Springe nei ynhâld

Ponka (folk)

Ut Wikipedy
Ponka
Ponca

Ferneamde Ponka. Fan loftsboppen mei de klok mei: Wite Earn, Tommy Morrison, Steande Bear, Carter Camp.
flagge
Ponka fan Nebraska Ponka fan Oklahoma
populaasje
oantal 6.300 (2013)
taal Ponka(no Ingelsk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy,
synkretisme
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Feriene Steaten
fersprieding
Feriene Steaten: 6.300
Oklahoma:    3.500
Nebraska:    2.800

De Ponka (Ingelsk: Ponca; Ponka: Páⁿka) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat tsjintwurdich benammentlik yn it noardlike part fan 'e Amerikaanske steat Oklahoma en it noardeasten fan Nebraska wennet. Harren taal, it Ponka, heart ta de Sûaanske taalfamylje, en is nau besibbe oan it Omaha. Histoarysk wennen de Ponka wierskynlik oarspronklik yn 'e delling fan de rivieren de Ohio en de Mississippy, mar tsjin 'e tiid fan it earste kontakt mei de Jeropeänen libben se al yn noardeastlik Nebraska. Yn 1877 waarden se slachtoffer fan in deportaasje nei wat doedestiden it Yndiaanske Territoarium wie (it moderne Oklahoma). Hjoed de dei binne der sa'n 6.300 Ponka, dy't twa federaal erkende stamme-organisaasjes hawwe en in Yndianereservaat yn Nebraska.

De term 'Ponka' (Páⁿka) wie oarspronklik de namme foar in substamme fan 'e (oan 'e Ponka besibbe) Kansa (Kansa of Kaw), Osadzje (Osage) en Kwapou (Quapaw). De letterlike oarspronklike etymology fan 'e namme is "kielôfsnijers".

Der binne tsjintwurdich likernôch 6.300 Ponka. Dêrfan binne likernôch 3.500 oansletten by (en wurde polityk fertsjintwurdige troch) de federaal erkende Ponka Stamme fan Oklahoma (Ponca Tribe of Oklahoma). Dy organisaasje hat syn haadkertier yn White Eagle, in útbuorren fan Ponca City, yn it middennoarden fan Oklahoma. Nochris krapoan 2.800 Ponka binne lid fan 'e krektlyk federaal erkende Ponka Stamme fan Nebraska (Ponca Tribe of Nebraska), wêrfan't it haadkertier fêstige is yn Niobrara, yn noardeastlik Nebraska. Dizze lêste stamme hat in eigen Yndianereservaat yn Nebraska, dat it Ponka Yndianereservaat (Ponca Indian Reservation) hjit.

De Ponka-kriger Moni Chaki, fotografearre yn 1898.

Yn 'e tiid dat de earste Jeropeänen kontakt mei har makken, libben de Ponka yn 'e neite fan it plak dêr't de rivier de Niobrara útmûnet yn 'e rivier de Missoury, yn wat no it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Nebraska is. (Hoewol't harren wenkrite op in lânkaart út 1701, dy't makke waard troch de Frânske ûntdekkingsreizger Pierre-Charles le Sueur, oan 'e bopperin fan 'e Missoury pleatst is.) Neffens harren eigen mûnlinge oerlevering wiene de Ponka nei de krite fan 'e Niobrara ta ferfearn út eastliker kontreien yn 'e dellingen fan 'e rivieren de Ohio en de Mississippy, dêr't se mei ferskate oare Degihaanske folken troch de Irokeeske Konfederaasje wei ferdreaun wêze soene. Foar't neist hat dat yn 'e twadde helte fan 'e santjinde iuw plakfûn as ûnderdiel fan 'e Beveroarloggen, dy't útfochten waarden om 'e hegemony yn 'e lukrative pelshannel.

Yn 1789 krige de pelzekeapman Jean-Bapiste Munier it monopoalje op 'e hannel mei de Ponka oan 'e mûning fan 'e Niobrara. Hy stifte dêr in hannelspost by in doarp dêr't sa'n 800 Ponka wennen. Koarte tiid letter waard de stamme troffen troch in ferneatigjende epidemy fan 'e pokken. Sadwaande wiene der 1804, doe't se besocht waarden troch de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark, noch mar 200 Ponka oer. Geandewei de trijefearns iuw dêrnei woeks harren oantal wer oan ta sa'n 700. De measte Flakte-Yndianen bestiene doedestiden folslein fan 'e jacht, fral op bizons, en fan it sammeljen fan yn it wyld groeiende fruchten, lykas beien. De Ponka jagen ek, mar dêrnjonken ferbouden se ek stynske weet en leine se kokentunen mei grienten oan.

