Shakopee Mdewakanton Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Shakopee Mdewakanton Yndianereservaat
Shakopee Mdewakanton Indian Reservation
In strjitte yn it sintrum fan Shakopee, bûten it eigentlike reservaat.
In strjitte yn it sintrum fan Shakopee, bûten it eigentlike reservaat.
polityk
haadplak Prior Lake (Minnesota)
stamme Flagge fan de Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip.png Shakopee Mdewakanton
        Dakota Mienskip
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
steat Flag of Minnesota.svg Minnesota
sifers
ynwenners 658 (2010)
oerflak 8,1 km²
bef.tichth. 81,2 / km²
oar
stifting 1886
tiidsône UTC-6
simmertiid UTC-5
Yndianereservaten yn Minnesota. Shakopee is werjûn yn read.

It Shakopee Mdewakanton Yndianereservaat (Ingelsk: Shakopee Mdewakanton Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip (Shakopee Mdewakanton Dakota Community) yn 'e Amerikaanske steat Minnesota.

Geografy en demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It reservaat leit yn it suden fan 'e steat, yn Scott County, súdwestlik fan twillingstêden Minneapolis en Sint-Paul. Feitliks leit it binnen de beboude kom fan 'e stêden Prior Lake, dêr't it haadkertier fan 'e stamme fêstige is, en Shakopee, dat neamd is nei trije achttjinde- en njoggentjinde-iuwske opperhaden fan 'e stamme dy't allegearre fan Šakpe (útspr.: ['ʃakpe]) hieten. Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wennen der doe 658 minsken yn it reservaat, dat in oerflak hat fan mar in goede 8 km².

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Shakopee Mdewakanton Reservaat waard yn 1886 oprjochte foar it restant fan 'e Mdewakanton, in stamme fan 'e Eastlike Dakota, dat yn 'e omkriten fan Scott County oerbleaun wie nei de deportaasjes nei it westen ta dy't folge wiene op 'e bloedige Dakota-Oarloch fan 1862. Yn 't earstoan wie dat reservaat mar 1 km² grut, en fral de earste trijefearns iuw hong it bestean yn it reservaat fan krapte en earmoede oaninoar.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomyske sitewaasje begûn lykwols te feroarjen yn 1982, doe't de Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip yn syn reservaat, dat bûten it Minnesotaanske steatsferbod op gokken falt, in eigen bingohal oanlizze liet, de Little Six Bingo (šakpe is nammentlik Eastlik Dakota foar "seis"). Meitiid groeide de bingohal út ta in wier kasino (it Little Six Casino), en yn 1992 boude de stamme nòch in kasino, it Mystic Lake Casino Hotel. Dêr streamt it jild mar binnen, en hjoed de dei hawwe de SMDM en syn beide kasino's mei-inoar 4.200 wurknimmers, en binne se de grutste wurkjouwer fan Scott County.

Njonken gokpaleizen hat de stamme ek yn oare dingen ynvestearre, lykas in eigen winkelsintrum, in terrein mei opslachboksen, in keunstiisbaan, in fitness-sintrum, in wetterbottelderij, in golfbaan en in miljeufreonlike recyclingfasiliteit. Fierders docht de SMDM in protte oan goeddiedichheid: yn 'e tweintich jier tusken 1992 en 2013 joegen se krapoan $272 miljoen oan goede doelen, wêrûnder $29 miljoen allinnich al yn 2012. Teffens fungearret de SMDM foar oare Amerikaanske stammen as in soarte fan bankier; sa hat men foar $61 miljoen dollar útstean by de Red Lake Naasje fan noardlik Minnesota.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of SantyWestlike Dakota of Jankton-Janktonai) | Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik DakotaWestlik Dakota) | Lakota (Noardlik LakotaSintraal LakotaSúdlik Lakota)
Tradysjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton | Sisseton | Wahpekûte | Wahpeton | Westlike Dakota: Jankton | Janktonai (Neder-JanktonaiOpper-Janktonai) | Lakota: Titon (BruleeHûnkpapaMinnikonzjûOglalaSâns ArksSwartfuottenTwatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana | Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû StammeCrow Creek Sû StammeFlandreau Santy Sû Stamme fan Súd-DakotaJankton Sû StammeNeder-Brulee Sû Stamme
Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-DakotaRosebud Sû StammeSanty Sû NaasjeSisseton en Wahpeton Sû StammeSpirit Lake StammeStanding Rock Sû Stamme) | Neder-Sû Yndianemienskip | Opper-Sû Mienskip |
Prairie Island Yndianemienskip | Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip | Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje | Canupawakpa Dakota Naasje | Dakota Plains Wahpeton Naasje | Dakota Tipi Earste Naasje | Sioux Valley Dakota Naasje | Standing Buffalo Dakota Earste Naasje | Wahpeton Dakota Naasje | White Bear Earste Naasjes |
Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje | Wood Mountain Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River | Crow Creek | Flandreau | Fort Peck | Jankton | Lake Traverse | Neder-Brulee | Neder-Sû | Opper-Sû | Pine Ridge | Prairie Island | Rosebud | Santy | Shakopee | Spirit Lake | Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek | Birdtail Hay Lands | Dakota Plains | Dakota Tipi | Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen | Fishing Station | Oak Lake 59A | Oak Lake 59B | Sioux Valley | Standing Buffalo | Wahpeton | White Bear | Whitecap | Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje | Grutte Sû Reservaat | Lakota Frijheidsdelegaasje | Nakota | Republyk Lakota