Jargon

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In jargon (út it Frânsk, oarspronklik fan it Latynske gaggire, "wartaal útslaan") is in samling technyske termen en útdrukkings dy't brûkt wurdt troch in groep spesjalisten, mar dy't net bekend is of net (folslein) begrepen wurdt troch de taalmienskip as gehiel. Elts ûnderwerp hat syn eigen jargon, mar men komt soks it measte tsjin by beropsgroepen, en dêrom wurdt gauris fan faktaal sprutsen. It begryp 'jargon' is lykwols breder as 'faktaal'. It brûken fan in jargon kin bydrage ta fluggens fan kommunikaasje, en sekuerens fan it oerdragen fan gedachten mank dejingen dy't ta in groep spesjalisten op in beskaat mêd hearre. It kin lykwols swierrichheden feroarsaakje as de leden fan sa'n groep harren jargon of termen út harren jargon sûnder der by nei te tinken of oermjittich brûke yn sitewaasjes dêr't se mei bûtensteanders te krijen hawwe. Fral op it mêd fan genêskunde, it rjocht en de amtnerij kin soks by bûtensteanders ta frustraasje en argewaasje liede.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 174.