Berchbeklimmen

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Ofdaling fan de Aiguille du Midi - It begjin fan ferskate Alpinismetochten yn it Mont Blanc Massyf

Berchbeklimmen, ek wol alpinisme neamd, is it beklimmen fan bergen, ornaris út rekreätyf motyf. It kin rotsklimmen en iisklimmen ynhâlde. By berchbeklimmen wurde ferskate natuerlike obstakels betwongen en beklommen. Dat kinne rotswanden, iiswanden, gletsjers of gewoan grutte púnfjilden of berchgreiden wêze. Neist de wenstige klimtechniken binne hjirby ek kennis fan meteorology, glasiology, rêdingstechniken, oriïntaasje en in treflike kondysje needsaaklik. It is de meast avontoerlike foarm fan de klimsport en wurdt dêrom ek wol de "keningsdissipline" neamd.


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Climbing fan Wikimedia Commons.