Flandreau Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Flandreau Yndianereservaat
Flandreau Indian Reservation
It Súddakotaanske steatskongreslid Stephanie Herseth Sandlin begroetet Yndiaanske dûnsers op 'e powwow yn it Flandreau Reservaat yn 2005.
It Súddakotaanske steatskongreslid Stephanie Herseth Sandlin begroetet Yndiaanske dûnsers op 'e powwow
yn it Flandreau Reservaat yn 2005.
polityk
haadplak Flandreau (Súd-Dakota)
stamme Flagge fan de Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota.PNG Flandreau Santy Sû Stamme
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
steat Flag of South Dakota.svg Súd-Dakota
sifers
ynwenners 726 (2000)
oerflak 20 km²
bef.tichth. 36,3 / km²
oar
stifting 1934
tiidsône UTC-6
simmertiid UTC-5
webside www.santeesioux.com

It Flandreau Yndianereservaat (Ingelsk: Flandreau Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota (Flandreau Santee Sioux Tribe of South Dakota) yn it easten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, yn Moody County.

Algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe likernôch 730 minsken yn it reservaat. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Flandreau, dat feitliken fuort bûten it reservaat leit. It Flandreau Reservaat hat in oerflak fan 20 km², wêrmei't it fierwei it lytste reservaat fan Súd-Dakota is.

Yndianereservaten yn Súd-Dakota. Flandreau is werjûn yn read.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't nei de bloedige Dakota-Oarloch fan 1862 hast alle Eastlike Dakota út har foarâlderlike heitelân yn súdlik Minnesota ferdreaun waarden, kamen de measten yn Súd-Dakota terjochte. Dêr bedarren se yn it Crow Creek Yndianereservaat, dêr't tusken 1863 en 1865 likernôch 1.300 fan harren omkamen fan honger en kjeld.

In grutte kloft fan harren waard yn 1866 tastien om har yn it Santy Yndianereservaat yn Nebraska te fêstigjen. Yn 1869 keazen 25 famyljes der lykwols foar om harren rjocht op ûnderhâld troch de Amerikaanske oerheid op te jaan en gewoane boargers te wurden. Se setten harren op in klútsje nei wenjen yn it easten fan Súd-Dakota, dêr't hjerstmis datselde jiers nochris 15 famyljes har by har joegen.

Pas 65 jier letter waard de sa ûntstiene boerekoloanje ûnder de Yndiaanske Reorganisaasjewet fan 1934 organisearre as in federaal erkende stamme. Datselde jiers waard ek it Flandreau Reservaat stifte. Sûnt de tachtiger jierren hat de Flandreau Santy Sû Stamme, krekt as in protte oare Yndianestammen, in eigen kasino yn syn reservaat sette litten, mei't dat útsûndere is fan it Súddakotaanske steatsferbod op gokken. Hast alle stammeleden, sa'n 730 fan 'e 740, wenje no yn it reservaat, dêr't se benammentlik wurkje yn it Royal River Casino.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of SantyWestlike Dakota of Jankton-Janktonai) | Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik DakotaWestlik Dakota) | Lakota (Noardlik LakotaSintraal LakotaSúdlik Lakota)
Tradysjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton | Sisseton | Wahpekûte | Wahpeton | Westlike Dakota: Jankton | Janktonai (Neder-JanktonaiOpper-Janktonai) | Lakota: Titon (BruleeHûnkpapaMinnikonzjûOglalaSâns ArksSwartfuottenTwatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana | Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû StammeCrow Creek Sû StammeFlandreau Santy Sû Stamme fan Súd-DakotaJankton Sû StammeNeder-Brulee Sû Stamme
Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-DakotaRosebud Sû StammeSanty Sû NaasjeSisseton en Wahpeton Sû StammeSpirit Lake StammeStanding Rock Sû Stamme) | Neder-Sû Yndianemienskip | Opper-Sû Mienskip |
Prairie Island Yndianemienskip | Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip | Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje | Canupawakpa Dakota Naasje | Dakota Plains Wahpeton Naasje | Dakota Tipi Earste Naasje | Sioux Valley Dakota Naasje | Standing Buffalo Dakota Earste Naasje | Wahpeton Dakota Naasje | White Bear Earste Naasjes |
Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje | Wood Mountain Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River | Crow Creek | Flandreau | Fort Peck | Jankton | Lake Traverse | Neder-Brulee | Neder-Sû | Opper-Sû | Pine Ridge | Prairie Island | Rosebud | Santy | Shakopee | Spirit Lake | Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek | Birdtail Hay Lands | Dakota Plains | Dakota Tipi | Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen | Fishing Station | Oak Lake 59A | Oak Lake 59B | Sioux Valley | Standing Buffalo | Wahpeton | White Bear | Whitecap | Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje | Grutte Sû Reservaat | Lakota Frijheidsdelegaasje | Nakota | Republyk Lakota