Undernimmer

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Ûndernimmer")
Gean nei: navigaasje, sykje

In ûndernimmer, sakeman (of sakefrou) of entrepeneur is immen dy't him ta doel stelt om himsels in ynkommen te ferskaffen troch mei in beskate kombinaasje fan arbeid, kapitaal en kennis in bedriuw te lieden of yn stân te hâlden. De ûndernimmer jout net yn alle gefallen ek sels lieding oan syn ûndernimming.

Undernimmer te wêzen, betsjut inisjatyf nimme en merkkânsen oangripe. In ûndernimming kin sawol in doel as in middel wêze. Guon lju wurde ûndernimmer om jild te fertsjinjen, mar soene likeleaf earne yn leantsjinst gean as se dêr mear mei fertsjinje koene. Foar oaren is it ûndernimmerskip in diel fan harren identiteit. In faak neamd foardiel fan it ûndernimmersbestean is dat men by sok wurk net ôfhinklik is fan oaren.

Hoewol't men by it wurd 'ûndernimmer' gauris oan sakelju yn trijedielich pak mei in attasjeekofferke tinkt, kinne feitliks ek in protte hûsdokters, toskedokters, apotekers, lytse winkellju, keunstners, artysten en boeren foar ûndernimmer oanmurken wurde. Yn it deistich taalgebrûk wurde soms ek direkteurs dy't net sels eigner fan in bedriuw binne, oantsjut as ûndernimmer. Dat doocht eins net, want sokke lju leverje inkeld arbeid en stekke gjin eigen fermogen yn sa'n bedriuw, dat eins binne se gewoan wurknimmer (of it moast wêze dat se direkteur-grutoandielhâlder binne).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.