Lake Traverse Yndianereservaat
Lake Traverse Yndianereservaat Lake Traverse Indian Reservation | ||
In (net folsleine) lânkaart fan it reservaat by it foarljochtingssintrum fan it reservaat. | ||
polityk | ||
haadplak | Agency Village (Súd-Dakota) | |
stamme | Sisseton en Wahpeton Sû Stamme | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Súd-Dakota Noard-Dakota | |
sifers | ||
ynwenners | 9.894 (2004) | |
oerflak | 3.754,6 km² | |
bef.tichth. | 2,6 / km² | |
oar | ||
stifting | 1867 | |
tiidsône | UTC-6 | |
simmertiid | UTC-5 | |
kaart | ||
Yndianereservaten yn 'e steat Súd-Dakota. Lake Traverse is werjûn yn read. |
It Lake Traverse Yndianereservaat (Ingelsk: Lake Traverse Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Sisseton en Wahpeton Sû Stamme (Sisseton and Wahpeton Sioux Tribe) yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, dat justjes útstekt oer de grins fan Noard-Dakota hinne. Ynstee fan syn offisjele namme, Lake Traverse, wurdt it reservaat ek wol koartwei it "Sisseton Reservaat" neamd.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens út 2004 wennen der doe likernôch 9.900 minsken. Doe't de Amerikaanske folkstelling fan 2000 ferrjochte waard, wiene dat der noch goed 10.400, wêrfan't ûngefear in trêdepart oanjoech inkeld Yndiaanske foarâlden te hawwen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Lake Traverse Reservaat leit oan 'e rivieren de Minnesota en de Bois de Sioux en teffens oan 'e Traverse-mar, dêr't it nei ferneamd is; dy trije wetters foarmje yn dy krite mei-inoar de eastgrins fan 'e Dakota's. It reservaat hat in oerflak fan goed 3.750 km², en beslacht it grutste part (mear as 60%) fan Roberts County yn Súd-Dakota, en teffens lytsere hoeken fan 'e Súddakotaanske countys Marshall, Day, Grant en Codington. Yn Noard-Dakota omfettet it reservaat lytse súdlike stripen fan Richland County en Sargent County.
It haadplak fan it reservaat is Agency Village, dêr't û.m. it reservaatbestjoer en it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fêstige binne, al stiet it haadkertier fan 'e Sisseton en Wahpeton Sû Stamme yn 'e stêd Sisseton, in pear km noardliker. It reservaat is fierders opdield yn sân distrikten:
- Big Coulee (Eastlik Dakota: Iyákaptapi)
- Buffalo Lake (Eastlik Dakota: Čanowánasapi)
- Enemy Swim (Eastlik Dakota: Tokániweyapi)
- Lake Traverse (Eastlik Dakota: Bdeȟdakiŋyaŋ)
- Long Hollow (Eastlik Dakota: Kaksizahaŋska)
- Old Agency (Eastlik Dakota: Atéyapiotitani)
- Veblen (Eastlik Dakota: Heipa)
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Lake Traverse Reservaat en de grinzen derfan waarden fêststeld by it Ferdrach fan Lake Traverse, fan 1867, as ûntwyk foar de leden fan 'e Sisseton en Wahpeton-substammen fan 'e Eastlike Dakota dy't nei de bloedige Dakota-Oarloch fan 1862 út harren heitelân yn súdlik Minnesota wei neit it westen ta deportearre wiene. Fan 1884 ôf waard it reservaat op tradisjonele wize bestjoerd, mar ûnder druk fan it Amerikaanske regear en fan kristlike misjonarissen waard yn 1913 in advyskomitee ynsteld, dat as hoekstien fan it reservaatsbestjoer tsjinne oant 1946. Tsjin dy tiid hie de stamme syn regear reorganisearre neffens de betingsten dy't fêstlein wiene yn 'e Yndiaanske Reorganisaasjewet fan 1934. Hjoed de dei binne der yn it reservaat, dat bûten it Súddakotaanske steatsferbod op gokken falt, twa grutte kasino's fêstige, it Dakota Magic Casino en it Dakota Sioux Casino, dy't der, mei de stamme-organisaasje sels, de grutste wurkjouwers binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |