List fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning

Ut Wikipedy

Yndianestammen mei federale erkenning binne lânseigen Yndiaanske stamme-organisaasjes yn 'e Feriene Steaten, dy't wetlike erkenning genietsje fan it Amerikaanske Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), dat ressortearret ûnder it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken. Yn maaie 2013 publisearre it Federaal Register fan 'e Feriene Steaten in offisjele list mei de nammen fan 'e 566 stammen dy't doe federale erkenning genoaten. Sûnt dy tiid binne der noch ferskaten by kommen.

Dizze erkenning is fan belang om't it Amerikaanske Kongres ûnder de Amerikaanske Grûnwet it rjocht hat om mei offisjeel erkende stammen om te gean, wat dy stammen beskate foardielen ferskaft (û.m. op it mêd fan belestings) en harren foar soevereine naasjes oanmerkt. Sokke soevereine naasjes binne semy-autonome regearings, dy't net bûn binne oan 'e wetten fan 'e Amerikaanske steaten binnen de grinzen wêrfan't sy har befine, mar wol oan 'e federale wetjouwing. It wetjaande tafersjoch oer harren wurdt úteinlik útoefene troch it Amerikaanske Kongres, wylst de útfierende macht yn dizzen foarme wurdt troch it Buro fan Yndiaanske Saken. It aard en de legitimiteit fan 'e relaasjes tusken dy ynstânsjes en de federaal erkende stammen wurdt troch de Yndianen noch altiten bekreaud.

In federaal erkende "stamme" is net wat men bûten de Feriene Steaten, dêr't it begryp stamme ornaris lykslein wurdt mei in etnyske groep, ferwachtsje soe. Yn 'e Feriene Steaten kin in stamme lykwols ferskate etnyske groepen omfetsje, lykas de Colville Konfederearre Stammen, dy't út tolve etnyske groepen besteane. Likegoed is it mooglik dat ien etnyske groep fertsjintwurdige wurdt troch mear as ien federaal erkende stamme, lykas by de Sjajinnen (2), de Ponka (2), de Sjeroky (3), de Lakota (6) of de Kûmejaai (13).

Om federale erkenning te winnen, moat in stamme foldwaan oan sân betingsten fan it BIA, dy't yn 1978 har definitive foarm krigen hawwe. Fjouwer dêrfan binne yn 'e regel problematysk foar stammen dy't federale erkenning besykje te krijen: dat it in tradisjonele groep mei histoaryske woartels is; dat it fan âlds troch de bûtenwrâld identifisearre is as in Yndiaanske entiteit; dat it polityk gesach útoefenet oer syn leden; en dat it fuortkomt út in histoaryske stamme. Organisaasjes dy't federale erkenning oanfreegje, moatte detaillearre petysjes yntsjinje by it BIA, en der geane faak jierren oerhinne foar't der in definitive útspraak dien wurdt (tweintich of sels tritich jier is gjin útsûndering, al duorret it yn trochsneed in jier as fyftjin). Om in foarbyld te jaan, de Sjinnekok Yndianenaasje tsjinne yn 1978 foar it earst in petysje yn, en wist einlings yn te'n lêsten federale erkenning te bemachtigjen yn 2010, 32 jier letter. De measte oanfragen wurde trouwens úteinlik ôfwiisd. In protte (mar lang net alle) ôfsûnderlike Amerikaanske steaten biede Yndiaanske stammen in legere foarm fan erkenning, dy't oer it algemien makliker te besetten is, mar dêr't folle minder foardielen en rjochten oan ferbûn binne (sjoch: List fan Amerikaanske Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo).

Alabama[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Poarch Troep fan Kriik Yndianen

