Thomas Jefferson

Ut Wikipedy
Thomas Jefferson
politikus
echte namme Thomas Jefferson
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 4 augustus 1961
berteplak Shadwell (Firginia)
stjerdatum 4 july 1826[1]
stjerplak Charlottesville
partij Demokratysk-Republikeinske Partij
Presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 18011809
foargonger John Adams
opfolger James Madison
Fise-presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 17971801
foargonger John Adams
opfolger Aaron Burr
Amerikaansk minister fan Bûtenlânske Saken
amtsperioade 17901793
opfolger Edmund Randolph
Ambassadeur nei Frankryk
amtsperioade 17851789
foargonger Benjamin Franklin
opfolger William Short
Gûverneur fan Firginia
amtsperioade 17791781
foargonger Patrick Henry
opfolger William Fleming

Thomas Jefferson (Shadwell (Firginia), 13 april 1743 – Monticello by Charlottesville (Firginia), 4 july 1826) wie in Amerikaansk steatsman, filosoof, arsjitekt, slavehâlder, keunstner en de tredde presidint fan de Feriene Steaten. It ûntwerp fan de Unôfhinklikensferklearring fan 1776 (oannommen op de 4e july fan dat jier) wie foar in grut part syn fertsjinste.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thomas Jefferson waard berne yn Albemarle County in Firginia, yn in begoede famylje fan grutgrûnbesitters. Syn heit, Peter Jefferson, wie in autodidakt lânmjitter dy't in beskieden bûtenpleats mei 60 slaven hie. Syn soan soe letter sels ek grutboer en slavehâlder wurde. Syn mem, Jane Randolph Jefferson, hearde ta de wichtichste famyljes fan Firginia. Fan har twa soannen wie Thomas de âldste. Dêrnjonken hie se ek noch seis dochters. Oer syn mem hie Thomas yn syn memoires hast neat te sizzen Doe't syn heit yn 1757 stoar, die er alles om oan har tafersjoch te ûntsnappen. Hy luts yn by in skoalmaster yn de buert en learde dêr Latyn en Gryksk oant er yn 1760 nei de universiteit gie (College of William and Mary in Williamsburg).

Thomas Jefferson wie in mearsidich minske. Njonken politikus en filosoof wie er wittenskipper, jurist, útfiner, skriuwer en grûnlizzer fan de Jeffersoniaanske arsjitektuer. Yn 1767 waard er jurist by de rjochtbank yn Firginia. Yn de perioade wêryn't er as ambassadeur yn Frankryk fungearre, ferdjippe er him yn de winen fan dat lân. Ut de evaluaasjes fan de winen dy't bewarre bleaun binne, kin opmakke wurde dat er in grut kenner wie. Jefferson sammele yn syn libben tûzenen boeken yn syn persoanlike biblioteek yn Monticello. Nei de dea fan syn heit, Peter Jefferson, erve de takomstich presidint ûnder oare syn biblioteek. Hy erve ek in protte boeken fan George Wythe. Nei't de Britten de Library of Congress yn 1814 platbrânden, makke Jefferson syn samling fan mear as 6000 boeken oer oan it Congress foar fjouwer dollar it boek.

Yn 1772 troude er mei Martha Wayles Skelton, dy't dêrtroch Mrs. Martha Jefferson werd. Tegearre krigen se seis bern. Sy makke lykwols nea mei dat har man presidint fan de Feriene Steaten waard, want sy stoar al yn 1782 op 33-jierrige leeftiid. Harren âldste dochter, Martha Jefferson Randolph, waard mei Jeffersons presidintskip beskôge as first lady. Jefferson troude net wer, mar oer it algemien wurdt oannaam dat er in (seksuele) relaasje hie mei syn slavinne Sally Hemings, en dat er de heit wie fan har seis bern.

Oan syn útferkiezing yn the House of Burgesses skynt er sels in hantsje meiholpen te hawwen troch it útdielen fan fergeze rum punch. As politikus skreaun er pamfletten. Dêrmei foel er op by John Adams, dy't letter de twadde presidint wurde soe. Adams skode Jefferson nei foarren as de juste persoan om de Unôfhinklikensferklearring te skriuwen. Njonken dizze Amerikaanske Unôfhinklikensferklearring skreaun er it Statute of Virginia for Religious Freedom.

Unôfhinklikensferklearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jefferson wurdt beskôge als geastlik heit fan de Feriene Steaten. Hy ûntwurp de grûnslaggen fan de naasje: 'alle minsken binne lyk skepen', folkssoevereiniteit, it rjocht op ferset tsjin de oerheid wannear't dy har sels net oan de wet hâlde soe, en it 'natuerlike' rjocht op yndividuele frijheid, libben en the pursuit of happiness, it neistribjen fan gelok. Dizze basiswearden hie er foar in grut diel opdien út geskriften fan de Ingelske liberale Ferljochtingsfilosoof John Locke, by wa't er it prinsipe 'natuerrjocht' fûn. Mooglik waard er ek ynspirearre troch ferskate geskriften en ferklearringen út de Lege Lannen mei of nei de ûnôfhinklikensstriid tsjin de Spaanske hearsker yn de 16e iuw, lykas Spinoza, dy't fierder gie as Locke yn syn politike tinken oer (de rol fan) religy. By Ferljochtingsgedachten en -ideeën falt te tinken oan wearden as yndividuele frijheid, frijheid fan godstsjinst, gewisse, hannel, en rjocht op ferset tsjin ûnwettich gedrach fan de oerheid te finen.

Yn de Unôfhinklikensferklearring sketste Jefferson yn felle wurden it troch him en in soad oaren ûnderfûne útrûpeljen en begnibjen fan de Amerikanen; hy betitele de Ingelske kening as in tiran. It feit dat de Amerikanen bygelyks harren eigen lânbouprodukten net sels ferwurkje mochten, mar nei Ingelân skypje moasten, om se nei it bewurkjen dêr djoer ynkeapje te moatten, wie foar de measte Amerikanen net te fertarjen.

Rol yn Indian Removal Act[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al wurdt faak allinnich Andrew Jackson neamd by de Indian Removal Act, wie it nei alle gedachten Jefferson dy't it idee earst foarstelde. Jackson soarge allinnich foar de ymplemintaasje en de útfiering fan it plan dat Jefferson betocht hie. Jefferson lei syn plan út yn in rige priveebrieven oan William Henry Harrison. Syn earste aksjes om de Indian Removal Act te promoatsjen barde tusken 1776 en 1779, doe't er advisearre om de Cherokee en de Shawnee fan harren grûngebiet te fertriuwen nei it gebiet westlik fan de Mississippy. Doe't er al presidint wie, skreaun er op 27 febrewaris 1803 in broef oan de gûverneur fan Indiana Territory, wêryn't er syn plannen mei de yndianen dúdlik makket.

Republikein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jefferson spile ek in grutte rol yn de politike twadieling tusken federalisten (doe oanfierd troch Alexander Hamilton) en republikeinen. Jefferson keas foar de lêste partij. Hy wie foar in lytse oerheid, in haadrol foar de lânbou mei in protte lytse boeren en in desintralisearre belied. Ien fan syn meistanners wie James Madison, dy't er letter beneame soe ta syn minister fan Bûtenlânske Saken. De federalist Hamilton bepleite lykwols in sterke federale oerheid, in solide finansjeel stelsel en in regearing fan de rike, begoeden en heechbernen, mei oare wurden de elite.

Fan 1779 oant 1781 wie er gûverneur fan Firginia.

Fan 1785 oant 1789 wie Thomas Jefferson ambassadeur yn Frankryk, wêrtroch't er de Frânske Revolúsje fan tichtby bestudearje koe. Dêrnei wie er fan 1790 oant 1793, ûnder presidint George Washington, secretary of state (minister fan Bûtenlânske Saken). Nei yn 1792 al presidintskandidaat west te hawwen, waard er nei de Amerikaanske presidintsferkiezingen fan 1796 in 1797 fise-presidint ûnder John Adams. Nei de ferkiezingen fan 1800 waard er yn 1801 presidint. Hy bleaun dat twa terminen, nei ek de ferkiezingen fan 1804 wûn te hawwen, oant 1809.

As minister fan Bûtenlânske Saken en as fise-presidint kaam Jefferson yn ferset tsjin de yn syn eagen te sterk sintralisearre macht fan de regearing, wêrtroch't er mei sawol Hamilton as John Adams yn konflikt kaam. As presidint wie Jefferson sels lykwols frij dominant. It leafst oerlei er mei syn ministers fia ien-twaatsjes, yn stee fan yn de foltallige ministersfergadering. Him waard 'monargistysk' gedrach ferwiten, wêrmei't er syn eigen ideeën oer regearjen geweld oandie.

