Grutte Flakten (Noard-Amearika)

Ut Wikipedy
De Grutte Flakten yn Noard-Amearika.

De Grutte Flakten (Ingelsk: Great Plains) is de beneaming foar de útstrutsen flakte yn it sintrale diel fan Noard-Amearika. Dat gebiet bestie foarhinne alhiel út prêrje. Dêrfandinne dat soms de begripen 'de Grutte Flakten' en 'prêrje' betize wurde, mar de Grutte Flakten binne in poer geografyske oantsjutting, wylst mei de term 'prêrje' ferwiist wurdt nei in beskaat flak, mei lang gers begroeid lânskipstype dat karakteristyk is foar Noard-Amearika.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Grutte Flakten foarmje it westlike part fan 'e folle gruttere Binnenlânske Flakten fan Noard-Amearika, dy't fan 'e Appalachen yn it easten oant de Rocky Mountains yn it westen rikke. De Grutte Flakten sels beslane dielen fan 'e Feriene Steaten en Kanada. De Amerikaanske steaten Noard-Dakota, Súd-Dakota, Nebraska en Kansas hearre der yn har folsleinens ta. Dêrnjonken omfiemje de Grutte Flakten ek dielen fan 'e Amerikaanske steaten Iowa, Kolorado, Montana, Nij-Meksiko, Oklahoma, Teksas en Wyoming, en fan 'e Kanadeeske provinsjes Alberta, Manitoba en Saskatchewan.

De Grutte Flakten yn Nebraska.

Yn it westen wurde de Grutte Flakten begrinzge troch de bergen fan 'e Rocky Mountains, yn it noarden troch de boreäle nullewâlden fan Kanada, en yn it easten troch de heuvelige langgersprêrje by de Mississippy lâns. Yn it suden wurdt ornaris de Rio Grande, de grinsrivier fan 'e Feriene Steaten mei Meksiko, beskôge as it plak dêr't de Grutte Flakten einigje, hoewol't guon geografen der ek noch in part fan noardlik Meksiko ta rekkenje. Fanwegen it ferskil yn klimaat wurdt faak ûnderskie makke tusken de noardlike Grutte Flakten (dêr't in lânklimaat hearsket) en de súdlike Grutte Flakten, mei in subtropysk klimaat of in steppeklimaat.

De Grutte Flakten mjitte rûchwei 800 km fan east nei west en sa'n 3.200 km fan noard nei súd. Se hawwe in oerflak fan likernôch 1,3 miljoen km². It westlike, heger leine diel fan 'e Grutte Flakten, dat oan 'e Rocky Mountains grinzget, wurdt wol oantsjut as de Hege Flakten. Ek ferskate isolearre heuvelten, berchtmen en plato's wurde ta de Grutte Flakten rekkene, hoewol't dy kriten dúdlik net 'flak' binne. Dêrby moat men yn it foarste plak tinke oan 'e Black Hills, fan Súd-Dakota, mar ek oan it Missoeryplato yn 'e Dakota's en Montana en oan it Edwardsplato yn Teksas.

De Grutte Flakten yn Noard-Dakota.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under it Kryt (145 oant 66 miljoen jier lyn) wiene de Grutte Flakten oerdutsen troch in ûndjippe binnensee, dy't de Westlike Binnenlânske See neamd wurdt. Yn it lette Kryt en ûnder it Paleoseen (65 oant 55 miljoen jier lyn) begûn it seenivo omleech te gean, en kamen de Grutte Flakten stadichoan drûch te fallen. Neitiid begûn it gebiet him ûnder it Mioseen en it Plioseen, sa'n 25 miljoen jier lyn, te ûntjaan ta in mei gers begroeide iepen flakte.

Folle koarter lyn libben dêr mammoeten, mastodonten, reuzeloaierts, Amerikaanske hynders, koartsnútbearen en Amerikaanske liuwen, dy't allegear oan 'e ein fan it Pleistoseen (omtrint 13.000 jier lyn) útstoaren. Om dy tiid hinne hiene de earste saneamde Paleo-Yndianen har al op 'e Grutte Flakten fêstige, en it is noch altyd de fraach oft dyselden ferantwurdlik wiene foar (in diel) fan it dat grutte útstjerren, of dat de neamde bisten har net oanpasse koene oan 'e feroarjende klimatologyske omstannichheden.

De Grutte Flakten yn eastlik Nij-Meksiko.

Doe't de kolonisaasje fan Noard-Amearika troch de Jeropeänen begûn, hie dat yndirekt in grutte ynfloed op it libben op 'e Grutte Flakten. Trochdat de stammen op 'e flakten de ferwyldere hynders fongen en belearden dy't oan 'e Spanjerts yn harren koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko) ûntkommen wiene, ûntstie oan it begjin fan 'e achttjinde iuw de ferneamde hynstekultuer fan 'e Flakte-Yndianen. Wylst it hynder út it suden kaam, die fanút it noardwesten it gewear syn yntree. Dêrby waarden guon stammen nei oare gebieten ta ferdreaun troch har fijannen dy't earder it hynsteriden leard of beskikking oer fjoerwapens krigen hiene as sy.

Tsjin 'e tiid dat de earste blanke ûntdekkingsreizgers har op 'e Grutte Flakten bejoegen, waarden de noardlike flakten bewenne troch de Arikara, Assiniboin (Assiniboine), Flakte-Kry (Plains Cree), Flakte-Odjibwe of Soalto (Plains Ojibwe of Saulteaux), Gro Wânt (Gros Ventre), Hidatsa, Iowa, Krieën (Crow), Lakota, Mandan, Noardlike Arapaho, Noardlike Sjajinnen (Northern Cheyenne), Omaha, Ponka (Ponca), Sarsy (Sarcee), Súdlike Stony (Southern Stoney), Swartfuotten (Blackfeet) en Westlike Dakota.

Amerikaanske bizons weidzje op 'e prêrje.

De súdlike flakten waarden bewenne troch de Flakte-Apachen (Plains Apache of Kiowa Apache), Kajowa (Kiowa), Kansa (Kansa of Kaw), Keddo (Caddo), Kitsai, Komantsjen (Comanche), Missoeria (Missouria), Osadzje (Osage), Oto (Otoe), Pâny (Pawnee), Súdlike Arapaho, Súdlike Sjajinnen (Southern Cheyenne), Taovaya, Tawakony (Tawakoni), Tonkawa, Weko (Waco) en Witsjitta (Wichita). Dêrby wiene de bewenners fan 'e westlike flakten yn 'e regel folsleine nomaden, dy't oanhâldend op 'e swalk wiene en de ûnbidige keppel bizons folgen, wylst de stammen yn it eastlike diel fan 'e Grutte Flakten faak semy-nomadysk wiene of har fêst op ien plak nei wenjen setten en primêr fan 'e lânbou libben.

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw fûn de kolonisaasje fan 'e Grutte Flakten troch de blanken plak. Dat gie mank mei in rige fûleindige wapene konflikten dy't bekendsteane as de Flakte-Yndiaanske Oarloggen. Fral de Lakota, Sjajinnen, Arapaho, Kajowa, Komantsjen en Flakte-Apachen fersetten har dêrby út alle macht tsjin 'e ûntnadering fan harren lân, wylst oare stammen, lykas de Krieën en de Pâny, de blanken te freon besochten te hâlden.

Grûnwetterferbrûk út 'e Ogallala Akwifer op 'e súdlike Grutte Flakten.

Ien fan 'e bekendste en bloedichste konflikten út dy snuorje wie de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, wêrby't de Lakota en Sjajinnen it Amerikaanske Leger yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn Montana, in slimmen nederlaach tabrochten. Dêrop besochten de blanken moedwillich en rûgje de bizon út, dêr't de Flakte-Yndianen foar harren iten ôfhinklik fan wiene. Sadwaande moasten de Flakte-Yndianen úteinlik belies jaan. It lêste ferset tsjin 'e blanke oerhearsking fan 'e Grutte Flakten, troch de pasifistyske geastedûnsbeweging, waard yn 1890 troch it Amerikaanske Leger yn bloed smoard ûnder it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee.

Nei't de Yndianen oerwûn en yn reservaten opsletten wiene, waarden de Grutte Flakten troch de Amerikanen feroare yn in agrarysk gebiet, mar troch ferkearde lânboumetoaden kaam de fruchtbere boppelaach fan 'e grûn, dy't earder troch it djipwoartelige prêrjegers fêstholden wie, los te lizzen. Dat late yn 'e 1920-er en 1930-er jierren ta de saneamde Dust Bowl, in snuorje fan ûnbidige stofstoarmen op 'e súdlike Flakten (mei as sintrum de Panhandle fan Oklahoma), wêrby't de boppelaach as moude fuortwaaide en it bedriuwen fan lânbou frijwol ûnmooglik waard. Troch de Dust Bowl en teffens fanwegen finansjele swierrichheden feroarsake troch de Grutte Depresje, ferlieten yn dy tiid in protte fan 'e neikommelingen fan 'e oarspronklike kolonisten de Flakten wer, om op 'e siik nei wurk nei de stêden te tsjen.

Sûnt de 1950-er jierren hawwe de Grutte Flakten har lykwols troch it wiidweidich gebrûk fan yrrigaasje ûntjaan kinnen ta it wichtichste lânbougebiet fan Noard-Amearika. Sadwaande wurde de Flakten ek wol de "Nôtskuorre" fan 'e Feriene Steaten neamd. It gebiet is ien fan 'e grutste produsinten fan weet en stynske weet fan 'e wrâld, en teffens wurdt der noch in protte oan feehâlderij dien, benammen fan kij. It súdlike diel fan 'e Grutte Flakten leit oer de Ogallala Akwifer hinne, in ûnbidich grutte ûndergrûnske wetterfoarrie dy't datearret út 'e lêste iistiid. Dat feit hat yn dat gebiet yrrigaasje mooglik makke, mar tsjintwurdich wurdt der sa'n protte wetter oppompt dat de akwifer flugger lege wurdt as dat it wetter op natuerlike wize wer oanfolle wurde kin.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.