Stynske weet

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stynske weet
Zea mays "fraise"
Zea mays "Oaxacan Green"


Stynske weet (Zea mays ssp. mays), oarspronklik Westyndyske weet, is in nôt dat út Midden-Amearika komt en dy't ta de Gerzen heart. Ornaris wurdt oannaam dat Stynske weet in domestikaasje fan de Zea mays ssp. parviglumis is, mar der binne ek in pear oare teoryen oer.

Stynske weet wurdt op ferskate wizen as fiedsel brûkt. It moal wurdt ûnder oaren brûkt om tortilla's fan te meitsjen en ek korn flakes is der fan makke.