Springe nei ynhâld

Pauline Small

Ut Wikipedy
Pauline Small
politikus
Pauline Small oan it haad fan 'e optocht dêr't de Krieë-Merke mei iepene wurdt.
Pauline Small oan it haad fan 'e optocht dêr't de Krieë-Merke mei iepene wurdt.
echte namme Pauline White Man Runs
   Him Small
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 30 novimber 1924
berteplak Lodge Grass (Montana)
stjerdatum 9 maart 2005
stjerplak ? (Montana)
etnisiteit Kriesk
fise-siktaris fan 'e Krieë Stammeried
regear 19661972

Pauline Small (berne as: Pauline White Man Runs Him; Lodge Grass (Montana), 30 novimber 1924 – yn Montana, 9 maart 2005) wie in Amerikaansk politika en bestjoerster fan etnysk Kriesk komôf. Hja krige in beskate bekendheid doe't hja yn 1966 de earste frou wie dy't keazen waard yn it bestjoer fan 'e federaal erkende Krieë Stamme. Letter ferfolle Small noch ferskate oare funksjes foar har stamme, wêrfan't de measten te krijen hiene mei ûnderwiis.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Small waard yn 1924 berne as Pauline White Man Runs Him, yn it doarp Lodge Grass, yn it Krieë Yndianereservaat fan súdlik Montana. Har Yndiaanske namme wie Slacht-Twaris-ta-yn-Ien-Simmer (Strikes Twice in One Summer). Hja wie de âldste fan trije bern yn it gesin fan Blake White Man Runs Him en Florence Annie Blaine. Har pake oan heitekant wie de kriger en ferkenner Blanke-Man-Regearret-Him (White Man Runs Him), dy't yn 1876 oan 'e kant fan it Amerikaanske Leger yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn focht. Ek wie Small in nicht fan 'e Krieske histoarikus Joe Medicine Crow. Se groeide op yn it distrikt Delling fan 'e Opperhaden (Valley of the Chiefs) yn it Krieë Reservaat. Small genoat in oplieding oan it Yndiaansk Kolleezje fan Haskell, yn Lawrence, yn 'e steat Kansas.

As folwoeksene wie Small tige aktyf op it mêd fan 'e polityk fan 'e Krieë Stamme. Yn 1966, doe't se 42 jier wie, waard se as earste frou yn it bestjoer fan 'e stamme keazen, yn it amt fan fise-siktaris fan 'e Stammeried. Dy funksje oefene se út oant 1972. Neitiid wie se lid fan ferskate kommisjes fan 'e Stammeried. Small hie grutte belangstelling foar it ûnderwiis, en tsjinne acht jier lang as foarsitter fan 'e ûnderwiisried fan har berteplak Lodge Grass. Fierders wie se lange tiid lid fan 'e Underwiiskommisje fan 'e Krieë Stamme, en fan 1996 oant 2000 hie se sit yn 'e 107e Kommisje fan 'e Krieë Stammeried.

Priveelibben en ferstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Small wie troud mei Ivan James Small sr., in lid fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme. Hja wennen lang te Busby, yn it oan it Krieë Reservaat grinzgjende Noardlike Sjajinne Yndianereservaat. Mei har man hie Small ferskate bern. Uteinlik ferhuze it gesin nei de Packs-the-Hat-in-the-Rotten-Grass-krite fan it Krieë Reservaat. Small wie tritich jier lang aktyf as stiper fan Yndiaanske rodeo's. Hja kaam yn 2005 te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 80 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.