Rots

Ut Wikipedy
De rots Falkenstein, yn Dútslân.

In rots is in grutte, gearhingjende stienmassa dy't faak opfallend útstiket boppe de rest fan it lânskip. Rotsen binne dêrom populêr ûnder berchbeklimmers as objekten om te bestiigjen. Rotsen kinne nei it soarte stiente yn trije haadgroepen yndield wurde: kalkstien, sânstien en granyt.

Ien fan 'e bekendste rotsen is Uluru, midden yn 'e woastyn fan sintraal Austraalje, dy't foarhinne Ayers Rock neamd waard. In oar bekend foarbyld wurdt foarme troch de pylders, tafelbergen en oare rotsmassa's dy't ferspraat binne oer Monument Valley, yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten, in krite dy't fanwegen syn dramatysk oansjen yn it ferline gauris as dekôr foar westernfilms brûkt waard. Oare gebieten mei bekende rotsformaasjes binne de Frânske Sevinnen, it Boheemsk Paradys yn Tsjechje, en it Mullerthal yn Lúksemboarch.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.