Nullewâld

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In sederwâld yn 'e Himalaya.

In nullewâld, nuddelwâld of nullebosk is in soarte wâld dat hielendal of fierhinne bestiet út nullebeammen en konifearen. Foar it meastepart behâlde sokke beammen by 't winter harren nullen, lykas dat it gefal is by dinnen, spjirren en seders, mar der besteane ek nulleferliezende soarten, lykas de liere, dy't hjerstmis syn grien falle lit. Nullewâlden komme fan natuere foar yn klimaatsônes mei kâlde winters en genôch delslach, mar ek wol yn waarmere gebieten op ûndergrûnen dy't net streksum genôch binne foar leafwâlden. It bêst bedije nullewâlden yn kontreien mei in lânklimaat of in heechberchtmeklimaat. Yn streken mei in seeklimaat (lykas Nederlân) kinne se wol oerlibje, mar florearje se oer it algemien net.

Nullewâlden komme yn Jeropa foar yn berchtmen as de Alpen, Pyreneeën, Apeninen, Balkan, Karpaten, Tatra, Kaukasus en Oeral, dêr't se hegerop op 'e berchskeanten groeie, boppe de leafwâlden. Fierders besteane se yn Midden-Jeropa ek op 'e fiedingsearme sângrûnen, dêr't se gefoeliger binne foar de skea dy't tabrocht wurdt troch soere rein, mei bygelyks yn Bohemen gefallen fan wâldstjerte as gefolch. Yn it grutste diel fan Skandinaavje en yn noardlik Ruslân, dêr't de winters te kâld binne foar leafwâld, komme útslutend nullewâlden foar. Dy spesifike nullewâldsône, tusken de sônes fan it mingd wâld en dy fan 'e toendra yn, wurdt de taiga neamd. Bûten Jeropa wreidet de taiga him út oer it grutste part fan Sibearje, noardlik Japan, Alaska en Kanada.

Yn Nederlân is it eins te waarm foar nullewâld, en hoewol't it hjir wol groeit, liedt it hjir in sieltôgjend bestean. Fan natuere komt it hjir dan ek net foar, mar yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw en de earste helte fan 'e tweintichste iuw is der op 'e Feluwe en yn Noard-Brabân en Drinte in soad nullewâld troch de minske oanplante om sânferstowing tsjin te gean en om hout te leverjen foar de mynbou yn Limburch. Hjoed de dei wurde in protte fan dy oanplante nullewâlden wer stadichoan omfoarme ta natuerliker leafwâlden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Footnotes, op dizze side.