Alaska[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. it Lânseigen Doarp Afognak (foarhinne it Doarp Afognak)
  2. de Agdaagux Stamme fan King Cove
  3. it Lânseigen Doarp Akhiok
  4. de Lânseigen Mienskip fan Akiachak
  5. de Lânseigen Mienskip fan Akiak
  6. it Lânseigen Doarp Akutan
  7. it Doarp Alakanuk
  8. it Alatna Doarp
  9. it Lânseigen Doarp Aleknagik
  10. it Algaaciq Lânseigen Doarp (foarhinne it Lânseigen Doarp St. Mary's)
  11. it Allakaket Doarp
  12. it Lânseigen Doarp Ambler
  13. it Doarp Anaktuvuk Pass
  14. de Jûpiit fan Andreafski
  15. de Mienskipsferiening fan Angoon
  16. it Doarp Aniak
  17. it Anvik Doarp
  18. de Asa'carsarmiut Stamme (foarhinne it Lânseigen Doarp Mountain Village)
  19. it Lânseigen Doarp Atka
  20. it Doarp Atmautluak
  21. it Atqasuk Doarp (foarhinne stavere as "Atkasook")
  22. it Tradisjoneel Inûpiat Regear fan it Lânseigen Doarp Barrow
  23. it Beaver Doarp
  24. it Lânseigen Doarp Belkofski
  25. it Doarp Bill Moore's Slough
  26. de Stamme fan Birch Creek
  27. it Lânseigen Doarp Brevig Mission
  28. it Lânseigen Doarp Buckland
  29. it Lânseigen Doarp Cantwell
  30. it Chalkyitsik Doarp
  31. it Lânseigen Doarp Chanega (ek wol stavere as "Chenega")
  32. de Cheesh-Na Stamme (foarhinne it Lânseigen Doarp Chistochina)
  33. it Doarp Chefornak
  34. it Chevak Lânseigen Doarp
  35. it Chickaloon Lânseigen Doarp
  36. de Lânseigen Ried fan Chignik Bay (foarhinne it Lânseigen Doarp Chignik)
  37. it Lânseigen Doarp Chignik Lagoon
  38. it Chignik Lake Doarp
  39. it Chilkat Yndiaanske Doarp
  40. de Chilkoot Yndiaanske Feriening
  41. de Chinik Eskimomienskip
  42. it Lânseigen Doarp Chitina
  43. it Lânseigen Doarp Chuathbaluk
  44. it Chuloonawick Lânseigen Doarp
  45. de Lânseigen Mienskip fan Circle
  46. it Doarp Clarks Point
  47. it Lânseigen Doarp Council
  48. de Mienskipsferiening fan Craig
  49. it Doarp Crooked Creek
  50. de Stammeried fan Curyung (foarhinne it Lânseigen Doarp Dillingham)
  51. it Lânseigen Doarp Deering
  52. it Lânseigen Doarp Diomede (ek wol bekend as it Lânseigen Doarp Inalik)
  53. it Doarp Dot Lake
  54. de Yndiaanske Feriening fan Douglas
  55. it Lânseigen Doarp Eagle
  56. it Lânseigen Doarp Eek
  57. it Egegik Doarp
  58. it Lânseigen Doarp Eyak
  59. it Eklutna Lânseigen Doarp
  60. it Lânseigen Doarp Ekuk
  61. it Ekwok Doarp
  62. it Lânseigen Doarp Elim
  63. it Emmonak Doarp
  64. it Evansville Doarp (ek wol bekend as it Bettles Field Doarp)
  65. it Lânseigen Doarp False Pass
  66. it Lânseigen Doarp Fort Yukon
  67. it Lânseigen Doarp Gakona
  68. it Galena Doarp (foarhinne it Louden Doarp)
  69. it Lânseigen Doarp Gambell
  70. it Lânseigen Doarp Georgetown
  71. it Lânseigen Doarp Goodnews Bay
  72. it Organisearre Doarp Grayling (ek wol bekend as it Organisearre Doarp Holikachuk)
  73. it Gulkana Doarp
  74. it Lânseigen Doarp Hamilton
  75. it Healy Lake Doarp
  76. de Koöperative Feriening fan Hydaburg
  77. it Holy Cross Doarp
  78. de Yndiaanske Feriening fan Hoonah
  79. it Lânseigen Doarp Hooper Bay
  80. it Hughes Doarp
  81. it Huslia Doarp
  82. de Yakutat Tlingit Stamme
  83. it Igiugig Doarp
  84. it Doarp Iliamna
  85. de Inûpiat Mienskip fan 'e Arktyske Skeante
  86. de Tradisjonele Ried fan Iqurmuit (foarhinne it Lânseigen Doarp Russian Mission)
  87. it Ivanoff Bay Doarp
  88. it Kaguyak Doarp
  89. it Organisearre Doarp Kake
  90. it Kaktovik Doarp (ek wol bekend as it Barter Island Doarp)
  91. it Doarp Kalskag
  92. it Doarp Kaltag
  93. it Lânseigen Doarp Kanatak
  94. it Lânseigen Doarp Karluk
  95. it Organisearre Doarp Kasaan
  96. de Tradisjonele Ried fan Aldsten fan Kaskigluk (foarhinne it Lânseigen Doarp Kaskigluk)
  97. de Kenaitze Yndianestamme
  98. de Yndiaanske Korporaasje fan Ketchikan
  99. it Lânseigen Doarp Kiana
  100. de King Island Lânseigen Mienskip
  101. de King Salmon Stamme
  102. it Lânseigen Doarp Kipnuk
  103. it Lânseigen Doarp Kivalina
  104. de Koöperative Feriening fan Klawock
  105. it Lânseigen Doarp Kluti Kaah (foarhinne it Lânseigen Doarp Copper Center)
  106. de Knik Stamme
  107. it Lânseigen Doarp Kobuk
  108. it Lânseigen Doarp Koyuk
  109. it Koyukuk Lânseigen Doarp
  110. it Kokhanok Doarp
  111. it Lânseigen Doarp Kongiganak
  112. it Doarp Kotlik
  113. it Lânseigen Doarp Kotzebue
  114. it Organisearre Doarp Kwethluk