Oanboazjende swierrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1817 tekenen de Ponka in fredesferdrach mei de Feriene Steaten. Yn 1825 waard dat fernijd en waarden der ek ôfspraken oer hannel oan tafoege. Yn 'e desennia dêrnei brocht de bizonjacht, wêrfoar't de Ponka fier nei it westen ta reizgje moasten, har almar mear en faker yn konflikt mei de Brulee-Lakota en yn mindere mjitte mei de Oglala-Lakota. Hoewol't se soms noch yn gearwurking mei Lakota-krigers doarpen fan 'e Pâny (Pawnee) oerfoelen, ûntstie der wat langer wat mear in sitewaasje fan oanhâldende oarlochfiering tusken de Ponka en de Brulee-Lakota. Dêrtroch rekken de Ponka ôfsnien fan harren jachtgrûnen yn it westen; harren lêste súksesfolle bizonjacht fûn plak yn 1855. Sadwaande wiene de Ponka twongen om mear op 'e lânbou te stypjen. De stamme wie ûnderwilens wer sa oanwoeksen, dat it folk him omtrint 1850 yn twaen opspjalte: it doarp Húbhtaⁿ ("Fiskrook"), dat oan 'e mûning fan 'e beek de Ponca Creek stifte waard, en it doarp Wáiⁿ-Xúde ("Grize Tekken"), oan 'e noardigge fan 'e Niobrara.

Wite Earn, it opperhaad dat de Ponka late ûnder harren deportaasje nei it Yndiaanske Territoarium.

Fan 'e 1850-er jierren ôf streamden de blanke kolonisten út it Easten fan 'e Feriene Steaten ta nei Nebraska. Om al dy lju fan grûn te foarsjen, sette it Amerikaanske regear de lânseigen folken dêre ûnder druk om harren lân te ferkeapjen. Om't de gebieten fan 'e stammen inoar oerlapen, rekken de Ponka yn 1854 in 113 km brede stripe lân tusken de Aowa Creek en de rivier de Niobrara kwyt doe't de nau oan harren besibbe Omaha in diel fan harren lân oan 'e Amerikanen ferkochten. Mei't se yn 'e knipe kamen tusken de Brulee oan 'e iene kant en de Amerikanen oan 'e oare kant, besleaten de lieders fan 'e Ponka yn 1858 om in grut diel fan harren lân oan 'e Feriene Steaten ôf te stean. Yn dat gebiet stiften blanke kolonisten yn 1862 it doarp Niobrara op it plak dêr't de Ponka earder har simmermaïs ferboud hiene. Neitiid twongen oerfallen troch de Brulee de Ponka om ek Húbthaⁿ en omkriten op te jaan.

It lân dat se oerholden lei tusken de Ponca Creek en de Niobrara yn, likernôch tusken de hjoeddeiske plakken Butte en Lynch. It die al rillegau bliken dat dy krite ûngeskikt wie foar it bedriuwen fan lânbou, en om't de Ponka dêrfan ôfhinklik wiene foar in grut part fan harren iten, litten se krapte dy't útrûn op oanhâldende hongersneed. Yn dyselde snuorje wiene se ek noch altyd it slachtoffer fan oerfallen troch de Brulee. Jierrenlang besochten se harsels te bedrippen troch ferskillende gewaaksen te ferbouwen, te jeien op lyts wyld en hynders te fokken yn 'e neite fan harren âlde doarp Húbthaⁿ en it Amerikaanske doarp Niobrara. It Amerikaanske regear fersomme ûnderwilens om 'e mûnen en skoallen te bouwen en de beskerming te bieden dy't de Ponka by it ferkeapjen fan harren lân ûnthjitten wiene. Likemin waard de distribúsje fan jierjilden en replik guod oanpast oan 'e groeiende befolking.

