Kriger

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
19e iuwsk Abessynsk kriger

In kriger, of kriichster as it om in frou giet, is immen dy't him (of har) taleit op oarlochfiering yn it ramt fan in tribale maatskippij of kultuer. It ferskil tusken in kriger en in soldaat (of militêr) is dat oarlochfiering foar in soldaat in berop is, wylst it foar in kriger in ropping of needsaak neamd wurde kin. De oantsjutting kriger wurdt yn 'e regel inkeld brûkt oangeande net-Westerske maatskippijen dêr't gjin beropsleger bestiet. Faak komme dêr lykwols wol ien of mear krigersgenoatskippen of in krigersklasse of in krigerskaste foar.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.