selsstannige groepen, dy't inkeld foar mienskiplike ferdigening gearwurken. Dat wiene de Berch-Krieën, de Rivier-Krieën en de Flakte-Krieën.

  • De Berch-Krieën, dy't ek Ashalaho ("in Protte Tipys"), Awaxaawaxammilaxpáake ("Folk fan 'e Bergen") of Ashkúale ("it Middenkamp") neamd waarden, wiene de grutste groep en de earsten dy't har yn it westen nei wenjen setten. Hja wennen yn 'e Rocky Mountains fan súdeastlik Montana yn it westen, oant de Black Hills fan Súd-Dakota yn it easten.
  • De Rivier-Krieën, dy't ek Binnéessiippeele ("Dy't Mank de Rivierwâlen Wenje") en Ashshipíte ("Swarte Tipys") neamd waarden, wennen by de rivieren de Yellowstone en de Musselshell lâns en yn it Lân fan 'e Powderrivier.
  • De Flakte-Krieën, dy't ek Eelalapito ("Dy't yn 't Weak fan 't Liif Wâde Binne") of Ammitaalasshé ("Dy't by de Midden Wei Libje"; d.w.s. by de Berch-Krieën wei) neamd waarden, wennen yn 'e Bighorn-dobbe, fan it Bighorn-berchtme yn it easten oant it Absaroka-berchtme yn it westen.
  • Ut 'e mûnlinge oerlevering fan 'e Krieën is noch in fjirde groep bekend, de Bilapiluutche ("Bever Drûget Syn Pels"). It tinken is dat dy yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw opgien binne yn 'e Kajowa (Kiowa).

Der binne tsjintwurdich likernôch 12.000 Krieën, wêrfan't likernôch 11.000 oansletten binne by en polityk fertsjintwurdige wurde troch de federaal erkende Krieë Stamme (Crow Tribe). Likernôch 6.600 dêrfan libje yn it eigen Krieë Yndianereservaat fan súdlik Montana. Rom 1.000 oaren wenje feitliks yn it oangrinzgjende Noardlike Sjajinne Yndianereservaat.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ierst bekende wengebiet fan 'e Krieën en de nau oan harren besibbe Hidatsa lei oan 'e rivier de Ohio, deunby de Earymar. Doe't de Algonkwynske Odjibwe (Ojibwe), Ottawa en Potawatomy (Potawatomi) tusken 500 en 1000 fan 'e Atlantyske kust nei it gebiet fan 'e Grutte Marren begûnen op te kringen, waarden de Krieën en de Hidatsa stadichoan fierder nei it westen ta dreaun. Hja setten har ferskate hûnderten jierren nei wenjen besuden de Winnipegmar, yn wat no de Kanadeeske provinsje Manitoba is, mar waarden dêrwei ferdreaun troch de Flakte-Odjibwe, Kry (Cree) en Assiniboin (Assiniboine) fan 'e Izeren Konfederaasje, dy't troch iere kontakten mei de blanken yn it ramt fan 'e pelshannel better (want mei fjoerwapens) tarist wiene foar de oarloch.

Krieëkrigers te pearde oan it hanneldriuwen.

Dêrnei wennen de Krieën en de Hidatsa yn 'e krite fan 'e Duvelsmar, dy't no yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Noard-Dakota leit. Dêr fûn de definitive opspjalting yn twa ûnderskate etnyske groepen plak. De Krieën ferfearen neitiid ûnder druk fan 'e út it easten opkringende Sjajinnen (Cheyenne) nei it westen, wylst de Hidatsa yn Noard-Dakota hingjen bleaune, har ta lânbouwers ûntjoegen en in langjierrich bûnsgenoatskip sleaten mei de Mandan en de Arikara. Letter waarden sawol de Krieën as de Sjajinnen noch fierder nei it westen ta twongen troch de opmars fan 'e Lakota, dy't it gebiet fan 'e Black Hills besetten. Nei ferrin fan tiid waarden de Sjajinnen en de mei harren ferbûne Arapaho bûnsgenoaten fan 'e Lakota, mar de Krieën bleaune bittere fijannen fan sawol de Lakota as de Sjajinnen.

