Grutte Sû Naasje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Grutte Sû Naasje (Ingelsk: Great Sioux Nation, útspr.: ['ɡɹe:t 'su: 'ne:ʃən]; : Očhéthi Šakówiŋ, útspr.: [o'tʃʰe:tʰi ʃa'ko:wĩ]) is in algemiene term dy't yn 'e regel brûkt wurdt om alle (Ingelsk: Sioux) ûnder te beflappen. De Sû, in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, binne nammentlik in nochal ferskate etnyske groep, dy't útinoar falt yn trije grutte etnyske en linguïstyske kloften, nammentlik de Lakota, de Eastlike Dakota en de Westlike Dakota. Foarhinne spriek men gauris fan 'e Lakota, de Dakota (d.w.s. de Eastlike Dakota) en de Nakota, wêrby't dy lêste beneaming dan op 'e Westlike Dakota sloech, mar resint taalûndersyk hat útwiisd dat de Eastlike en Westlike Dakota eins nau besibbe binne, sadat de namme "Nakota" no inkeld noch mar brûkt wurdt foar twa folle minder nau besibbe folken (de Assiniboin en de Stony), dy't net ta de Sû rekkene wurde. De Sû kinne fierders neffens tradysjonele etnyske en dialektyske breklinen opdield wurde yn sân grutte stammen, wêrby't de Titon (Lakota) dan noch wer fierder opspjalten wurde kinne yn wichtige substammen.

Hjirûnder in oersichtlike opbou fan 'e Sû as folk, mei útlis wat de nammen yn 'e eigen taal fan 'e Sû betsjutte.

  • Dakota (Ingelsk: Dakota; Eastlik Dakota: Dakhóta; Westlik Dakota: Dakȟóta)
    • Eastlike Dakota of Santy (Ingelsk: Eastern Dakota of Santee; Dakota: Isáŋyathi; "Messemakkers")
      • Mdewakanton (Ingelsk: Mdewakanton; Dakota: Bdewékhaŋthuŋwaŋ; "Doarp oan 'e Geastemar")
      • Sisseton (Ingelsk: Sisseton; Dakota: Sisíthuŋwaŋ; mooglik betsjuttend: "Doarp Dêr't It Goed Fiskjen Is")
      • Wahpekûte (Ingelsk: Wahpekute; Dakota: Waȟpékhute; "Bôgesjitters mank de Beammen")
      • Wahpeton (Ingelsk: Wahpeton; Dakota: Waȟpéthuŋwaŋ; "Blêdedoarp")
    • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai (Ingelsk: Western Dakota of Yankton-Yanktonai; Dakota: Wičhíyena)
      • Jankton (Ingelsk: Yankton; Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋ; "Doarp oan 'e Ein")
      • Janktonai (Ingelsk: Yanktonai; Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋna; "Doarpke oan 'e Ein")
  • Lakota (Ingelsk: Lakota; Lakota: Lakȟóta)
    • Titon (Ingelsk: Teton; Lakota: Thítȟuŋwaŋ; mooglik betsjuttend: "Dy't op 'e Prêrje Tahâlde")
      • Brulee (Ingelsk: Brule; Lakota: Sičháŋǧu; "Dy't Ferbaarnde Billen Hawwe" – "billen" yn 'e sin fan "boppeskonken")
      • Hûnkpapa (Ingelsk: Hunkpapa; Lakota: Húŋkpapȟa; "Dy't Har Kamp by de Doar Meitsje" – d.w.s. "Swalkers")
      • Minnikonzjû (Ingelsk: Minniconjou; Lakota: Mnikȟówožu; "Dy't oan it Wetter Plantsje")
      • Oglala (Ingelsk: Oglala; Lakota: Oglála; mooglik betsjuttend: "Dy't Harsels Fersilje")
      • Sâns Arks (Ingelsk: Sans Arcs; Lakota: Itázipčho; "Dy't Gjin Bôgen Hawwe")
      • Swartfuotten (Ingelsk: Blackfoot; Lakota: Sihásapa; "Dy't Swarte Fuotten Hawwe" – net te betiizjen mei it Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten)
      • Twatsjettels (Ingelsk: Two Kettles; Lakota: O'óhenuŋpa; "Dy't Twaris Siede")

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further reading en References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of SantyWestlike Dakota of Jankton-Janktonai) | Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik DakotaWestlik Dakota) | Lakota (Noardlik LakotaSintraal LakotaSúdlik Lakota)
Tradysjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton | Sisseton | Wahpekûte | Wahpeton | Westlike Dakota: Jankton | Janktonai (Neder-JanktonaiOpper-Janktonai) | Lakota: Titon (BruleeHûnkpapaMinnikonzjûOglalaSâns ArksSwartfuottenTwatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana | Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû StammeCrow Creek Sû StammeFlandreau Santy Sû Stamme fan Súd-DakotaJankton Sû StammeNeder-Brulee Sû Stamme
Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-DakotaRosebud Sû StammeSanty Sû NaasjeSisseton en Wahpeton Sû StammeSpirit Lake StammeStanding Rock Sû Stamme) | Neder-Sû Yndianemienskip | Opper-Sû Mienskip |
Prairie Island Yndianemienskip | Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip | Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje | Canupawakpa Dakota Naasje | Dakota Plains Wahpeton Naasje | Dakota Tipi Earste Naasje | Sioux Valley Dakota Naasje | Standing Buffalo Dakota Earste Naasje | Wahpeton Dakota Naasje | White Bear Earste Naasjes |
Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje | Wood Mountain Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River | Crow Creek | Flandreau | Fort Peck | Jankton | Lake Traverse | Neder-Brulee | Neder-Sû | Opper-Sû | Pine Ridge | Prairie Island | Rosebud | Santy | Shakopee | Spirit Lake | Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek | Birdtail Hay Lands | Dakota Plains | Dakota Tipi | Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen | Fishing Station | Oak Lake 59A | Oak Lake 59B | Sioux Valley | Standing Buffalo | Wahpeton | White Bear | Whitecap | Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje | Grutte Sû Reservaat | Lakota Frijheidsdelegaasje | Nakota | Republyk Lakota