Springe nei ynhâld

Jankton (stamme)

Ut Wikipedy

De Jankton (Ingelsk: Yankton, útspr.: ['jæŋktən]; Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋ, útspr.: [i'hã:ktˣũwã]) binne ien fan 'e sân tradisjonele stammen fan 'e -Yndianen fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Mei ien fan 'e oare seis stammen, te witten de Janktonai, foarmje se Westlike Dakota, ien fan 'e trije grutte etnysk-linguïstyske haadgroepen fan 'e Sû.

De Jankton, wa har namme oft "Doarp oan 'e Ein" betsjut, makken histoarysk sjoen diel út fan 'e Očhéthi Šakówiŋ (útspr.: [o'tʃʰe:tʰi ʃa'ko:wĩ]), wat "Sân Riedsfjurren" betsjut en wat yn 'e regel oerset wurdt as de Grutte Sû Naasje. Dêrby stie elts fjoer symboal foar in oyáte ("folk" of "naasje"), d.w.s. ien fan 'e tradisjonele stammen, wêrfan't de Westlike Dakota der twa hiene, de Eastlike Dakota fjouwer en de Lakota mar ien. Hjoed de dei libbet de namme "Jankton" fuort yn 'e Jankton Sû Stamme (Yankton Sioux Tribe), ien fan 'e federaal erkende Sû-stammen yn 'e Feriene Steaten, mei syn haadkertier yn Marty, yn 'e steat Súd-Dakota, en yn 'e namme fan it reservaat fan dy stamme, it Jankton Sû Yndianereservaat (Yankton Sioux Indian Reservation). Hoewol't frijwol alle leden fan 'e Jankton Sû Stamme etnyske Jankton binne, binne net alle etnyske Jankton lid fan 'e Jankton Sû Stamme.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota Westlik Dakota) Lakota (Noardlik Lakota Sintraal Lakota Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton Sisseton Wahpekûte Wahpeton Westlike Dakota: Jankton Janktonai (Neder-Janktonai Opper-Janktonai) Lakota: Titon (Brulee Hûnkpapa Minnikonzjû Oglala Sâns Arks Swartfuotten Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme Crow Creek Sû Stamme Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota Jankton Sû Stamme Neder-Brulee Sû Stamme Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota Rosebud Sû Stamme Santy Sû Naasje Sisseton en Wahpeton Sû Stamme Spirit Lake Stamme Standing Rock Sû Stamme) Neder-Sû Yndianemienskip Opper-Sû Mienskip Prairie Island Yndianemienskip Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip Mendota Mdewakanton  Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje Canupawakpa Dakota Naasje Dakota Plains Wahpeton Naasje Dakota Tipi Earste Naasje Sioux Valley Dakota Naasje Standing Buffalo Dakota Naasje Wahpeton Dakota Naasje White Bear  Earste Naasjes Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River Crow Creek Flandreau Fort Peck Jankton Lake Traverse Neder-Brulee Neder-Sû Opper-Sû Pine Ridge Prairie Island Rosebud Santy Shakopee Spirit Lake Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek Birdtail Hay Lands Dakota Plains Dakota Tipi Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Fishing Station Oak Lake 59A Oak Lake 59B Sioux Valley Standing Buffalo Wahpeton White Bear Whitecap Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje Grutte Sû Reservaat Lakota Frijheidsdelegaasje Nakota Republyk Lakota