Om har nije wengebiet yn eastlik Montana, noardlik Wyoming en westlik Noard-Dakota te winnen, moasten de Krieën sels de Sjosjoanen (Shoshone), dy't dêr al wennen, nei it westen ta ferdriuwe. Dêrta sleaten se in ferbûn mei de Kajowa (Kiowa) en de Flakte-Apachen. Dyselden ferfearen letter nei de Súdlike Flakten ta, en sa koene de Krieën harren ta de dominante groep ûntjaan yn harren diel fan 'e Noardlike Flakten en de eastlike Rocky Mountains, in posysje dy't se troch de rest fan 'e achttjinde en hiele njoggentjinde iuw wisten te behâlden. Yn 1743 fûn de earste moeting tusken de Krieën en Jeropeänen plak, doe't de Frânske ûntdekkingsreizger Louis-Joseph Gaultier de La Vérandrye harren besocht.

Op 'e flakten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Carl Venne, foarsitter fan 'e Krieë Stamme, en presidintskandidaat Barack Obama ûnder de kampanje foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2008. Obama wie de earste presidintskandidaat út 'e Amerikaanske skiednis dy't ûnder de kampanje it Krieë Yndianereservaat oandie, en waard dêr daliks ta eare-lid fan 'e stamme makke.

Hoewol't se semy-nomadyske jagers en lânbouwers west hiene foar't se har op 'e Noardlike Flakten nei wenjen setten, ûntjoegen de har neitiid ta nomadyske jager-sammelders, dy't fierhinne libben fan 'e ûnbidige keppels bizons en dy't harren tipys en oare besittings yn 't earstoan ferfierden op travois dy't troch hûnen lutsen waarden. Om 1740 hinne begûnen se de wylde mustangs te fangen dy't op 'e flakten omdoarmen en ôfstammelingen wiene fan eksimplaren dy't de Spanjerts yn harren koloanje Nij-Spanje (it tsjintwurdige Meksiko) ûntkomd wiene. Dêrmei namen se de hynstekultuer oan dy't letter sa ûnferbreklik mei Flakte-Yndianen ferbûn rekke.

Troch har hynders koene de Krieën makliker en flugger grutte ôfstannen ôflizze, en wiene se sadwaande mobiler en aktiver op sawol it mêd fan 'e jacht, as wat de oarloch oangie. Fanwegen de strange winters yn it noarden wie it foar de Krieën dreger om hynders te fokken as foar de folken fan 'e Súdlike Flakten. It leit yn 'e reden dat se har krekt dêrom ta feardige hynstefokkers en hynstekeaplju ûntjoegen, krekt as ferskate oare folken út noardlike kontreien, lykas de Eastlike Sjosjoanen, de Noardlike Sjosjoanen en de Nez Persé.

De grinzen tusken de gebieten fan 'e ferskillende flaktestammen leine nea fêst, mar wiene altyd floeiend. Om't fan it easten en noarden út ferskate oare folken nei it westen en súdwesten opteagen op 'e siik nei wyld foar de pelshannel, bizons foar de jacht en mustangs om by harren keppels te foegjen, ferkearden de Krieën yn dy tiden allegeduerigen yn steat fan oarloch. Sels as der in wiffe frede bestie, fierden de jonger krigers fan 'e ûnderskate folken oerfallen op inoars doarpen en kampen út, mei as doel om in kûp út te fieren, bgl. troch in pear hynders te stellen.

Behalven mei de Lakota en Sjajinnen yn it easten en súdeasten en mei de Arapaho yn it suden, stiene de Krieën ornaris ek op foet fan oarloch mei de Flakte-Odjibwe, de Flakte-Kry en de Assiniboin fan 'e Izeren Konfederaasje, dy't noardeastlik en noardlik fan harren wennen, mei de Swartfoet-Konfederaasje yn it noardwesten, en mei de Pâny (Pawnee) en Jût (Ute) yn it súdeasten en suden. De Krieën ûnderholden oer it algemien freonskiplike relaasjes mei de folken út 'e berchgebieten dy't westlik en súdwestlik fan harren wenkrite leine, lykas de Plathollen (Flathead), Nez Persé, Kûtenai en Sjosjoanen, en teffens mei de Kajowa en de Flakte-Apachen fan 'e Súdlike Flakten.