  115. it Lânseigen Doarp Kwigillingok
  116. it Lânseigen Doarp Kwinhagak (ek wol stavere as "Quinhagak")
  117. it Lânseigen Doarp Larsen Bay
  118. it Levelock Doarp
  119. it Lesnoi Doarp (ek wol bekend as it Woody Island Doarp)
  120. it Lime Doarp
  121. it Doarp Lower Kalskag
  122. it Manley Hot Springs Doarp
  123. it Manokotak Doarp
  124. it Lânseigen Doarp Marshall (ek wol bekend as it Lânseigen Doarp Fortuna Ledge)
  125. it Lânseigen Doarp Mary's Igloo
  126. it McGrath Lânseigen Doarp
  127. it Lânseigen Doarp Mekoryuk
  128. de Tradisjonele Ried fan Mentasta
  129. de Metlakatla Yndiaanske Mienskip fan it Annette Island Reservaat
  130. it Lânseigen Doarp Minto
  131. it Naknek Lânseigen Doarp
  132. it Lânseigen Doarp Nanwalek (foarhinne it Lânseigen Doarp English Bay)
  133. it Lânseigen Doarp Napaimute
  134. it Lânseigen Doarp Napakiak
  135. it Lânseigen Doarp Napaskiak
  136. it Lânseigen Doarp Nelson Lagoon
  137. de Nenana Lânseigen Feriening
  138. de Doarpsried fan New Koliganek (foarhinne it Koliganek Doarp)
  139. it New Stuyahok Doarp
  140. it Newhalen Doarp
  141. it Newtok Doarp
  142. it Lânseigen Doarp Nightmute
  143. it Nikolai Doarp
  144. it Lânseigen Doarp Nikolski
  145. it Ninilchik Doarp
  146. it Lânseigen Doarp Noatak
  147. de Eskimomienskip fan Nome
  148. it Nondalton Doarp
  149. de Noorvik Lânseigen Mienskip
  150. it Northway Doarp
  151. it Lânseigen Doarp Nuiqsut (ek wol stavere as "Nooiksut")
  152. it Nulato Doarp
  153. de Nunakauyarmiut Stamme (foarhinne it Lânseigen Doarp Toksook Bay)
  154. it Lânseigen Doarp Nunam Iqua (foarhinne it Lânseigen Doarp Sheldon's Point)
  155. it Lânseigen Doarp Nunapitchuk
  156. it Doarp Ohogamiut
  157. it Doarp Old Harbor
  158. it Orutsararmuit Lânseigen Doarp (foarhinne it Bethel Lânseigen Doarp)
  159. it Oscarville Tradisjonele Doarp
  160. it Lânseigen Doarp Ouzinkie
  161. it Lânseigen Doarp Paimiut
  162. it Pauloff Harbor Doarp
  163. it Pedro Bay Doarp
  164. it Lânseigen Doarp Perryville
  165. de Yndiaanske Feriening fan Petersburg
  166. it Lânseigen Doarp Pilot Point
  167. it Pilot Station Tradisjonele Doarp
  168. it Lânseigen Doarp Pitka's Point
  169. it Platinum Tradisjonele Doarp
  170. it Lânseigen Doarp Point Hope
  171. it Lânseigen Doarp Point Lay
  172. it Lânseigen Doarp Port Graham
  173. it Lânseigen Doarp Port Heiden
  174. it Lânseigen Doarp Port Lions
  175. it Portage Creek Doarp (ek wol bekend as it Ohgsenakale Doarp)
  176. de Aleoetyske Mienskippen fan de Pribilofeilannen fan Sint-Paul en Sint-George
  177. de Qagan Tayagungin Stamme fan it Sand Point Doarp
  178. de Qawalangin Stamme fan Unalaska
  179. it Rampart Doarp
  180. it Doarp Red Devil
  181. it Lânseigen Doarp Ruby
  182. it Lânseigen Doarp Saint Michael
  183. it Doarp Salamatoff
  184. it Lânseigen Doarp Savoonga
  185. it Organisearre Doarp Saxman
  186. it Lânseigen Doarp Scammon Bay
  187. it Lânseigen Doarp Selawik
  188. de Seldovia Doarpsstamme
  189. it Shageluk Lânseigen Doarp
  190. it Lânseigen Doarp Shaktoolik
  191. it Lânseigen Doarp Shishmaref
  192. it Lânseigen Doarp Shungnak
  193. de Sitka Stamme fan Alaska
  194. it Skagway Doarp
  195. it Doarp Sleetmute
  196. it Doarp Solomon
  197. it South Naknek Doarp
  198. de Stebbins Mienskipsferiening
  199. it Lânseigen Doarp Stevens
  200. it Doarp Stony River
  201. de Sun'aq Stamme fan Kodiak (foarhinne de Shoonaq Stamme fan Kodiak)
  202. it Takotna Doarp
  203. it Lânseigen Doarp Tanacross
  204. it Lânseigen Doarp Tanana
  205. it Lânseigen Doarp Tatitlek
  206. it Lânseigen Doarp Tazlina
  207. it Telida Doarp
  208. it Lânseigen Doarp Teller
  209. it Lânseigen Doarp Tetlin
  210. it Lânseigen Doarp Tyonek
  211. de Sintrale Ried fan de Tlingit en Haida Yndianestammen fan Alaska
  212. it Tradisjonele Doarp Togiak
  213. de Tuluksak Lânseigen Mienskip
  214. it Lânseigen Doarp Tuntutuliak
  215. it Lânseigen Doarp Tununak
  216. it Twin Hills Doarp
  217. it Ugashik Doarp
  218. it Umkumiute Lânseigen Doarp
  219. it Lânseigen Doarp Unalakleet
  220. it Lânseigen Doarp Unga
  221. it Tribale Regear fan it Lânseigen Doarp Venetie (ynkl. Arctic Village en it Doarp Venetie)
  222. it Doarp Wainwright
  223. it Lânseigen Doarp Wales
  224. it Lânseigen Doarp White Mountain
  225. de Koöperative Feriening fan Wrangell

