Sisseton en Wahpeton Sû Stamme
Sisseton en Wahpeton Sû Stamme | ||
algemiene ynformaasje | ||
Ingelske namme |
Sisseton and Wahpeton Sû Tribe | |
lânseigen namme |
Sisíthuŋwaŋ-Waȟpéthuŋwaŋ Oyáte | |
etnisiteit | Eastlike Dakota | |
lân | ![]() | |
haadkertier | Sisseton (Súd-Dakota) | |
ledetal | 12.000 (2013) | |
erkenning | ![]() | |
oprjochte | 1867 | |
reservaat | ||
reservaat | Lake Traverse Yndianereservaat | |
lokaasje | Súd-Dakota, Noard-Dakota | |
oerflak | 3.754,6 km² | |
ynwenners | 9.900 (2004) | |
offisjele webside | ||
www.swo-nsn.gov |
De Sisseton en Wahpeton Sû Stamme (Ingelsk: Sisston and Wahpeton Sioux Tribe; Eastlik Dakota: Sisíthuŋwaŋ-Waȟpéthuŋwaŋ Oyáte; útspr.: [si'si:tʰũwã-waχ'pe:tʰũwã o'ja:te]) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Súd-Dakota, dat justjes útstekt oer de grins fan Noard-Dakota.
Algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1867, hat 12.000 leden, en it haadkertier is fêstige yn Sisseton, yn Súd-Dakota. De leden besteane út etnyske Sû (Sioux), allegearre Eastlike Dakota fan 'e Sisseton- en Wahpeton-stammen. De Sisseton en Wahpeton Sû Stamme foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.
Reservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It reservaat fan 'e Sisseton en Wahpeton Sû Stamme is it taartpuntfoarmige Lake Traverse Yndianereservaat (Lake Traverse Indian Reservation) fan noardeastlik Súd-Dakota en súdeastlik Noard-Dakota, dat in oerflak hat fan goed 3.750 km², en dêr't yn 2004 likernôch 9.900 minsken wennen. It reservaatbestjoer is fêstige yn Agency Village, in pear km besuden de stêd Sisseton. It reservaat waard stifte yn 1867, doe't de Eastlike Dakota as gefolch fan 'e blanke kolonisaasjedruk en by wize fan repressaillemaatregel fanwegen de bloedige Dakota-Oarloch fan 1862 út harren foarâlderlike thúslân yn Minnesota ferdreaun waarden.
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |