Noardlike Sjajinne Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Noardlike Sjajinne Yndianereservaat
Northern Cheyenne Indian Reservation
It haadkertier fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme yn Lame Deer.
It haadkertier fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme yn
Lame Deer.
polityk
haadplak Lame Deer (Montana)
stamme Noardlike Sjajinne Stamme
lân Feriene Steaten
steat Montana
sifers
ynwenners 6.800 (2013)
oerflak 1.831,1 km²
bef.tichth. 3,7 / km²
oar
stifting 1884
tiidsône UTC-7
simmertiid UTC-6
kaart
It haadkertier fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme yn Lame Deer.
Yndianereservaten yn 'e steat Montana. It Noardlike Sjajinne Reservaat is werjûn yn read. (Yn 'e sirkel, yn Noard-Dakota, it byhearrende bûtenreservaatsk trustgebiet.)

It Noardlike Sjajinne Yndianereservaat (Ingelsk: Northern Cheyenne Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Noardlike Sjajinne Stamme (Northern Cheyenne Tribe) yn it súdeastlike diel fan 'e Amerikaanske steat Montana, yn 'e countys Big Horn en Rosebud. Yn it easten swettet it oan 'e rivier de Tongue, wylst it yn it westen grinzget oan it Krieë Yndianereservaat. Der binne fierders lytse lapkes bûtenreservaatsk beheargebiet yn Meade County, yn Súd-Dakota, noardeastlik fan 'e stêd Sturgis, dy't oan it reservaat keppele binne. Dêrby giet it om beboske heuvelgebiet dat ta it Custer Nasjonaal Wâld heart. Yn 2013 hie it reservaat 6.800 ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Noardlike Sjajinnen (Northern Cheyenne) binne tradisjonele bûnsgenoaten fan 'e (Sioux), en fan 1864 oant 1879 wiene se oanhâldend yn oarloch mei de Amerikanen. Yn 1877 waarden se nei in reservaat yn it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma) ta deportearre, dêr't se har by harren sibben, de Súdlike Sjajinnen jaan moasten. De libbensomstannichheden wiene dêre lykwols poermin, der wie net genôch iten en der hearske malaria. Yn septimber 1878 die in grutte troep Noardlike Sjajinnen, ûnder lieding fan 'e opperhaden Stomp Mês en Lytse Wolf, in wraam op ûntsnapping nei it noarden, de saneamde Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen.

De groep fan Stomp Mês waard lykwols by Fort Robinson, yn Nebraska, besingele en finzen nommen. Doe't dúdlik waard dat se weromstjoerd wurde soene nei it Yndiaanske Territoarium, besochten se ûnder barre winterske omstannichheden yn jannewaris 1879 út te brekken, wêrby't de measten fan harren, fral froulju en bern, omkamen. Dat barren kaam bekend te stean as it Bloedbad fan Fort Robinson. Stomp Mês wist mei in stikmannich oaren te ûntkommen, en stoar fjouwer jier letter noch as frij man. De groep fan Lytse Wolf wist nei in lange tocht Montana te berikken, dêr't se úteinlings bliuwe mochten en har fêstigen yn 'e neite fan Fort Keogh (by it tsjintwurdige Miles City).

Oan it begjin fan 'e 1880-er jierren begûnen de Sjajinnen har bytsje by bytsje nei wenjen te setten yn 'e krite fan 'e rivier de Tongue, dy't it uterste noarden fan harren eardere wengebiet op 'e Grutte Flakten markearre. Op 16 novimber 1884 waard dêre yn opdracht fan 'e Amerikaanske presidint Chester A. Arthur it Tongue River Yndianereservaat (sa't it earst hiet) stifte, mei in oerflak fan 1.502 km². Yn 't earstoan rikte it reservaat net oan 'e iggen fan 'e Tongue ta, en sadwaande waarden de Sjajinnen dy't har dêr fêstige hiene, ûnderstipe troch de Katolike Missy fan St. Labre. Op 19 maart 1900 liet presidint William McKinley it reservaat lykwols fergrutsje, sadat fan dy tiid ôf de Tongue de eastgrins foarme. Dy Sjajinnen dy't har beëasten de Tongue nei wenjen set hiene, waarden doe ferhuze nei oare kant de rivier.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens offisjele gegevens fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme út 2013 wennen der doe likernôch 6.800 minsken yn it reservaat, wêrfan't sa'n 6.200 (of 91%) Yndianen wiene en rom 4.900 (of 72,8%) leden fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme. Behalven dy lêsten en sa'n 600 blanken wennen der ek 1.300 oare Yndianen yn it reservaat; dat wiene almeast Sjajinnen dy't net lid binne fan 'e stamme-organisaasje en fierders benammentlik Krieën (it Noardlike Sjajinne Reservaat grinzget yn it westen oan it gruttere Krieë Reservaat).

De wei U.S. 212 yn 'e rjochting fan Busby.

It haadplak fan it Noardlike Sjajinne Reservaat is Lame Deer. It reservaat hat in oerflak fan goed 1.800 km², wêrfan't de grutte mearderheid, 98%, yn Sjajinske hannen is (yn 'e measte reservaten yn 'e Feriene Steaten leit dat persintaazje ûnder de 50%).

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 5 wenkearnen yn it Noardlike Sjajinne Reservaat. Fierwei de grutste is Lame Deer, mei 2.000 ynwenners (92% Yndiaansk), dêr't it haadkertier fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme en in eigen universiteit, it Opperhaad Stomp Mês Kolleezje (Chief Dull Knife College) fêstige binne. Westliker leit Muddy, mei 600 ynwenners (94% Yndiaansk), en noch fierder westlik Busby, mei 700 ynwenners (90% Yndiaansk), dêr't de minnisten fan âlds in missy hiene, en dêr't de Busby White River Cheyenne Mennonite Church noch altyd stiet. Eastlik fan Lame Deer leit Ashland, mei 460 ynwenners (75% Yndiaansk), dêr't de roomske St. Labre-missy fêstige wie, en dêr't de measte lju sadwaande roomsk binne. Birney, ta ein beslút, dat oan 'e súdgrins fan it reservaat leit, hat 100 ynwenners (86% Yndiaansk). In diel fan it doarpke leit bûten it reservaat en wurdt sadwaande White Birney ("Blank Birney") neamd.

It Noardlike Sjajinne Reservaat omfettet fierders de grêven fan ferskate ferneamde opperhaden, it Sjajinske Yndianemuseum en in saneamde buffalo jump (in histoarysk plak dêr't de Flakte-Yndianen bizons bejagen troch se fan in klif te driuwen, sadat se tepletter foelen). Ek it plak dêr't generaal George Armstrong Custer syn lêste kamp opsloech foar't er sneuvele yn 'e Slach oan de Little Bighorn, leit yn it reservaat, al leit it eigentlik slachfjild goed 60 km mear nei it westen. Yn Ashland wurdt elts jier de powwow (folksgearkomste) fan 'e Noardlike Sjajinnen holden. In boppeproporsjoneel diel fan 'e Noardlike Sjajinnen (en de oare reservaatsbefolking) is wurksum as houtfêsters of brânwachten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.