Berop

Ut Wikipedy

In berop is in gearhingjend gehiel fan arbeidstaken, foar de útfiering wêrfan't ferlet is fan in beskate fakkennis. In berop kin fuortbestean los fan 'e yndividuële beoefener en is dêrmei foar de maatskippij as sadanich werom te kennen. Oer it algemien kin in berop fierders omskreaun wurde as in type beuzichheid dy't men útoefenet om jins ynkommen te fertsjinjen, sadat men jinsels ûnderhâlde kin. In haadberop is de foarnaamste beropsaktiviteit fan in persoan, en dêrmei teffens syn of har breawinning. In haadberop wurdt yn 'e regel foltiids útoefene. Dêrnjonken hawwe guon minsken noch in byberop of njonkenberop, dat as byfertsjinst yn dieltiid útoefene wurdt los fan 'e haadaktiviteit. Ek studinten, dy't gjin haadberop hawwe, beskikke faak wol oer ien of mear bybaantsjes om harsels mei te ûnderhâlden.

Der bestiet in ûnderskie tusken de begripen arbeid en berop. Men kin in berop hawwe sûnder arbeid te ferrjochtsjen (bgl. as men siik of mei pinsjoen is), en oarsom kin men ek arbeidzje sûnder in berop te hawwen (húsfrou is bgl. gjin berop, mar men kin net sizze dat húsfroulju gjin arbeid ferrjochtsje). It ferskil tusken in berop en in funksje is dat in berop maatskiplik bepaald wurdt, wylst in funksje bepaald wurdt troch de organisaasje wêrby't men wurket. Om in foarbyld te jaan: strjitmakker is in berop, mar foarman fan ploech strjitmakkers is in funksje fan ien dy't noch hieltyd as berop strjitmakker hat. Beroppen kinne yn ferskate kategoryen opdield wurde. De wichtichste opdieling is dy yn 'e kategoryen ûndernimmer (lju dy't in eigen bedriuw hawwe), wurknimmer (lju dy't by it bedriuw fan in oar yn 'e tsjinst binne) en amtner (lju dy't by de oerheid yn 'e tsjinst binne).

In berop kriget men yn 'e regel troch it folgjen fan in oplieding ta in beskaat berop. Jins berop hat grutte ynfloed op 'e posysje dy't men hat yn 'e bredere sosjale struktuer. It winnen fan in ynkommen is net de iennichste reden om in berop út te oefenjen; soks kin ek persoanlike foldwaning jaan, bgl. om't it in nuttige bydrage oan 'e maatskippij is, om't men jins persoanlike talinten derfoar brûke kin, of om't it oangeande berop jin maatskiplike status jout. Dêrby moat wol oantekene wurde dat lju dy't in protte lok hawwe, fan har hobby har berop meitsje kinne, mar dat de grutte mearderheid fan 'e minsken syn berop net foar syn plezier útoefenet.

Men kin stelle dat beroppen al like lang besteane as de minskheid sels. Jager is nei alle gedachten it âldste berop dat der bestiet. Oare tige âlde beroppen binne fisker, lânbouwer, feehâlder en prostituee. Nei de stifting fan 'e earste stêden kamen dêr al gau de keaplju by en ek de ambachtslju, lykas bakkers, slachters, smidden, timmerlju, fervers, skroarren en skuonmakkers. Under de Midsiuwen waarden de beoefeners fan sokke ambachten feriene yn saneamde gilden. Dat wiene de earste beropsorganisaasjes, dy't foar de belangen fan har leden opkamen. Fan 'e ein fan 'e achttjinde iuw ôf joech de Yndustriële Revolúsje oanlieding ta in gruttere arbeidsspesifikaasje, dy't late ta in almar oanwaaksend tal nije beroppen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.