Carter Camp

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Carter Camp
Carter Camp.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Carter Augustus Camp
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 18 augustus 1941
berteplak Pawnee (Oklahoma)
stoarn 27 desimber 2013
stjerplak White Eagle (Oklahoma)
etnisiteit Flagge fan de Ponka Stamme fan Oklahoma.PNG Ponka
wurkpaad
berop/amt elektrisiên
aktyf as polityk aktivist
jierren aktyf 19682013

Carter Camp (folút: Carter Augustus Camp; Pawnee (Oklahoma), 18 augustus 1941White Eagle (Oklahoma), 27 desimber 2013) wie in bekend Amerikaansk aktivist fan Yndiaansk komôf, dy't him benammen ynsette foar de politike rjochten fan 'e lânseigen befolking yn 'e Feriene Steaten, en teffens foar it miljeu. Camp hie in liedende rol binnen de Amerikaanske Yndiaanske Beweging en wie ien fan 'e organisators fan 'e Besetting fan Wounded Knee, yn 1973.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Camp waard yn 1941 berne yn Pawnee, yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma, as de trêde fan seis bern yn it gesin fan fakbûnaktivist Woodrow Camp en dy syn frou Jewell McDonald. Camp wie in etnyske Ponka, en wie lid fan 'e federaal erkende Ponka Stamme fan Oklahoma. Hy studearre yn 1959 ôf oan it Yndiaansk Kolleezje fan Haskell, tsjintwurdich de Yndiaanske Naasjes Universiteit fan Haskell, yn Lawrence, yn 'e steat Kansas.

Militêre tsjinst en gesin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1960 oant 1963 tsjinne Camp yn it Amerikaanske Leger, dêr't er it ta korporaal brocht. Hy wie stasjonearre yn West-Berlyn. Nei't er ôfswaaid wie, sette er him nei wenjen yn Los Angeles, dêr't er wurk fûn as elektrisiên yn in fabryk, en teffens aktyf wie as fakbûnsaktivist. Om dyselde snuorje hinne troude er mei Linda Carson, dy't libbenslang syn oarehelte bliuwe soe. Mei har krige er seis bern: Kenny, Jeremy, Victorio, Mazhonaposhe, Ahmbaska en Augustus.

Aktivisme foar de AIM[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) yn 1968 oprjochte waard, joech Camp him dêr daliks by. Dy organisaasje sette him op militante wize yn foar de rjochten fan 'e Yndianen yn 'e Feriene Steaten. Camp organisearre de AIM-ôfdielings yn Kansas en Oklahoma, en yn 1972 wied er djip behelle yn 'e organisaasje fan it saneamde Trail of Broken Treaties ("Paad fan Brutsen Ferdraggen"), in protest wêrby't demonstrearjende Yndianen dwers troch it hiele lân op 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. ta giene. Tegearre mei Hank Adams, de foarsitter fan 'e Nasjonale Koälysje fan Tsjerken, skreau Camp it Tweintich Punten-dokumint. It protest kulminearre yn 'e Washington yn 'e besetting fan it kantoargebou fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) en it oanbieden fan 'e Tweintich Punten oan fertsjintwurdigers fan it BIA.

Yn 1973 wie Camp mei Dennis Banks en Russell Means ien fan 'e organisators fan 'e Besetting fan Wounded Knee, wêrby't sa'n twahûndert Oglala-Lakota en oare leden fan 'e AIM it plakje Wounded Knee, yn Súd-Dakota, besetten, dêr't yn 1890 it alderlêste ferset fan 'e Lakota yn bloed smoard wie. Dêrby trochstiene de wapene aktivisten 71 dagen it belis troch de FBI en de United States Marshals Service. Mei Means wie Camp by dizze aksje ien fan 'e wurdfierders fan 'e besetters. Oan 'e kant fan 'e AIM foelen twa deaden (in Sjeroky út Noard-Karolina en in Oglala út it Pine Ridge Yndianereservaat) en trettjin ferwûnen, wylst der oan 'e kant fan 'e oerheidstsjinsten twa lju ferwûne waarden (wêrfan't ien, in FBI-agint, bliuwend ferlamme rekke).

Foar syn oandiel yn 'e besetting fan Wounded Knee waard Camp feroardiele foar ûntfiering, ûnrjochtlike opsluting en mishanneling fan fjouwer ynspekteurs fan 'e posttsjinst, en brocht er twa oant trije jier yn it tichthûs troch. Neffens syn suster Casey Camp Horinkek wie der fan 'e oanklachten tsjin him neat wier, mar sinnige it de Amerikaanske oerheid net om him nei de fernederjende gong fan saken te Wounded Knee gewoan gean te litten. Camp waard yn 1973 keazen ta foarsitter fan 'e AIM, mar koarte tiid letter waard er tegearre mei Means út 'e organisaasje setten, fanwegen in kontroversjeel konflikt mei in oare AIM-lieder, Clyde Bellecourt.

Lettere jierren en dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek dêrnei sette Camp syn aktivisme fuort. Mear as tweintich jier lang wied er tegearre mei in oare Wounded Knee-aktivist, Leonard Crow Dog, in organisator fan en aktyf dielnimmer oan it jierlikse sinnedûns-ritueel, dat holden waard waard yn it Rosebud Yndianereservaat fan Súd-Dakota. Camp organisearre ek protesten tsjin in neispiling fan 'e Ekspedysje fan Lewis en Clark en tsjin it bestean fan in bar foar motorriders deunby it haadkertier fan 'e Ponka Stamme fan Oklahoma.

Behalven foar de rjochten fan Yndianen wie Camp ek o sa yn 't spier foar it miljeu. Sa agearre er fûleindich tsjin 'e Keystone Piiplieding, in nije oaljepiiplieding dy't út Westlik Kanada wei hielendal nei Houston oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko komme soe te rinnen, en tsjin it ynrjochtsjen fan opslachplakken foar nukleêr en oar gefaarlik ôffal op Yndiaansk lân. Yn 2009 wurke er mei oan 'e dokumintêre American Experience: We Shall Remain – Wounded Knee. Nei in lang siikbêd kaam Camp op 27 desimber 2013 yn White Eagle, yn Oklahoma, te ferstjerren oan kanker. Hy waard 72 jier âld.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.