In tipy fan 'e Krieën (tekene troch George Catlin (1832-1833).

Kolonisaasje fan it Westen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It begjin fan 'e kolonisaasje fan it Westen troch de Amerikanen, mids njoggentjinde iuw, foel gear mei in snuorje dat de Krieën troch harren folle talriker fijannen danich yn it nau brocht wiene. Yn 'e 1850-er jierren krige Mannich Kûp, in jonge dy't him letter ûntjaan soe ta ien fan 'e wichtichste opperhaden fan 'e Krieën, in fizioen dat troch de stamâldsten útlein waard as in warskôging dat de blanken meitiid it hiele lân komme soene te dominearjen. Sadwaande waard besletten dat de Krieën mei de nijynkommelingen op goede foet komme moasten te stean.

Yn it Ferdrach fan Fort Laramie fan 1851, mei Amerikaanske regear, waard fêstlein dat it lân fan 'e Krieën fan 'e Bighorn-dobbe yn it westen oant de rivier de Powder yn it easten rûn, en fan 'e rivier de Musselshell yn it noarden oant wat no it Nasjonaal Park Yellowstone is yn it suden. De Lakota en de Noardlike Sjajinnen krongen lykwols noch altyd op yn westlike rjochting, en tsjin 1851 hiene se de eastlike jachtgebieten oan 'e Krieën ûntnadere, de dellingen fan 'e rivieren de Powder en de Tongue ynbegrepen. De Krieën waarden westoan dreaun en nei it súdwesten, nei de bopperin fan 'e Yellowstone. Tsjin 1860 behearsken de Lakota al it eardere gebiet fan 'e Krieën tusken de Black Hills fan Súd-Dakota en it Bighorn-berchtme fan Montana.

Yn 'e Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868) fersetten de Lakota harren ûnder lieding fan it opperhaad Reade Wolk tsjin 'e Amerikaanske militêre oanwêzichheid by it Bozeman Trail lâns, in rûte dy't troch blanke kolonisten brûkt waard om 'e goudfjilden fan Montana te berikken. Dy oarloch einige mei in oerwinning foar de Lakota, en by in twadde Ferdrach fan Fort Laramie waard yn 1868 fêstlein dat de Lakota it hiele gebiet yn 'e hannen hiene fan 'e Black Hills nei it westen oan 'e hichten fan it Bighorn-berchtme ta. Neitiid bleaune dy kontreien, dy't earder in wichtich ûnderdiel útmakke hiene fan it territoarium fan 'e Krieën, in desennium lang fêst yn 'e hannen fan 'e Lakota en de Sjajinnen.

In delegaasje fan Krieë-opperhaden yn Washington, D.C., mei sittend as earste en twadde fan rjochts Tsjeppe Earn en Mannich Kûp.

Yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw setten de measte Krieën harren nei wenjen yn it Krieë Yndianereservaat yn súdlik Montana, dat dêr yn 1868 neffens de ôfspraken fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie foar harren oprjochte wie. In grut tal Krieën naam yn dy jierren tsjinst yn it Amerikaanske Leger, dêr't se yn 'e regel as ferkenners fungearren. Yn dy hoedanichheid wiene in protte fan harren belutsen by de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, wêryn't de Lakota en de Noardlike Sjajinnen op 25 juny 1876 in grutte oerwinning boekten yn 'e Slach oan de Little Bighorn, tsjin it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. De oarloch rûn úteinlik lykwols út op in Amerikaanske oerwinning, dêr't de Krieën yn beskieden mjitte yn dielden.

Neitiid waarden de Lakota en de Noardlike Sjajinnen opsletten yn reservaten of flechten se de Kanadeeske grins oer. Fan dy gong fan saken hiene de Krieën yn 't earstoan profyt, mar doe't der gjin fijannige Yndianen mear wiene om se tsjin te hâlden, rûnen blanke kolonisten ek hàrren wengebiet al rillegau ûnder de foet. Foarop kamen de hûdejagers, dy't mei opsetsin de bizons útrûgen dêr't de Flakte-Yndianen ôfhinklik fan wiene. Tsjin 1882 wiene de lêste bizons yn 'e krite sketten. Sadree't dy put klearre wie, dreaune feeboeren út Teksas harren keppels kij nei Montana om it lân dêr as feepleatsen yn besit te nimmen, en dêrnei waard it spoar troch it gebiet oanlein, dat noch mear kolonisten brocht. Yn in perioade fan minder as tsien jier wiene de Krieën foargoed har tradisjonele libbenswize kwytrekke.

