Elmer S. Dundy

Ut Wikipedy
Elmer S. Dundy
persoanlike bysûnderheden
echte namme Elmer Scipio Dundy
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 maart 1830
berteplak Trumbull County (Ohio)
stoarn 28 oktober 1896
stjerplak Omaha (Nebraska)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt abbekaat, rjochter
aktyf as steatspolitikus
jierren aktyf 18531896

Elmer S. Dundy (folút: Elmer Scipio Dundy; Trumbull County (Ohio), 5 maart 1830Omaha (Nebraska), 28 oktober 1896) wie in Amerikaansk abbekaat en rjochter, dy't bekendheid krige troch ferskate opsjochjaande fûnissen oangeande de rjochten fan 'e Yndianen.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonge jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dundy waard yn 1830 berne op it plattelân fan Trumbull County, yn 'e Amerikaanske steat Ohio. Hy learde foar jurist en begûn yn 1853 in eigen abbekatekantoar yn Clearfield, yn Pennsylvania, dat er oant 1858 runde, doe't er ferfear nei Nebraska. Fan 1858 oant 1862 tsjinne er dêr as lid fan it Territoriale Kongres, wêrnei't er fan 1862 oant 1863 wer in abbekatekantoar runde yn Falls City (Nebraska).

As rjochter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1863 waard Dundy beneamd ta rjochter, en dêrnei wied er oant 1867 lid fan it Territoriale Heechgerjochtshôf fan Nebraska. Doe't Nebraska yn april 1868 as folweardige steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen waard, waard Dundy troch presidint Andrew Johnson nominearre as rjochter fan 'e nij oprjochte arrondissemintsrjochtbank fan 'e steat. Yn dy funksje waard er op 9 april 1868 befêstige troch de Amerikaanske Senaat.

Neitiid krige Dundy bekendheid troch ferskate opsjochjaande útspraken oangeande de rjochten fan 'e Yndianen. Yn 1879 siet er de rjochtsaak Standing Bear v. Crook foar, dy't it Ponka-opperhaad Steande Bear oanspand hie tsjin de Amerikaanske oerheid yn 'e persoan fan brigadegeneraal George Crook. De Ponka wiene nammentlik yn 1877 út harren heitelân yn noardeastlik Nebraska wei deportearre nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma), dêr't se ûnder strieminne omstannichheden libje moasten wylst in trêdepart fan 'e stamme oan malaria en ûnderfieding omkaam. Doe't Steande Bear mei 65 folgelingen weromkearde nei Nebraska, waarden se yn opdracht fan it Amerikaanske regear oppakt troch Crook. Dyselde hie mei de Yndianen te dwaan, en soarge derfoar dat de sjoernalist Thomas Tibbles harren ferhaal buorkundich makke. Dêrop beaen de abbekaten Andrew J. Poppleton en John L. Webster oan om Steande Bear pro deo te fertsjintwurdigjen.

Dundy die op 12 maaie 1879 útspraak dat in Yndiaan in 'persoan' is yn 'e betsjutting fan 'e Habeas Corpus-wet fan 1679. Dêropta fûn er dat it Amerikaanske federale regear net oantoand hie dat der in wetlike basis bestie foar de finzenname fan 'e Ponka. Dat wie foar dy tiid in revolúsjonêre útspraak, mei't Yndianen sjoen waarden as wylden en barbaren, op wa't de wet, dy't bedoeld wie foar beskaafde lju, net fan tapassing wêze koe. Dat feroare no yn ien klap, mei't yn it ferlingde fan dizze útspraak Yndianen deselde beskerming ûnder de Amerikaanske wet tametten wurde moast as bygelyks Meksikanen of Dútsers. De rjochter die dêr noch oan ta: "It rjocht om jin bûten jins eigen gerjochtichheid te bejaan is in natuerlik, ynherint en ûnferfrjemdber rjocht, dat him sawol útwreidet nei de Yndiaan as nei it fortúnliker blanke ras." Mei oare wurden: Yndianen koene net tsjin harren wil twongen wurde om yn in reservaat te bliuwen.

Yn 1880 makke Dundy diel út fan in rjochtbank dy't him oer de saak Elk v. Wilkins bûgde. Yn harren útspraak holden Dundy en syn kollega's út dat yndividuële Yndianen dy't harren stammen ferlitten hiene om har bûten de reservaten te fêstigjen dêrtroch Amerikaanske steatsboargers wurden wiene. Fjouwer jier letter, yn 1884, waarden se yn dizze saak weromfluite troch it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, dat besliste dat Yndianen dy't berne wiene as lid fan harren stamme, inkeld Amerikaanske steatsboargers wurde koene as dêrta spesifike wetjouwing oannommen waard. It soe dêrtroch noch oant 1924 duorje ear't it meastepart fan 'e Yndianen yn 'e Feriene Steaten it Amerikaansk steatsboargerskip krige ûnder de Yndiaanske Boargerskipswet fan 1924.

Ferstjerren en neilittenskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dundy tsjinne as rjochter oant 28 oktober 1896, doe't er yn 'e âlderdom fan 66 jier yn Omaha kaam te ferstjerren. Dundy County, yn Nebraska, is nei him ferneamd. Syn soan Elmer S. Dundy jr., better bekend as Skip Dundy (nei syn middelnamme Scipio), krige letter in beskate ferneamdens as promoater fan it ferdivedaasjepark op Coney Island, by New York. Hy rekke by de entertainmentwrâld belutsen troch de ferhalen fan westernartyst Buffalo Bill Cody, dy't yn Skip syn jonkheid geregeldwei by de Dundy's oer de flier kaam.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.