Arizona[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Ak-Chin Yndianemienskip
  2. de Yndianestamme fan Fort Mojave (ek yn Kalifornje en Nevada)
  3. de Yndianemienskip fan Gila River
  4. de Havasûpai Stamme
  5. de Hopy Naasje
  6. de Javapai Naasje fan Fort McDowell
  7. de Javapai-Apache Naasje
  8. de Javapai-Prescott Stamme
  9. de Kaibab Troep fan Pajût Yndianen
  10. de Kokopa Stamme fan Arizona
  11. de Yndianestammen fan de Koloradorivier (ek yn Kalifornje)
  12. de Kwetsan Yndianen fan Fort Yuma (ek yn Kalifornje)
  13. de Navaho Naasje (ek yn Nij-Meksiko en Utah)
  14. de Pasqua Jaky Stamme fan Arizona
  15. de Pima-Marikopa Yndianemienskip fan Salt River
  16. de San Carlos Apache Stamme
  17. de San Juan Súdlike Pajût Stamme
  18. de Papago Naasje
  19. de Tonto Apache Stamme
  20. de Walapai Stamme
  21. de White Mountain Apache Stamme

Arkansas[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Delaware[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Fermont[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Firginia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Pamunky Yndianestamme (sûnt 2015)

Floarida[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Mikosûky Stamme fan Yndianen fan Floarida
  2. de Seminoalske Stamme fan Floarida

Georgia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Hawaï[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Idaho[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Keur d'Alêne Stamme
  2. de Kûtenai Stamme fan Idaho
  3. de Nez Persé Stamme fan Idaho
  4. de Sjosjoanske en Bannock Stammen fan it Fort Hall Reservaat fan Idaho
  5. de Sjosjoanske en Pajût Stammen fan it Duck Valley Reservaat (ek yn Nevada)

Illinois[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Indiana[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Pokagon Troep fan Potawatomy Yndianen (ek yn Michigan)

Iowa[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Omaha Stamme fan Nebraska en Iowa (ek yn Nebraska)
  2. de Sôk en Foks Stamme fan de Mississippy yn Iowa

Kalifornje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Agua Caliente Troep fan Kawylla Yndianen
  2. de Alturas Yndiane-Rancheria fan Pitrivierske Yndianen fan Kalifornje
  3. de Feriene Auburn Yndianemienskip
  4. de Augustine Troep fan Kawylla Yndianen
  5. de Bear River Troep fan de Rohnerville Rancheria
  6. de Big Lagoon Rancheria
  7. de Big Pine Troep fan Owensdelling Pajût en Sjosjoanske Yndianen
  8. de Big Sandy Rancheria fan Mono Yndianen fan Kalifornje
  9. de Big Valley Rancheria fan Pomo en Pitrivierske Yndianen fan Kalifornje
  10. de Blue Lake Rancheria
  11. de Bridgeport Pajût Yndianekoloanje fan Kalifornje
  12. de Buena Vista Rancheria fan Me-Wûk Yndianen fan Kalifornje
  13. de Cabazon Troep fan Missy-Yndianen
  14. de Cachil DeHe Troep fan Wintûn Yndianen fan de Colusa Yndianekoloanje fan de Colusa Rancheria
  15. de California Valley Miwok Stamme
  16. de Campo Troep fan Kûmejaai Yndianen
  17. de Capitan Grande Troep fan Djegûenjo Missy-Yndianen (sawol de haadstamme as de beide substammen genietsje federale erkenning)
    1. de Barona Troep fan Missy-Yndianen
    2. de Viejas Troep fan Kûmejaai Yndianen
  18. de Cedarville Rancheria fan Noardlike Pajût Yndianen fan Kalifornje
  19. de Cher-ae Heights Yndianemienskip fan de Trinidad Rancheria
  20. de Chicken Ranch Rancheria fan Me-Wûk Yndianen fan Kalifornje
  21. de Cloverdale Rancheria fan Pomo Yndianen fan Kalifornje
  22. de Coyote Valley Stamme
  23. de Cold Springs Rancheria fan Mono Yndianen fan Kalifornje
  24. de Cortina Yndianerancheria
  25. de Dry Creek Rancheria Troep fan Pomo Yndianen
  26. de Elem Pomo Stamme
  27. de Elk Valley Rancheria
  28. de Enterprise Rancheria
  29. de Ewiiaapaayp Troep fan Kûmejaai Yndianen
  30. de Fort Bidwell Yndianemienskip fan Pajût Yndianen
  31. de Fort Independence Yndianemienskip fan Pajût Yndianen
  32. de Yndianestamme fan Fort Mojave (ek yn Arizona en Nevada)
  33. de Federearre Yndianen fan de Graton Rancheria
  34. de Greenville Rancheria fan Maidû Yndianen fan Kalifornje
  35. de Grindstone Yndianerancheria fan Wintûn en Wailaky Yndianen fan Kalifornje
  36. de Guidiville Yndianerancheria
  37. de Habematolel Pomo fan Upper Lake
  38. de Hoopa Valley Stamme
  39. de Hopland Troep fan Pomo Yndianen
  40. de Inaja-Cosmit Troep fan Yndianen
  41. de Ione Troep fan Miwok Yndianen
  42. de Jackson Rancheria fan Me-Wûk Yndianen fan Kalifornje
  43. it Jamul Yndianedoarp
  44. de Joerok Stamme
  45. de Karûk Stamme fan Kalifornje
  46. de Kashia Troep fan Pomo Yndianen fan de Stewart's Point Rancheria
  47. de Kato Yndianestamme fan de Laytonville Rancheria
  48. de Kawylla Troep fan Missy-Yndianen
  49. de Yndianestammen fan de Koloradorivier (ek yn Arizona)
  50. de Yndiaanske Kustmienskip fan Joerok Yndianen fan de Resighini Rancheria
  51. de Kwetsjan Yndianen fan Fort Yuma (ek yn Arizona)
  52. de La Jolla Troep fan Luoisenjo Yndianen
  53. de La Posta Troep fan Missy-Yndianen
  54. de Lytton Troep fan Pomo Yndianen
  55. de Los Coyotes Troep fan Kawylla en Kûpenjo Missy-Yndianen
  56. de Lower Lake Rancheria Koi Naasje
  57. de Manchester Troep fan Pomo Yndianen fan de Manchester-Point Arena Rancheria
  58. de Manzanita Troep fan de Kûmejaai Naasje
  59. de Mechoopda Yndianestamme fan de Chico Rancheria
  60. de Mesa Grande Troep fan Missy-Yndianen
  61. de Middletown Rancheria fan Pomo Yndianen fan Kalifornje
  62. de Mooretown Rancheria fan Maidû Yndianen fan Kalifornje
  63. de Morongo Troep fan Kawylla Missy-Yndianen
  64. de North Fork Mono Rancheria
  65. de Pajût-Sjosjoanske Yndianen fan de Lone Pine Mienskip fan Kalifornje
  66. de Pajût-Sjosjoanske Yndianen fan de Bishop Mienskip fan Kalifornje
  67. de Pala Troep fan Kûpenjo Yndianen
  68. de Paskenta Troep fan Nomlaky Yndianen
  69. de Pauma/Yuima Troep fan Luoisenjo Yndianen
  70. de Pechenga Troep fan Luoisenjo Missy-Yndianen
  71. de Picayune Rancheria fan Chukchansi Yndianen fan Kalifornje
  72. de Pinoleville Rancheria fan Pomo Yndianen fan Kalifornje
  73. de Pitrivierske Stamme fan Kalifornje
  74. de Potter Valley Stamme
  75. de Quartz Valley Yndianemienskip
  76. de Ramona Troep fan Kawylla Missy-Yndianen
  77. de Redding Rancheria
  78. de Redwood Valley Little River Troep fan Pomo Yndianen
  79. de Rincon Troep fan Luoisenjo Yndianen
  80. de Robinson Rancheria fan Pomo Yndianen fan Kalifornje
  81. de Round Valley Yndianestammen
  82. de Rumsey Troep fan Wintûn Yndianen
  83. de San Manuel Troep fan Missy-Yndianen
  84. de San Pasqual Troep fan Missy-Yndianen
  85. de Santa Ynez Troep fan Tsjûmas Yndianen
  86. de Santa Ysabel Troep fan Djegûenjo Yndianen
  87. de Santa Rosa Troep fan Kawylla Yndianen
  88. de Scotts Valley Troep fan Pomo Yndianen
  89. de Sherwood Valley Rancheria fan Pomo Yndianen fan Kalifornje
  90. de Shingle Springs Troep fan Maidû Yndianen
  91. de Sycuan Troep fan de Kûmejaai Naasje
  92. de Smith River Rancheria
  93. de Soboba Troep fan Luoisenjo Yndianen
  94. de Susanville Yndianerancheria fan Pajût, Maidû, Pitrivier en Wasjo Yndianen fan Kalifornje
  95. de Table Mountain Rancheria
  96. de Tachi Jokût Stamme (ek wol bekend as de Santa Rosa Rancheria)
  97. de Timbi-Sha Sjosjoanestamme
  98. de Tyme Maidû Stamme-Berry Creek Rancheria
  99. de Torres Martinez Kawylla Woastynyndianen
  100. de Tsjemehûevy Yndianestamme
  101. de Tule River Yndianestamme
  102. de Tuolumne Troep fan Me-Wûk Yndianen
  103. de Twenty-Nine Palms Troep fan Missy-Yndianen
  104. de Utu Utu Gwaitu Pajût Stamme
  105. de Wasjo Stamme fan Nevada en Kalifornje (ek yn Nevada)
  106. de Wiot Stamme (ek wol bekend as de Table Bluff Rancheria)

Kansas[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Iowa Stamme fan Kansas en Nebraska (ek yn Nebraska)
  2. de Kikkepû Stamme yn Kansas
  3. de Prêrje Troep fan de Potawatomy Naasje
  4. de Sôk en Foks Stamme fan de Missoery yn Kansas en Nebaska (ek yn Nebraska)

