Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota

Ut Wikipedy
Flandreau Santy Sû Stamme
fan Súd-Dakota
Ingelsk Flandreau Santee Sioux Tribe
   of South Dakota
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Súd-Dakota
haadkertier Flandreau (Súd-Dakota)
etnisiteit Eastlike Dakota
ledetal 740 (2013)
oprjochting 1934
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat Flandreau Yndianereservaat
lokaasje eastlik Súd-Dakota
oerflak 20 km²
ynwennertal 730
offisjele webside
fsst.org
kaart
Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota (Súd-Dakota)
Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Súd-Dakota.

De Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota (Ingelsk: Flandreau Santee Sioux Tribe of South Dakota) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Súd-Dakota.

Algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1934, hat 740 leden, en it haadkertier is fêstige yn Flandreau, yn Súd-Dakota. De leden besteane út etnyske (Sioux), allegearre Eastlike Dakota (Santy), foar it meastepart fan 'e Mdewakanton-stamme, mar ek guon Wahpekûte en Wahpeton. De Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.

Reservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It reservaat fan 'e Flandreau Santy Sû Stamme is it Flandreau Yndianereservaat (Flandreau Indian Reservation) fan eastlik Súd-Dakota, dat in oerflak hat fan mar 20 km², en dêrmei fierwei it lytste reservaat fan 'e steat is. Hast alle stammeleden, sa'n 730 fan 'e 740, wenje yn it reservaat, dêr't se û.m. wurk fine yn in eigen kasino.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan 'e Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota giet werom op 'e Dakota-Oarloch fan 1862, eins mear in opstân as in oarloch, wêrby't de Eastlike Dakota yn Minnesota út honger en brekme mei geweld fanwegen kamen tsjin 'e benammentlik Dútske kolonisten yn harren wengebiet. Nei't de Dakota yn 'e earste pear wiken 300 oant 400 blanken deade hiene, waard de opstân lykwols yn bloed smoard. Hûnderten Eastlike Dakota waarden út harren foarâlderlik lân nei Súd-Dakota deportearre, dêr't likernôch 1.300 fan harren fan honger en kjeld omkamen yn it Crow Creek Yndianereservaat. In grutte kloft fan dyselden waard yn 1866 tastien om har yn it Santy Yndianereservaat yn Nebraska te fêstigjen. Yn 1869 keazen 25 famyljes der lykwols foar om harren rjocht op ûnderhâld troch de Amerikaanske oerheid op te jaan en gewoane boargers te wurden. Se setten harren op in klútsje nei wenjen yn it easten fan Súd-Dakota, dêr't hjerstmis datselde jiers nochris 15 famyljes har by har joegen. Pas 65 jier letter waard de sa ûntstiene boerekoloanje ûnder de Yndiaanske Reorganisaasje Wet fan 1934 organisearre as in federaal erkende stamme.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota