Marty (Súd-Dakota)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Marty (Súd-Dakota)
Sifers
Ynwennertal 402 (2010)
Oerflak 8,4 km² (ynkl. wetter)
8,4 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 47,9 / km²
Hichte 441 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of South Dakota.svg Súd-Dakota
County Charles Mix County
Oar
Stifting 1859
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 42°59′28″N 98°25′50″W
De lizzing fan Marty yn Charles Mix County en yn 'e steat Súd-Dakota.

Marty (útspr.: ['ma:ɹɾi]) is in plak yn Charles Mix County, yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, dêr't it deunby de grins mei Nebraska leit. Hoewol't it net it haadplak fan 'e county is (dat is Lake Andres), is it wol it haadplak fan it Jankton Sû Yndianereservaat (Yankton Sioux Indian Reservation), fan 'e Jankton Sû Stamme (Yankton Sioux Tribe). Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Marty doe in ynwennertal fan om 'e 400 minsken hinne.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Marty 5,5% âlder as 65 jier en 46,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 16,7% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 40,9% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe (fan it befolkingssegmint fan ûnder de 18 jier sels 44,2%). Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 90,3% Yndianen; 4,5% blanken; 0,2% swarten; 5,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.