Kentucky[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Kolorado[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Súdlike Jût Yndianestamme
  2. de Ute Mountain Jût Stamme (ek yn Nij-Meksiko en Utah)

it Distrikt Kolumbia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Konettikut[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Mashantucket Pikwot Stamme fan Konettikut
  2. de Mohigan Stamme fan Yndianen fan Konettikut

Louisiana[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Jena Troep fan Tsjoktou Yndianen
  2. de Kûsjatta Stamme fan Louisiana
  3. de Tsjittimatsja Stamme fan Louisiana
  4. de Tunika-Biloksy Stamme fan Louisiana

Maine[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Aroostook Troep fan Mikmak Yndianen
  2. de Houlton Troep fan Malisiit Yndianen fan Maine
  3. de Passamakwoddy Stamme fan Maine
  4. de Penobskot Yndianenaasje

Marylân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Massachusetts[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Mashpee Wampanoäch Stamme
  2. de Wampanoäch Stamme fan Gay Head (Aquinnah)

Michigan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Bay Mills Yndianemienskip fan de Sault Ste. Marie Troep fan Tsjippewa Yndianen
  2. de Grand Traverse Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen fan Michigan
  3. de Hannahville Yndianemienskip
  4. de Keweenaw Bay Yndianemienskip fan de L'Anse en Ontonagon Troepen fan Tsjippewa Yndianen
  5. de Lac Vieux Desert Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen
  6. de Little River Troep fan Ottawa Yndianen
  7. de Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen
  8. de Match-e-be-nash-she-wish Troep fan Potawatomy Yndianen (ek wol bekend as de Gun Lake Stamme)
  9. de Nottawaseppi Huron Troep fan Potawatomy Yndianen
  10. de Pokagon Troep fan Potawatomy Yndianen (ek yn Indiana)
  11. de Saginaw Tsjippewa Yndianestamme fan Michigan
  12. de Sault Ste. Marie Stamme fan Tsjippewa Yndianen fan Michigan

Minnesota[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Bois Forte Troep fan Tsjippewa Yndianen (ûnderdiel fan de Tsjippewa Stamme fan Minnesota)
  2. de Fond du Lac Troep fan Boppemarder Tsjippewa (ek yn Wiskonsin; ûnderdiel fan de Tsjippewa Stamme fan Minnesota)
  3. de Grand Portage Troep fan Tsjippewa (ûnderdiel fan de Tsjippewa Stamme fan Minnesota)
  4. de Ho-Chunk Naasje (ek yn Wiskonsin; ek wol bekend as de Winnebago Naasje)
  5. de Leech Lake Troep fan Odjibwe (ûnderdiel fan de Tsjippewa Stamme fan Minnesota)
  6. de Mille Lacs Troep fan Odjibwe (ûnderdiel fan de Tsjippewa Stamme fan Minnesota)
  7. de Neder-Sû Yndianemienskip
  8. de Opper-Sû Mienskip
  9. de Prairie Island Yndianemienskip
  10. de Red Lake Naasje
  11. de Shakopee Mdewakanton Sû Mienskip
  12. de White Earth Naasje (ûnderdiel fan de Tsjippewa Stamme fan Minnesota)

Mississippy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Mississippy Troep fan Tsjoktou Yndianen

Missoery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Montana[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana
  2. de Fort Belknap Yndianemienskip
  3. de Krieë Stamme
  4. de Noardlike Sjajinne Stamme
  5. de Konfederearre Salisjaanske en Kûtenai Stammen fan it Flathead Reservaat fan Montana
  6. de Swartfuot Naasje
  7. de Tsjippewa-Kry Stamme fan it Rocky Boy's Reservaat fan Montana

Nebraska[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Iowa Stamme fan Kansas en Nebraska (ek yn Kansas)
  2. de Omaha Stamme fan Nebraska en Iowa (ek yn Iowa)
  3. de Ponka Stamme fan Nebraska
  4. de Sôk en Foks Stamme fan de Missoery yn Kansas en Nebaska (ek yn Kansas)
  5. de Santy Sû Naasje (foarhinne de Santee Sû Stamme fan Nebraska; ûnderdiel fan de Feriene Sû Stammen)
  6. de Winnebago Stamme fan Nebraska

Nevada[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Sjosjoanske en Pajût Stammen fan it Duck Valley Reservaat (ek yn Idaho)
  2. de Duckwater Sjosjoanestamme
  3. de Ely Sjosjoanestamme
  4. de Fallon Pajût-Sjosjoanske Stamme
  5. de Fort McDermitt Pajût-Sjosjoanske Stamme fan Oregon en Nevada (ek yn Oregon)
  6. de Yndianestamme fan Fort Mojave (ek yn Arizona en Kalifornje)
  7. de Yerington Pajût Stamme
  8. de Yomba Sjosjoanestamme
  9. de Konfederearre Stammen fan it Gosjût Reservaat (ek yn Utah)
  10. de Las Vegas Pajût Stamme
  11. de Lovelock Pajût Stamme fan de Lovelock Yndianekoloanje fan Nevada
  12. de Moapa Troep fan Pajût Yndianen
  13. de Pyramid Lake Pajût Stamme
  14. de Reno-Sparks Yndianekoloanje
  15. de Summit Lake Pajût Stamme
  16. de Te-Moak Stamme fan Westlike Sjosjoanske Yndianen fan Nevada
  17. de Walker River Pajût Stamme
  18. de Wasjo Stamme fan Nevada en Kalifornje (ek yn Kalifornje)
  19. de Winnemucca Yndianekoloanje fan Nevada

