Arbeid (ekonomy)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Arbeid is, neffens de definysje fan 'e foaroansteande sosjolooch Albert Mok, it útfieren fan ferrjochtings dy't nut hawwe foar dejinge dy't se docht, foar syn of har om-en-by en/of foar de maatskippij as gehiel. In oare, mear beheinde definysje, dy't ek gauris oanholden wurdt, stelt as betingst foar it rekkenjen ta arbeid, dat men foar jins ferrjochtings betelle wurdt. Unbetelle arbeid, lykas frijwilligerswurk, wurdt dan dus net as arbeid sjoen. Yn rommere sin kin lykwols ûnderskie makke wurde tusken betelle en ûnbetelle arbeid en tusken formele en ynformele arbeid. Ynformele arbeid wurdt net registrearre troch oerheidsynstânsjes en der wurdt gjin belesting oer ôfdroegen. Men kin dan tinke oan it wurk fan in húsfrou, mar ek swart wurk falt ûnder dy omskriuwing.

Troch de monetarisearring fan 'e Midsiuwske ekonomy waard doe njonken selsstannige beropsarbeid ek yn tanimmende mjitte leanarbeid mooglik. Fral de yndustrialisearring hat yn neifolgjende iuwen op dat stik gâns bydroegen. Dy brocht net inkeld feroarings yn it produksjeproses troch meganisearring, mar ek yn 'e produksje-organisaasje, lykas de ynfiering fan it fabrykssysteem. Op dy manear ûntstie lang om let it moderne arbeidbestel.

Yn 'e ekonomyske wittenskip is arbeid ien fan 'e produksjefaktoaren. Alle produksje is fan 'e ierste tiden ôf ferbûn mei minsklike arbeid. Sadwaande wurdt arbeid in oarspronklike produksjefaktor neamd, krekt as lân, mar yn tsjinstelling ta kaptaal, dat in ôflate produksjefaktor is. Dat komt om't der bygelyks yn 'e prehistoarje wol arbeid en lân bestie, mar noch gjin jild. Arbeid omfettet sawol op lichaamlike as geastlike warberens, rjochte op it fuortbringen fan guod. It is de mienskiplike faktor fan alle foarmen fan produksje. Troch arbeid kin lean wûn wurde, in foarm fan ynkommen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.