Presidint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Miskien syn grutste sukses as presidint wie de oankeap yn 1803 fan it enoarme grûngebiet fan de Frânsen, it Louisiana territory. Dêrmei ferdûbele er yn ien klap it grûngebiet fan de Uny. It omfette gehiel of gedieltelik de folgjende steaten: Louisiana, Arkansas, Missoery, Iowa, Minnesota, Noard-Dakota, Súd-Dakota, Nebraska, Kansas, Oklahoma, Teksas, Nij-Meksiko, Kolorado, Wyoming en Montana.

Napoleon droech ek sûnder beswieren Floarida, New Orleans en de farrjochten fan de Mississippy oer oan de Uny. Boppedat wreiden de Amerikanen yn it ramt fan de ekpedysje fan Lewis en Clark (bedoeld om te ûndersykjen oft in farrûte fan de Mississippy oant de Grutte Oseaan ta mooglik wie) harren macht út oer grutte dielen fan it westen fan it lân. Dizze gebietsútwreidingen soenen letter oan grutte oantallen yndianen it libben kostje.

Oare saken dy't Jefferson yn syn earste amtstermyn op syn konto skriuwe koe, wienen de opheffing fan de wiskybelesting, it lytser meitsjen fan de oerheid en it fuortwurkjen fan de steatsskuld. Dit wie mooglik troch de frede yn Jeropa, wêrtroch't de hannel florearre. It wie ek in sukses foar syn minister fan finânsjes, Albert Gallatin.

Syn twadde termyn as presidint wie dúdlik dreger. Frankryk en Ingelân krigen wer konflikten. De hannel oer see waard ûnfeilich en stagnearre, ek al om't Jeffersen de marine desimearre hie. Jefferson reagearre troch ferbod fan hannel mei Jeropa, mar it iennige resultaat dêrfan wie dat de Amerikaanske ekonomy in enoarme klap krige. Ynlansk krige er te krijgen mei opposysje. Jefferson woe him net op 'e nij ferkiesber stelle en luts him werom.

Nei it presidintskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn twa amtsterminen as presidint gie Jefferson wenjen yn Monticello. Dêr stifte er de Universiteit fan Firginia, wêrfoar't er sels it ûntwerp makke. De Universiteit fan Firginia is in oade oan de Romeinske keunst, it is letterlik in kopy fan it Romeinske Panteön. Dat is dúdlik werom te sjen yn it poadium wêrop't it bouwurk pleatst is en de koepel. Fierder boude er syn eigen hûs, dat Monticelle neamd wurdt.

Jefferson stoar op 83-jierrige leeftiid op 4 july 1826, op de dei ôf fyftich jier nei de oanname fan de Unôfhinklikensferklearring troch it Amerikaanske Kongres. Op de jûn fan 3 july spruts er syn lêste wurden. Hy soe frege hawwe: "Is it de fjirde?". Him waard antwurde dat it gau de fjirde wêze soe, wêrop't er yn sliep foel. Hy stoar op de middei fan de folgjende dei (de 4e). Op deselde dei stoar ek syn foargonger en earder politike rivaal John Adams op 90-jierrige leeftiid.

Jefferson waard begroeven op syn lângoed Monticello.

Kabinetsleden ûnder Jefferson[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kabinetsleden Ministearje Perioade Bysûnderheden
James Madison Bûtenlânske Saken 1801 - 1809 4e presidint fan de FS
Henry Dearborn Oarloch 1801 - 1809
Samuel Dexter Finânsjes 1801 Minister fan Definsje / Bûtenlânske Saken ûnder John Adams
Levi Lincoln Justysje 1801 - 1804
Benjamin Stoddert Marine 1801 Idem ûnder John Adams
Albert Gallatin Finânsjes 1801 - 1809 Idem ûnder Madison
Robert Smith Marine 1801 - 1809 Minister fan Bûtenlânske Saken ûnder Madison
John Breckinridge Justysje 1805 - 1806
Caesar A. Rodney Justysje 1807 - 1809 Idem ûnder Madison

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Encyclopaedia Britannica, Thomas Jefferson