New York[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Kajûga Naasje fan New York
  2. de Onida Yndianenaasje fan New York
  3. de Onondaga Naasje fan New York
  4. de Seneka Naasje fan Yndianen fan New York
  5. de Sjinnekok Yndianenaasje
  6. de St. Regis Mohôk Stamme
  7. de Tonawanda Troep fan Seneka Yndianen fan New York
  8. de Tuskaroara Naasje fan New York

Nij-Hampshire[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Nij-Jersey[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Nij-Meksiko[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Fort Sill Apache Stamme (ek yn Oklahoma)
  2. de Pûeblo fan Acoma
  3. de Pûeblo fan Cochiti
  4. de Pûeblo fan Isleta
  5. de Pûeblo fan Jemez
  6. de Jikarylla Apache Naasje
  7. de Pûeblo fan Laguna
  8. de Meskalearo Apache Stamme
  9. de Pûeblo fan Nambe'
  10. de Navaho Naasje (ek yn Arizona en Utah)
  11. de Pûeblo fan Picurís
  12. de Pûeblo fan Pojoaque
  13. de Pûeblo fan San Felipe
  14. de Pûeblo fan San Ildefonso
  15. de Pûeblo fan San Juan (ek wol bekend as Ohkay Owingeh)
  16. de Pûeblo fan Sandia
  17. de Pûeblo fan Santa Ana
  18. de Pûeblo fan Santa Clara
  19. de Santo Domingo Pûeblo
  20. de Sûny Stamme
  21. de Pûeblo fan Taos
  22. de Pûeblo fan Tesuque
  23. de Ute Mountain Jût Stamme (ek yn Kolorado en Utah)
  24. de Pûeblo fan Zia

Noard-Karolina[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Eastlike Troep fan Sjeroky Yndianen

Noard-Dakota[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Mandan, Hidatsa en Arikara Naasje
  2. de Sisseton en Wahpeton Sû Stamme (ek yn Súd-Dakota; ûnderdiel fan de Feriene Sû Stammen)
  3. de Spirit Lake Stamme (ûnderdiel fan de Feriene Sû Stammen)
  4. de Standing Rock Sû Stamme (ek yn Súd-Dakota; ûnderdiel fan de Feriene Sû Stammen)
  5. de Turtle Mountain Troep fan Tsjippewa Yndianen fan Noard-Dakota

Ohio[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Oklahoma[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. it Alabama-Quassarte Stammestedsje fan de Kriik Naasje fan Oklahoma (ûnderdiel fan de Kriik Naasje fan Oklahoma)
  2. de Apache Stamme fan Oklahoma
  3. de Delawêr Stamme fan Yndianen
  4. de Delawêr Stamme fan Westlik Oklahoma
  5. de Eastlike Sjâny Stamme fan Oklahoma
  6. de Fort Sill Apache Stamme (ek yn Nij-Meksiko)
  7. de Iowa Stamme fan Oklahoma
  8. de Kajowa Stamme fan Oklahoma
  9. de Kansa Naasje fan Oklahoma (ek wol de Kou Naasje fan Oklahoma neamd)
  10. de Keddo Yndianenaasje yn Oklahoma
  11. de Feriene Keetoowah Troep fan Sjeroky Yndianen yn Oklahoma
  12. it Kialegee Stammestedsje fan de Kriik Naasje fan Oklahoma (ûnderdiel fan de Kriik Naasje fan Oklahoma)
  13. de Kikkepû Naasje fan Oklahoma
  14. de Komansje Naasje fan Oklahoma
  15. de Kwapou Stamme fan Oklahoma
  16. de Loyale Sjâny Stamme
  17. de Majêmy Naasje fan Oklahoma
  18. de Modok Stamme fan Oklahoma
  19. de Muskogy Naasje (ûnderdiel fan de Kriik Naasje fan Oklahoma)
  20. de Ofwêzige Sjâny Stamme fan Oklahoma
  21. de Osadzje Naasje fan Oklahoma
  22. de Oto-Missoeria Stamme
  23. de Ottawa Stamme fan Oklahoma
  24. de Pâny Naasje fan Oklahoma
  25. de Péoaria Yndianestamme fan Oklahoma
  26. de Ponka Stamme fan Oklahoma
  27. de Sôk en Foks Naasje fan Oklahoma
  28. de Seminoalske Naasje fan Oklahoma
  29. de Seneka-Kajûga Stamme fan Oklahoma
  30. de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma
  31. de Sjeroky Naasje fan Oklahoma
  32. de Steatsboargerlike Potawatomy Naasje
  33. it Thlopthlocco Stammestedsje fan de Kriik Naasje fan Oklahoma (ûnderdiel fan de Kriik Naasje fan Oklahoma)
  34. de Tonkawa Stamme fan Oklahoma
  35. de Tsjikkesou Naasje
  36. de Tsjoktou Naasje
  37. de Witsjitta en Oanbesibbe Stammen
  38. de Wiandot Naasje fan Oklahoma

