Soldaat

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In soldaat (fan it Frânske soldat) wie oarspronklik in kriichsman dy't tsjinne yn ruil foar útbetelling fan soldij, yn tsjinstelling ta hearrigen dy't as kriichsman tsjinnen omreden fan lienplicht of hearfeart, of krigers, dy't har taleine op oarlochfiering yn it ramt fan in tribale maatskippij of kultuer. Tsjintwurdich is in soldaat in militêre rang (yn Nederlân sprekt men by sokke lege rangen yn it militêre jargon fan stannen). In legere rang as soldaat is der net; de boppelizzende rang is dy fan korporaal.

Soldaten komme foar by de lânmacht en de loftmacht. De ekwivalinte stannen by de marine, de mariniers en de maresjesee binne matroas, marinier, resp. maresjesee. Mei-inoar wurde dy saneamde ûngraduëarre stannen ek manskippen neamd. Sy fersoargje alle legere útfierende taken en binne ynsetber foar ûnderskate tsjinsten binnen de ienheid fan it kriichsmachtsûnderdiel dêr't se ta hearre.

Gradaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Nederlânske leger is de stân fan soldaat sûnt 2002 ûnderferdield yn trije klassen:

ekwivalint mei: matroas 3e klasse by de marine, marinier 3e klasse by de mariniers en maresjesee 4e klasse by de maresjesee
ekwivalint mei: matroas 2e klasse by de marine, marinier 2e klasse by de mariniers en maresjesee 3e klasse by de maresjesee
  • soldaat 1e klasse: hat in automatyske befoardering krigen 1 jier nei ôfrûning fan 'e IFO
ekwivalint mei: matroas 1e klasse by de marine, marinier 1e klasse by de mariniers en maresjesee 3e klasse by de maresjesee

Skematysk oersjoch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oersjoch fan 'e ûnderskate manskipstannen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
soldaat 1e klasse of marinier 1e klasse1 matroas 1e klasse soldaat 1e klasse
soldaat 2e klasse
of marinier 2e klasse1
matroas 2e klasse soldaat 2e klasse
soldaat 3e klasse
of marinier 3e klasse1
matroas 3e klasse soldaat 3e klasse

1) by de mariniers

Oansprektitel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oansprektitel fan in soldaat is yn 'e measte gefallen "soldaat", mar in soldaat yn oplieding wurdt "rekrút" of "kursist" neamd. Fierders hawwe guon wapens en tsjinstfakken in eigen oansprektitel:

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OR-2
Nl-landmacht-soldaat der 1e klasse.svg soldaat 1e klasse
soldaat
(by de artillery: kanonnier;
by de kavalery: huzaar)
Nl-marine-vloot-matroos der 1e klasse.svg matroas 1e klasse
matroas
(by it Korps Mariniers: marinier 1e klasse, marinier)
Nl-luchtmacht-soldaat der 1e klasse.svg soldaat 1e klasse
soldaat
Nl-marechaussee-marechaussee der 3e klasse.svg maresjesee 3e klasse
maresjesee
Nl-landmacht-soldaat der 2e klasse.svg soldaat 2e klasse
soldaat
(by de artillery: kanonnier;
by de kavalery: huzaar)
Nl-marine-vloot-matroos der 2e klasse.svg matroas 2e klasse
matroas
(by it Korps Mariniers: marinier 2e klasse, marinier)
Nl-luchtmacht-soldaat der 2e klasse.svg soldaat 2e klasse
soldaat
NATO rang OR-1
Nl-landmacht-soldaat-der-3e-klasse.svg soldaat 3e klasse
soldaat
(by de artillery: kanonnier;
by de kavalery: huzaar)
Nl-marine-vloot-matroos.svg matroas 3e klasse
matroas
(by it Korps Mariniers: marinier 3e klasse, marinier)
Nl-luchtmacht-soldaat der 3e klasse.svg soldaat 3e klasse
soldaat
Nl-marechaussee-marechaussee der 4e klasse.svg maresjesee 4e klasse
maresjesee

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.