Ekspedysje fan Lewis en Clark

Ut Wikipedy
De rûte fan 'e ekspedysje fan Lewis en Clark.

De Ekspedysje fan Lewis en Clark, dy't in begryp is yn 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten, wie de earste Amerikaanske ekspedysje dy't it lân trochkrúste dat no de westlike helte fan 'e Feriene Steaten foarmet. It wie in lange, gefaarlike en bytiden barre tocht fan Sint-Louis, oan 'e rivier de Mississippy, dwers troch de Grutte Flakten, de Rocky Mountains en de Cascades nei de kust fan 'e Stille Oseaan en wer werom, dy't mear as twa jier duorre, fan 14 maaie 1804 oant 23 septimber 1806. Om 'e ekspedysje út te fieren waard in groep frijwilligers út it Amerikaanske Leger útkeazen, ûnder befel fan kaptein Meriwether Lewis en dy syn freon luitenant William Clark. It is suver ûnfoarstelber dat se mar ien stjergefal te betreurjen hiene, nammentlik dat fan serzjant Charles Floyd, dy't in akute blinetermûntstekking krige.

De ekspedysje waard útfierd yn opdracht fan 'e Amerikaanske presidint Thomas Jefferson, koart nei't de Feriene Steaten har mei de Louisiana-Oankeap (1803) in ûnbidich grut stik lân yn 'e midden fan it Noardamerikaanske kontinint oanskaft hiene (op 'e kaart rjochts oanjûn yn grien). It wichtichste doel fan 'e ûntdekkingstocht wie om it nij oankochte gebiet te ferkennen en yn kaart te bringen, in Amerikaanske oanwêzichheid yn dat gebiet te pleatsen foar't Grut-Brittanje of ien fan 'e oare Jeropeeske grutmachten it ynpikte, en in praktyske rûte nei de westkust te finen. Fierders moasten de leden fan 'e ekspedysje ek wittenskip en ekonomy net út it each ferlieze; se hiene opdracht om 'e floara en fauna te bestudearjen en om hannelsrelaasjes mei de dêr wenjende Yndiaanske stammen oan te knoopjen. De eachtsjûgeferslaggen, deiboeken, lânkaarten en eksimplaren fan planten en bisten dêr't de ekspedysje mei weromkearde, befetten in wiere skat oan ynformaasje dy't de Amerikanen fan dy tiid foar it earst yn 'e kunde komme liet mei it Westen, en dy't noch altyd heech yn oansjen stiet yn 'e Amerikaanske wittenskip.

Meriwether Lewis en William Clark.

Under de Yndiaanske folken dêr't de ekspedysje mei yn kontakt kaam, wiene de Oto (Otoe), Missoeria (Missouria), Jankton-Dakota (Yankton Dakota), Lakota, Arikara, Mandan, Hidatsa, Sjosjoanen (Shoshone), Nez Persé (Nez Perce), Sjinnûk (Chinook), Klatsop (Clatsop) en Swartfuotten (Blackfeet).

Mei de Ekspedysje fan Lewis en Clark is fierders ûnferbreklik de namme fan Sacajawea (útspr.: Sakkedzjewië) ferbûn, in Yndiaanske frou dy't har mei har Frânsk-Kanadeeske man by de ekspedysje joech en meiteach oer flakten, rivieren en bergen nei de fiere westkust, en dêrby tusken de bedriuwen troch it libben skonk oan in poppe. Har namme hat yn 'e Amerikaanske skiednis wol in legindaryske lading krigen, ferlykber, miskien, mei dy fan Pokahontas, en it is ien dy't alle Amerikaanske skoalbern leare. Moderne wittenskippers binne fan miening dat har rol en wichtichheid yn it ferline slim oerdreaun binne. Sa ûntstride se bygelyks dat Sacajawea de gids wie dy't Lewis en Clark it paad wiisde, in ferhaal dat noch altyd rûnom ferteld wurdt. Wol jouwe se ta dat hja op oare mêden foar de ekspedysje fan belang wie, fral om't de fertsjintwurdigers fan 'e lânseigen folken dy't se ûnderweis tsjinkamen, it yn 'e regel as gerêststellend ûnderfûnen dat in frou fan dúdlik Yndiaansk komôf, mei in lytse poppe by har, diel útmakke fan it nuvere selskip.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References, Bibliography en Further reading, op dizze side.