Pauline Small, langjierrich bestjoerster fan 'e Krieë Stamme, giet foarop mei de Krieëflagge yn 'e hân by de optocht dêr't de Krieë-Merke mei iepene wurdt.

Yn 1887 late de Krieë-haadman Swurddrager in oerfal op 'e Swartfuotten, nei't dyselden earder in oerfal op 'e Krieën dien hiene. De Krieën wisten dêrby de hynders dy't se earder kwytrekke wiene, werom te winnen. Doe't Swurddrager lykwols triomfantlik syn oerwinning oan 'e Yndiaansk agint meidiele woe, rûn in misferstân oer de bedoelings fan 'e groep bewapene Krieëkrigers alhiel út 'e hân, mei as gefolch dat de agint in telegram nei it Amerikaanske Leger stjoerde mei it boadskip dat er oanfallen waard. Sa begûn it iennichste grutte wapene konflikt tusken de Amerikanen en de Krieën, dat letter de Krieë-Oarloch kaam te hjitten. De opstannelingen waarden al rillegau ferslein by wat de Slach by Crow Agency neamd waard, en neitiid flechte Swurddrager mei guon fertroulingen de Bighornbergen yn, dêr't er him letter oerjoech oan 'e plysje fan it Krieë Reservaat. Op 'e weromweis út 'e bergen waard er stânrjochtlik eksekutearre, wierskynlik op befel fan 'e Krieë-opperhaden dy't der wis fan wêze woene dat hy de freonskiplike relaasje fan 'e Krieën mei de Amerikanen net (fierder) beneidielje soe.

Yn 1918 organisearren de Krieën in grutte pow-wow om harren eigen kultuer út te dragen, en nûgen dêr ek oare stammen foar út. Dizze gearkomste, dy't bekendstiet as de Krieë-Merke (Crow Fair) wurdt tsjintwurdich, noch hieltyd mei dielname fan oare Yndiaanske folken, op jierlikse basis holden yn it trêde wykein fan augustus. It hat him ûntjûn ta ien fan 'e wichtichste Yndiaanske gearkomsten fan 'e Grutte Flakten.

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Krieën hiene fan âlds in matrilineêre kultuer, wêrby't fererving fia de mem rûn (ynstee fan fia de heit, lykas yn 'e Westerske kultuer). Froulju spilen ek in wichtige rol by it bestjoer fan 'e ûnderskate troepen en fan it folk as gehiel. Nei it oangean fan in houlik sette in troud pear him nei wenjen yn 'e tipy fan 'e mem fan 'e breid. Krekt as by oare Flakte-Yndiaanske folken omfieme de kultuer fan 'e Krieën tradisjoneel trije geslachtsrollen: man, frou en twigeast of baté. Twigeasten wiene manlju dy't as froulju libben of oarsom, net inkeld kwa maatskiplike rol, mar ek oangeande klean, hierdracht, ensfh.

In pear Krieë-mokassins út omtrint 1940.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Kriesk, de lânseigen Sûaanske taal fan 'e Krieën, is nau besibbe oan it Hidatsa, wêrmei't it de Missourydelling-Sûaanske talen foarmet. It is ien fan 'e gruttere Yndiaanske talen yn 'e Feriene Steaten, en hie neffens in ûndersyk út 2007 doe likernôch 3.000 sprekkers. Dat is in soad, as men yn omtinken nimt dat de measte Yndiaanske talen yn 'e Feriene Steaten heechút noch inkele hûnderten sprekkers hawwe, wylst in oansjenlik tal op it rântsje fan it útstjerren balansearret.

Stamme-organisaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

federaal erkende stammen yn 'e Feriene Steaten
stamme etnyske groep(en) steat haadkertier populaasje opmerkings
Krieë Stamme
Crow Tribe
Krieën Montana Crow Agency 11.000 fêstige yn it Krieë Yndianereservaat

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.