Oregon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Burns Pajût Yndianekoloanje
  2. de Cow Creek Troep fan de Umpkwa Stamme fan Yndianen
  3. de Fort McDermitt Pajût-Sjosjoanske Stamme fan Oregon en Nevada (ek yn Nevada)
  4. de Konfederearre Stammen fan de Grand Ronde Mienskip fan Oregon
  5. de Klamat Stammen
  6. de Kokiil Yndianestamme
  7. de Konfederearre Stammen fan de Kûs, Neder-Umpkwa en Sjuslou Yndianen
  8. de Konfederearre Stammen fan Silets Yndianen
  9. de Konfederearre Stammen fan it Umatilla Yndianereservaat
  10. de Konfederearre Stammen fan it Warm Springs Reservaat fan Oregon

Pennsylvania[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Rhode Island[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Narraganset Yndianestamme

Súd-Karolina[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Katôba Yndiaanske Naasje

Súd-Dakota[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Cheyenne River Sû Stamme (ûnderdiel fan de Feriene Sû Stammen)
  2. de Crow Creek Sû Stamme (ûnderdiel fan de Feriene Sû Stammen)
  3. de Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota (ûnderdiel fan de Feriene Sû Stammen)
  4. de Jankton Sû Stamme (ûnderdiel fan de Feriene Sû Stammen)
  5. de Neder-Brulee Sû Stamme (ûnderdiel fan de Feriene Sû Stammen)
  6. de Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota (ûnderdiel fan de Feriene Sû Stammen)
  7. de Rosebud Sû Stamme (ûnderdiel fan de Feriene Sû Stammen)
  8. de Sisseton en Wahpeton Sû Stamme (ek yn Noard-Dakota; ûnderdiel fan de Feriene Sû Stammen)
  9. de Standing Rock Sû Stamme (ek yn Noard-Dakota; ûnderdiel fan de Feriene Sû Stammen)

Tennessee[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Teksas[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Alabama-Kûsjatta Stamme fan Teksas
  2. de Kikkepû Tradisjonele Stamme fan Teksas
  3. de Ysleta del Sur Pûeblo

Utah[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Konfederearre Stammen fan it Gosjût Reservaat (ek yn Nevada)
  2. de Jût Yndianestamme fan it Uintah en Ouray Reservaat
  3. de Navaho Naasje (ek yn Arizona en Nij-Meksiko)
  4. de Noardwestlike Troep fan de Sjosjoanske Naasje
  5. de Pajût Yndianestamme fan Utah
  6. de Skull Valley Troep fan Gosjût

Washington[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Konfederearre Stammen fan it Chehalis Reservaat
  2. de Colville Konfederearre Stammen
  3. de Ho Yndianestamme
  4. de Jakama Yndiaanske Naasje
  5. de Jamestown S'Klallam Stamme
  6. de Kalispel Yndianemienskip
  7. de Kwiliût Stamme
  8. de Kwinôlt Yndianenaasje
  9. de Koulits Yndianestamme
  10. de Lower Elwha Klallam Stamme
  11. de Lummy Naasje
  12. de Makah Yndianenaasje
  13. de Mukkelsjût Yndianestamme
  14. de Niskwally Yndianemienskip
  15. de Nûksek Yndianestamme
  16. de Opper-Skagit Yndianestamme fan Washington
  17. de Port Gamble S'Klallam Naasje
  18. de Pûjallup Stamme fan Yndianen
  19. de Sêmis Yndianenaasje fan Washington
  20. de Shoalwater Bay Yndianestamme
  21. de Skokommis Yndianestamme
  22. de Snokwalmy Stamme
  23. de Sôk-Sûjettel Yndianestamme
  24. de Spokên Stamme fan Yndianen
  25. de Squaxineilânske Yndianestamme
  26. de Stillagûammis Stamme fan Yndianen
  27. de Sukwammis Stamme
  28. de Swinnomis Yndiaanske Tribale Mienskip
  29. de Tulalip Stammen

West-Firginia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Wyoming[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat
  2. de Eastlike Sjosjoanestamme

Wiskonsin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. de Bad River Troep fan de Boppemarder Stamme fan Tsjippewa Yndianen
  2. de Fond du Lac Troep fan Boppemarder Tsjippewa (ek yn Minnesota; ûnderdiel fan de Tsjippewa Stamme fan Minnesota)
  3. de Forest County Potawatomy Naasje
  4. de Ho-Chunk Naasje (ek yn Minnesota; ek wol bekend as de Winnebago Naasje)
  5. de Lac Courte Oreilles Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen
  6. de Lac du Flambeau Odjibwe Naasje
  7. de Menominy Naasje
  8. de Onida Naasje fan Wiskonsin
  9. de Red Cliff Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin
  10. de Sokaogon Tsjippewa Mienskip
  11. de St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin
  12. de Stockbridge-Munsy Troep fan de Mohikaanske Naasje

Porto Riko[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Porto Riko is in oerseesk territoarium fan de Feriene Steaten, dêr't de lânseigen Taïno-Yndianen in beskate foarm fan erkenning genietsje, û.m. fan it Amerikaanske Folkstellingsburo, mar net fan it BIA.

  • de Jatibonicu Taïno Tribale Naasje fan Borikén

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.