Spirit Lake Stamme

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Spirit Lake Stamme
Flagge fan de Spirit Lake Stamme.png
algemiene ynformaasje
Ingelske
  namme
Spirit Lake Tribe
lânseigen
  namme
Mni Wakáŋ Oyáte
etnisiteit Eastlike Dakota, Westlike Dakota
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
haadkertier Fort Totten (Noard-Dakota)
ledetal 6.700 (2013)
erkenning Flag of the United States.svg Feriene Steaten
oprjochte 1867
reservaat
reservaat Spirit Lake Yndianereservaat
lokaasje Noard-Dakota
oerflak 1.283,8 km²
ynwenners 4.400 (2000)
offisjele webside
www.spiritlakenation.com

De Spirit Lake Stamme (Ingelsk: Spirit Lake Tribe; Eastlik Dakota: Mni Wakáŋ Oyáte; útspr.: [m'ni wa'kã: o'ja:te]) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Noard-Dakota.

Algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De organisaasje waard yn 1867 oprjochte en droech foarhinne de namme fan Devils Lake Stamme (Devils Lake Tribe), mar is om 2000 hinne omneamd fanwegen de negative assosjaasjes dy't it wurd devil ("duvel") by de measte lju oprôp.

Yndianereservaten yn Noard-Dakota. Spirit Lake is werjûn yn read.

De Spirit Lake Stamme hat 6.700 leden, en it haadkertier is fêstige yn Fort Totten, yn Noard-Dakota. De leden besteane út etnyske (Sioux): Eastlike Dakota fan 'e Wahpeton- en Sisseton-stammen en Westlike Dakota fan 'e Opper-Janktonai-substamme fan 'e Janktonai. De Spirit Lake Stamme foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.

Reservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It reservaat fan 'e Spirit Lake Stamme is it Spirit Lake Yndianereservaat (Spirit Lake Indian Reservation) fan noardeastlik Noard-Dakota, dat foarhinne de namme fan Devils Lake Yndianereservaat droech en op guon lânkaarten oanjûn stiet as it Fort Totten Yndianereservaat. It hat in oerflak fan krapoan 1.300 km², en yn 2000 wennen likernôch 4.400 minsken.

Mei't it wat yn in ôfhandige úthoeke leit, mar frijwat isolearre fan grutte befolkingssintra, is it net in ryk reservaat, al beskikt it as boarne fan ynkomsten wol oer in kasino. It reservaat waard stifte yn 1867, doe't de Eastlike Dakota as gefolch fan 'e blanke kolonisaasjedruk en by wize fan repressaillemaatregel fanwegen de bloedige Dakota-Oarloch fan 1862 út harren foarâlderlike thúslân yn Minnesota ferdreaun waarden.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of SantyWestlike Dakota of Jankton-Janktonai) | Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik DakotaWestlik Dakota) | Lakota (Noardlik LakotaSintraal LakotaSúdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton | Sisseton | Wahpekûte | Wahpeton | Westlike Dakota: Jankton | Janktonai (Neder-JanktonaiOpper-Janktonai) | Lakota: Titon (BruleeHûnkpapaMinnikonzjûOglalaSâns ArksSwartfuottenTwatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana | Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû StammeCrow Creek Sû StammeFlandreau Santy Sû Stamme fan Súd-DakotaJankton Sû StammeNeder-Brulee Sû Stamme
Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-DakotaRosebud Sû StammeSanty Sû NaasjeSisseton en Wahpeton Sû StammeSpirit Lake StammeStanding Rock Sû Stamme) | Neder-Sû Yndianemienskip | Opper-Sû Mienskip |
Prairie Island Yndianemienskip | Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip | Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje | Canupawakpa Dakota Naasje | Dakota Plains Wahpeton Naasje | Dakota Tipi Earste Naasje | Sioux Valley Dakota Naasje | Standing Buffalo Dakota Earste Naasje | Wahpeton Dakota Naasje | White Bear Earste Naasjes |
Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje | Wood Mountain Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River | Crow Creek | Flandreau | Fort Peck | Jankton | Lake Traverse | Neder-Brulee | Neder-Sû | Opper-Sû | Pine Ridge | Prairie Island | Rosebud | Santy | Shakopee | Spirit Lake | Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek | Birdtail Hay Lands | Dakota Plains | Dakota Tipi | Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen | Fishing Station | Oak Lake 59A | Oak Lake 59B | Sioux Valley | Standing Buffalo | Wahpeton | White Bear | Whitecap | Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje | Grutte Sû Reservaat | Lakota Frijheidsdelegaasje | Nakota | Republyk Lakota