White Eagle (Oklahoma)

Ut Wikipedy
White Eagle
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Oklahoma
County Kay County,
Sifers
Ynwennertal 520 (2020)
Oerflak 15,2 km² (ynkl. wetter)
15,2 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 34,2 / km²
Hichte 289 m
Oar
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 36°36′30″N 97°04′34″W
Kaart
White Eagle (Oklahoma)
White Eagle
De lizzing fan White Eagle yn Oklahoma.

White Eagle is in unincorporated community yn Kay County, Oklahoma, yn de Feriene Steaten. It leit yn in gemeentefrij gebiet dat bestjoerlik en postaal ûnder it folle gruttere plak Ponca City falt, dat in eintsje nei it noarden leit. (Dat is in sitewaasje dy't ferlike wurde kin mei útbuorrens yn Fryslân dy't binnen de himrikken fan gruttere doarpen lizze.) Oare nammen foar it plak binne Ponca, White Eagle Agency en Whiteagle. Yn 2020 hie White Eagle 520 ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

White Eagle waard stifte op it plak dêr't omtrint 1877 it Yndiaansk agintskip fan it doetiidske Yndianereservaat fan 'e Ponka fêstige wie, dat letter ûnder de Wet-Curtis fan 1898 krekt as alle oare reservaten yn Oklahoma opheft is. White Eagle is ferneamd nei it Ponka-opperhaad Wite Earn (Ingelsk: White Eagle, ±1840-1914), dy't it wichtichste opperhaad fan 'e Ponka wie doe't hja yn 1877 út Nebraska wei nei it Yndiaanske Territoarium (no Oklahoma) ta deportearre waarden.[1]

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn White Eagle (postaal yn Ponca City) is it haadkertier fan 'e Ponka Stamme fan Oklahoma fêstige.[2][3]

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

berne yn White Eagle
ferstoarn yn White Eagle

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Johansen, Bruce E. White Eagle. Oklahoma Historical Society's Encyclopedia of Oklahoma History & Culture. 2009 (15 August 2009)
  2. Van de Logt, Mark. Ponca. Oklahoma Historical Society's Encyclopedia of Oklahoma History & Culture. 2009 (15 augustus 2009)
  3. Webside fan 'e Ponka Stamme fan Oklahoma

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.