Pas yn 1865 waard der in nij ferdrach sletten, dat de Ponka tastimming joech om werom te kearen nei harren tradisjonele boulân en begraafplakken yn in gebiet dat mear nei it easten tusken de Ponca Creek en de Niobrara lei, yn 'e delling fan 'e rivier de Missoury, dêr't de grûn folle fruchtberder en it wenjen feiliger wie. In nije ramp folge lykwols yn 1868, doe't it Amerikaanske regear by it Ferdrach fan Fort Laramie mei de Lakota, dat in ein makke oan 'e Oarloch fan Reade Wolk, it lân fan 'e Ponka yllegaal weijoech om ûnderdiel te wurden fan it nije Grutte Sû Reservaat. Fan gefolgen besleat it regear yn Washington, D.C. neitiid dat de Ponka nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) ferfarre moasten.

Yn 1875 hiene Wite Earn, it heechste opperhaad fan 'e Ponka, en ferskate oare foaroanlju, wêrûnder Steande Bear, in moeting mei de Yndiaanske agint A.J. Carrier, wêrby't se in dokumint ûndertekenen dat harren deportaasje nei it Yndiaanske Territoarium omfieme. De opperhaden holden letter út dat de ôfspraken ferkeard foar harren fertaald wiene, en dat sy begrepen hiene dat se ynstimden mei in ferhuzing nei it Omaha Yndianereservaat yn eastlik Nebraska. Mar mei harren protesten bedijden se neat, dat yn febrewaris 1877 reizgen acht opperhaden fan 'e Ponka mei ynspekteur Edward C. Kemble nei it Osadzje Yndianereservaat yn it Yndiaanske Territoarium om in gaadlik plak foar harren eigen reservaat te sykjen. Om't de pleatslike Yndiaansk agint it spul net taret hie, koe dêr neat fan komme. Kemble joech de Ponka de skuld fan it misferstân en liet se dêr yn 'e steek sadat se nei Nebraska weromrinne moasten.

It opperhaad Steande Bear, dy't mei Standing Bear v. Crook in wichtige oerwinning behelle foar Yndiaanske boargerrjochten yn 'e Feriene Steaten.

Mar Kemble sette syn plannen al troch, en yn april fan datselde jier reizge er nei it Kwapou Yndianereservaat, yn 'e neite fan it hjoeddeiske Peoria (Oklahoma), mei dat diel fan 'e Ponka dat min ofte mear frijwillich út Nebraska wei woe. Yn maaie deportearre it Amerikaanske Leger de rest fan it folk ûnder twang, wêrûnder Wite Earn en Steande Bear. De Ponka arrivearren te let yn it Yndiaanske Territoarium om dat jiers noch te plantsjen en te rispjen, en it Amerikaanske regear fersomme boppedat om harren te foarsjen fan it lânbougereid dat de Ponka ûnthjitten wie as ûnderdiel fan it oarspronklike ferhuzingsferdrach. Yn 1878 ferfearen se goed 240 km nei it westen ta, nei de rivier de Arkansas, súdlik fan it hjoeddeiske Ponca City. Tsjin 'e maityd fan 1879 wie troch de strieminne libbensomstannichheden yn it Yndiaanske Territoarium hast in trêdepart fan 'e stamme omkommen oan honger, malaria en oanbesibbe oarsaken.

Dy omstannichheden, en yn 't bysûnder de dea fan syn âldste soan, brochten Steande Bear derta om yn 1879 mei 65 folgelingen werom te kearen nei harren heitelân yn 'e Delling fan 'e Niobrara. Doe't it Amerikaanske regear dêr lucht fan krige, joech dat oan brigadegeneraal George Crook befel om 'e Ponka op te pakken en daliks werom te stjoeren nei it Yndiaanske Territoarium. Crook, lykwols, dy't mei de Ponka te dwaan hie, trainearre de saak mei opsetsin en liet it útlekke nei de sjoernalist Thomas Tibbles. Nei't se it artikel lêzen hiene dat troch dyselde skreaun wie, beaen de abbekaten John L. Webster en Andrew J. Poppleton fergees harren tsjinsten oan Steande Bear oan.

Dat late ta de ferneamde rjochtsaak Standing Bear v. Crook, wêrby't Steande Bear in ynmoedich pleidoai hold foar it takennen fan boargerrjochten oan Yndianen. Op 12 maaie 1879 die rjochter Elmer S. Dundy yn dy saak de útspraak dat in Yndiaan in persoan wie mei rjochten ûnder de Amerikaanske wet, dy't dus net samar yn 'e hechten set wurde kin. Dêropta fûn er dat it Amerikaanske federale regear net oantoand hie dat der in wetlike basis bestie foar de finzenname fan 'e Ponka. Dat wie foar dy tiid in revolúsjonêre útspraak, mei't Yndianen sjoen waarden as wylden en barbaren, op wa't de wet, dy't bedoeld wie foar beskaafde lju, net fan tapassing wêze koe.

Lettere skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As gefolch fan Standing Bear v. Crook stie it Amerikaanske regear neitiid ta dat Steande Bear en syn folgelingen yn Nebraska bleaune en har wer yn harren âlde heitelân oan 'e Niobrara nei wenjen setten. Yn 1881 joech it regear boppedat 106 km² grûn oan harren werom en kamen der mear Ponka oer út it Yndiaanske Territoarium. Yn 1899 waard it Ponka Yndianereservaat yn Nebraska weroprjochte, mar om dyselde tiid hinne ferlearen de Ponka fan Oklahoma harren reservaat ûnder de Wet-Curtis fan 1898, dy't alle reservaten yn Oklahoma ôfskafte. Under de Yndiaanske Lânferdielingswet wie it reservaatlân earder, yn 1891 en 1892, al opdield yn perselen foar yndividuële húshâldings, en no waard it oerbleaune gebiet frijjûn foar kolonisaasje troch de blanken.

Nei't Oklahoma yn 1907 in Amerikaanske steat wurden wie, waard in diel fan it oerbleaune lân fan 'e Ponka ferkocht of ferpachte oan 'e 101 Ranch fan 'e bruorren Miller, in feepleats dêr't in grut diel fan 'e Ponka fan Oklahoma oan it wurk koe. Yn 1911 waard der oalje ûntdutsen op it lân fan 'e Ponka, mar hoewol't dat in beskate wolfeart brocht, waarden der ek nije swierrichheden troch feroarsake. Sa ûntstie der in miljeuramp doe't oaljeraffinaderijen harren giftige ôffal streekrjocht yn 'e rivier de Arkansas loasden.

It stânbyld fan Steande Bear yn Ponca City.

Nei de Twadde Wrâldoarloch reorganisearren de Ponka fan Oklahoma harren bestjoer ûnder de Wet op it Yndiaanske Wolwêzen yn Oklahoma. Dêrby namen se op 20 septimber 1950 de grûnwet oan fan 'e Ponka Stamme fan Oklahoma, dy't federale erkenning krige. Underwilens makke it Amerikaanske regear risselwaasje om 'e Ponka fan Nebraska harren erkenning krekt te ûntnimmen. Under it saneamde Yndiaanske terminaasjebelied waard dat yn 1966 trochfierd. It Ponka Reservaat waard opheft, it lân yn perselen ûnder de yndividuële Ponka ferdield en wat oerbleau, waard ferkocht oan blanken. Neitiid ferkochten in protte Ponka troch de jierren hinne harren perselen, wêrby't se net selden bedragen waarden troch lju dy't oan lânspekulaasje diene. Yn 'e 1970-er jierren waard de Ponka Stamme fan Nebraska weroprjochte, en nei hast tweintich jier fan krewearjen wist dy organisaasje op 31 oktober 1990 syn federale erkenning werom te winnen.

It Ponka, de lânseigen Sûaanske taal fan 'e Ponka, is tige nau besibbe oan it Omaha, wêrmei't it feitliks goed ûnderling fersteanber is. De measte taalkundigen sjogge it Omaha-Ponka dêrom as ien taal en it Ponka en it Omaha as dialekten fan dy taal. De Omaha- en Ponka-Yndianen fersette har tsjin dy opfetting, en beskôgje harren eigen respektivelike spraken wol deeglik as selsstannige talen. It Ponka is no útstoarn, mei't der gjin memmetaalsprekkers mear binne. Wol binne der noch in hantsjefol leden fan 'e âlderein dy't de taal op net-floeiende wize sprekke kinne.

Stamme-organisaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
federaal erkende stammen yn 'e Feriene Steaten
stamme etnyske groep(en) steat haadkertier populaasje opmerkings
Ponka Stamme fan Nebraska
Ponca Tribe of Nebraska
Ponka Nebraska Niobrara 2.800
Ponka Stamme fan Oklahoma
Ponca Tribe of Oklahoma
Ponka Oklahoma White Eagle 3.500 White Eagle is in útbuorren fan Ponca City

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.