Springe nei ynhâld

Lakota Frijheidsdelegaasje

Ut Wikipedy
Lakota Freedom Delegation
algemiene ynformaasje
ôfkoarting LFD
nasjonaliteit Amerikaansk
wurkmêd gelykberjochtiging en maatskiplike
   emansipaasje fan 'e Lakota-
haadkertier Porcupine (Súd-Dakota)
oprjochte 2007
oprjochter ferskaten (sjoch tekst)
offisjele webside
www.lakotafreedom.com

De Lakota Frijheidsdelegaasje (Ingelsk: Lakota Freedom Delegation), ek wol bekend ûnder de wat mear algemiene namme Lakota Frijheidsbeweging (Lakota Freedom Movement), is aksjegroep dy't aktyf is ûnder de Lakota- (Lakota Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan 'e Feriene Steaten, dat tsjintwurdich benammentlik yn 'e steaten Noard- en Súd-Dakota wennet. De beweging bestiet út in stikmannich boargerrjochte-aktivisten dy't har ynsette foar de gelykberjochtiging en maatskiplike emansipaasje fan 'e Lakota.

De boargerrjochte- flagge fan 'e (Sioux).

De Lakota Frijheidsdelegaasje wurdt laat troch guon lju dy't ek aktyf binne of wiene yn 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM), wêrûnder foarhinne de Hollywood-akteur en aktivist Russell Means (1939-2012), en fierders Robert Robideau, Teǧeya Kte, Čanupa Gluha Mani en Phyllis Young, de oprjochtster fan 'e feministyske organisaasje Women of All Red Nations.

De beweging kaam rûnom yn it nijs doe't se yn desimber 2007 oankundigen dat de Lakota harren út alle ferdraggen mei de Feriene Steaten weromloeken en in selsstannige steat oprjochten, de Republyk Lakota. Letter hiene de lieders fan 'e LFD petearen mei fertsjintwurdigers fan Bolivia, Fenezuëla, Sily en Súd-Afrika om fan dy lannen erkenning los te krijen foar harren steat. Dat is lykwols oant op 't heden noch net slagge, al hat de LFD syn krewearjen noch net opjûn.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Offisjele webside fan 'e Lakota Frijheidsdelegaasje

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota