Black Hills

Ut Wikipedy
Black Hills
  berchtme
De Black Hills tichteby Mount Rushmore.
De Black Hills tichteby Mount Rushmore.
geografy
regio de Grutte Flakten
lân Feriene Steaten
steat Súd-Dakota
Wyoming
sifers
oerflak 13.000 km²
heechste punt Black Elk Peak
hichte 2.207 m
geology
yndieling heechberchtme
âldens 1,8 miljard jr
stiensoarte fulkanysk stiente (noarden)
granyt (suden)
kaart
Black Hills (Feriene Steaten)
Black Hills
Lokaasje fan 'e Black Hills yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten.

De Black Hills (letterlik: "Swarte Heuvels") foarmje in lyts rotsich geberchte dat boppe de prêrje fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika útstekt. It leit yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota mei in útrin yn eastlik Wyoming. De bergen binne alhiel begroeid mei nullebeammen en wurde dêrom wol beskreaun as in "eilân fan beammen yn in see fan gers".

Yn 'e Black Hills binne in protte nasjonale parken en monuminten te finen, wêrûnder Mount Rushmore, it Nasjonaal Park Wind Cave, it Nasjonaal Monumint Jewel Cave, it Nasjonaal Wâld de Black Hills, it Steatspark Custer (it grutste steatspark fan Súd-Dakota, en ien fan de grutsten yn 'e hiele Ferniene Steaten), it Steatspark Bear Butte en it Nasjonaal Monumint Devils Tower. Teffens leit yn 'e Black Hills Harney Peak, it heechste punt fan Noard-Amearika eastlik fan 'e Rocky Mountains. Gjin spesjale beskerme status hat it Tinkteken foar Mâl Hynder, dêr't nei in heale iuw noch altyd oan wurke wurdt.

Foar de kolonisaasje fan 'e Black Hills troch de blanken waard it gebiet bewenne troch de Lakota-Yndianen. Nei de Oarloch fan Reade Wolk waard it berchtme yn 1868 troch de Feriene Steaten by it twadde Ferdrach fan Fort Laramie formeel oan 'e Lakota ôfstien. Neitiid makke it ûnderdiel út fan it Grutte Sû Reservaat, dêr't gjin blanken kommen mochten, útsein oerheidsfunksjonarissen. Nettsjinsteande dat stjoerde it Amerikaanske regear yn 1874 it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer op 'en paad om te ûndersykjen oft de geroften oer de fynsten fan goud yn 'e Black Hills wier wiene. Under Custer syn Ekspedysje nei de Black Hills waard yndie goud oantroffen, wat late ta in stoarmrin fan goudsikers nei it berchtme by wat de Goudkoarts fan de Black Hills kaam te hjitten.

It heechste punt fan 'e Black Hills, de berch Black Elk Peak, mei in hichte fan 2.207 m.

Dat barren late ta de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, dy't einige mei de definitive nederlaach fan 'e Flakte-Yndianen. Yn 1877 waarden de Black Hills tsjin alle ferdraggen yn troch de Amerikaanske oerheid fan 'e Lakota ôfpakt en frijjûn foar kolonisaasje troch de blanken. De goudkoarts duorre oant 1879 en soarge yn 'e Black Hills foar in tanimmend tal ynwenners. It meastepart teach nei de nije stedsjes Deadwood, Lead, Custer en Central City. Yn 1880 wiene de Black Hills it tichtstbefolke gebiet fan it Dakota-Territorium. Sûnt dy tiid hat de mynbou oanhâldend in wichtige rol spile. Tsjintwurdich is ek it toerisme fan grut ekonomysk belang.

De Black Hills binne noch altyd in omstriden gebiet. Yn 1980 wiisde it Amerikaansk Heechgerjochtshôf oan acht Lakota- en oare -stammen in skeafergoeding fan goed $105 miljoen ta: $17,1 miljoen dollar foar de merkwearde fan it lân yn 1877 en $88 miljoen oan rinte (fan 5% it jier). Mei't it hôf lykwols wegere en erken harren rjochten op it lân sels, stegeren de Lakota de skikking ôf. Yn 2007 rôp de saneamde Lakota Frijheidsdelegaasje de ûnôfhinklikheid út fan 'e Republyk Lakota, dy't al it lân omfieme dat ûnder it earste Ferdrach fan Fort Laramie, út 1851, troch de Feriene Steaten oan de Lakota taparte wie, ynklusyf de Black Hills.