Jankton Sû Stamme

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jankton Sû Stamme
Flagge fan de Jankton Sû Stamme.PNG
algemiene ynformaasje
Ingelske
  namme
Yankton Sioux Tribe
lânseigen
  namme
Iháŋktȟuŋwaŋ Dakȟóta Oyáte
etnisiteit Westlike Dakota
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
haadkertier Marty (Súd-Dakota)
ledetal 12.000 (2013)
erkenning Flag of the United States.svg Feriene Steaten
oprjochte 1858
reservaat
reservaat Jankton Sû Yndianereservaat
lokaasje Súd-Dakota
oerflak 1.724,2 km²
ynwenners 6.500 (2010)
offisjele webside
www.yanktonsiouxtribe.com

De Jankton Sû Stamme (Ingelsk: Yankton Sioux Tribe; Westlik Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋ Dakȟóta Oyáte, útspr.: [I'hã:ktˣũwã Da'kˣo:ta O'ja:te]) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Súd-Dakota. De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1858, hat 12.000 leden, en it haadkertier is fêstige yn Marty, yn Súd-Dakota. De leden besteane út etnyske (Sioux), allegearre Westlike Dakota fan 'e Jankton-stamme. De Jankton Sû Stamme foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.

Reservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It reservaat fan 'e Jankton Sû Stamme is it Jankton Sû Yndianereservaat (Yankton Sioux Indian Reservation) fan súdlik Súd-Dakota, dat in oerflak hat fan goed 1.700 km². Yn 2010 wennen dêr likernôch 6.500 minsken.

Yndianereservaten yn Súd-Dakota. Jankton is werjûn yn read.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e twadde helte fan 'e 1850-er wie de druk om Súd-Dakota foar kolonisaasje troch de blanken frij te jaan sa sterk wurden, dat in Jankton-delegaasje fan in stikmannich opperhaden ûnder lieding fan Slein-troch-de-Ree (Padáŋya Pápi) nei de Amerikaanske haadstêd Washington ôfreizge om mei de Amerikaanske oerheid oer in ferdrach te ûnderhanneljen. In goed fearnsjier wiene se dêrmei besteld, en it Ferdrach fan Washington waard op 19 april 1858 tekene.

Doe't er út it easten weromkearde sei Slein-troch-de-Ree tsjin syn folk dat de blanken sa machtich as maitsen wiene en dat it sinleas wie om har tsjin har te fersetten. Dat it wie foar de Jankton de baas om mar op 'e bêste betingsten in ferdrach mei de Amerikanen te sluten en har dan sa goed mooglik oan 'e nije tiden oan te passen.

Under it ferdrach, dat troch de Amerikanen yn febrewaris 1859 ratifisearre waard, joegen de Jankton harren tradisjonele wengebiet oan 'e noardoere fan 'e rivier de Missoury op yn ruil foar in reservaat yn it suden fan Súd-Dakota en in bedrach fan $1,6 miljoen, út te kearen oer in perioade fan fyftich jier. It ferdrach betong fierders spesifyk dat de Amerikanen de Jankton helpe soene troch ûnderwiis op it mêd fan lânbou en ambachten. Yn july 1859 ferfearen de Jankton nei harren nije reservaat.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of SantyWestlike Dakota of Jankton-Janktonai) | Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik DakotaWestlik Dakota) | Lakota (Noardlik LakotaSintraal LakotaSúdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton | Sisseton | Wahpekûte | Wahpeton | Westlike Dakota: Jankton | Janktonai (Neder-JanktonaiOpper-Janktonai) | Lakota: Titon (BruleeHûnkpapaMinnikonzjûOglalaSâns ArksSwartfuottenTwatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana | Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû StammeCrow Creek Sû StammeFlandreau Santy Sû Stamme fan Súd-DakotaJankton Sû StammeNeder-Brulee Sû Stamme
Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-DakotaRosebud Sû StammeSanty Sû NaasjeSisseton en Wahpeton Sû StammeSpirit Lake StammeStanding Rock Sû Stamme) | Neder-Sû Yndianemienskip | Opper-Sû Mienskip |
Prairie Island Yndianemienskip | Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip | Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje | Canupawakpa Dakota Naasje | Dakota Plains Wahpeton Naasje | Dakota Tipi Earste Naasje | Sioux Valley Dakota Naasje | Standing Buffalo Dakota Earste Naasje | Wahpeton Dakota Naasje | White Bear Earste Naasjes |
Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje | Wood Mountain Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River | Crow Creek | Flandreau | Fort Peck | Jankton | Lake Traverse | Neder-Brulee | Neder-Sû | Opper-Sû | Pine Ridge | Prairie Island | Rosebud | Santy | Shakopee | Spirit Lake | Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek | Birdtail Hay Lands | Dakota Plains | Dakota Tipi | Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen | Fishing Station | Oak Lake 59A | Oak Lake 59B | Sioux Valley | Standing Buffalo | Wahpeton | White Bear | Whitecap | Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje | Grutte Sû Reservaat | Lakota Frijheidsdelegaasje | Nakota | Republyk Lakota