Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana | ||
Ingelsk | Assiniboine and Sioux of the Fort Peck Indian Reservation of Montana | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Montana | |
haadkertier | Poplar (Montana) | |
etnisiteit | Westlike Dakota, Eastlike Dakota, Lakota, Assiniboin | |
ledetal | 11.000 (2013) | |
oprjochting | 1871 | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | Fort Peck Yndianereservaat | |
lokaasje | noardeastlik Montana | |
oerflak | 8.5191/2 km² | |
ynwennertal | 10.300 (2000) | |
offisjele webside | ||
www.fortpecktribes.org | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Montana.
|
De Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana (Ingelsk: Assiniboine and Sioux of the Fort Peck Indian Reservation of Montana) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Montana.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1871, hat 11.000 leden, en it haadkertier is fêstige yn Poplar, yn Montana. De leden besteane út etnyske Sû (Sioux) en Assiniboin. Dêrby kinne de Sû, sa'n 8.600 yn oantal, fierder opdield wurde yn Eastlike Dakota fan 'e Sisseton- en Wahpeton-stammen, Westlike Dakota fan 'e Opper-Janktonai-substamme fan 'e Janktonai, en Lakota fan 'e Hûnkpapa-stamme. De Assiniboin fan Fort Peck, dêr't der likernôch 2.400 fan binne, hearre ta de Hudesabina-, Wadopabina-, Wadopahnatonwan-, Sahiyaiyeskabi- en Inyantonwanbina-substammen.
Reservaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It reservaat fan 'e Assiniboin en Sû is it Fort Peck Yndianereservaat (Fort Peck Indian Reservation) fan noardeastlik Montana. Dêr wennen yn 2000 likernôch 10.300 minsken, wêrûnder sa'n 6.000 Yndianen. It reservaat hat in oerflak fan goed 8.500 km², wêrfan't lykwols mar 3.750 km² yn Yndiaanske hannen is, mei't de rest ferkocht is oan blanken doe't de reservaatgrûnen ûnder druk fan 'e Amerikaanske oerheid tusken 1913 en 1930 frijjûn waarden foar kolonisaasje. Likegoed hat it stammeregear sizzenskip oer de measte aktiviteiten dy't binnen de grinzen fan it reservaat plakfine. Sa hat de stamme-organisaasje in eigen rjochtbank, tichthûs, sikehûs en krante. Yn 2012 wiene de Assiniboin en Sû fan Fort Peck ien fan 'e earste stammen dy't op 'e nij wylde bizons útsetten yn harren reservaat.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |