Woartel (plant)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De woartels fan in omfallene beam.

De woartel is it ûndergrûnske diel fan in plant, dat ferskate wichtige funksjes hat. Yn it foarste plak tsjinnet it om wetter en dêryn oploste fiedingsstoffen út 'e boaiem op te nimmen, wat foar planten in earste libbensbehoefte is. Troch de opname fan wetter ûntstiet der in woarteldruk, dy't by ûnfoldwaande ferdamping yn 'e blêden sa grut wurde kin dat it oerstallige wetter by de blêden nei bûten ta parse wurdt yn in proses dat gúttaasje neamd wurdt. In twadde wichtige funksje is it jaan fan stevichheid oan 'e plant troch in goede, djippe ferankering yn 'e ûndergrûn. Wat grutter de plant, wat grutter en djipper oft it woartelstelsel sadwaande wêze moat. Teffens fungearje de woartels by in protte planten ek as opslachplak foar fiedingsstoffen. By gewaaksen dy't har ûngeslachtlik fuortplantsje spylje de woartels fierders in wichtige rol op dat mêd.

Hoewol't woartels trochstrings ûnder de grûn lizze, kin it foarkomme dat se, bygelyks fanwegen de boaiemsteldheid, op plakken boppe de grûn groeie, of dat se troch boaiemeroazje bleatfallen binne. Beskate wetterplanten groeie hielendal net yn 'e grûn, mar helje al har fiedingsstoffen streekrjocht út it wetter dêr't se op driuwe. Sokke planten hawwe in grut tal tige lytse woarteltsjes en gjin woartelstôk of haadwoartel, om't se op it wetter gjin stevige ferankering nedich binne. By de measte gewaaksen kin lykwols steld wurde dat de woartel likernôch op grûnnivo oergiet yn 'e stâle. Men kin de woartelstôk fan 'e stâle ûnderskiede trochdat der oan 'e woartelstôk gjin blêden of knopen (nodiën) sitte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References en Further reading, op dizze side.