Springe nei ynhâld

Kansas

Ut Wikipedy
Steat Kansas
State of Kansas
flagge wapen
Ad astra per aspera
(Latyn, "Nei de stjerren dwers troch swierrichheden")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting KS
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1861)
haadstêd Topeka
grutste stêd Wichita
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 2.904.021 (2014)
befolkingstichtens 13,5 / km²
oerflak 213.096 km² (0,6% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Sunflower State
tiidsône UTC –6 (of –7)
simmertiid UTC –5 (of –6)
webside www.kansas.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Kansas. Foar oare betsjuttings, sjoch: Kansas (betsjuttingsside).

Kansas (Ingelske útspr.: ['kæ:nzǝs], likernôch "kênz's"), offisjeel de Steat Kansas (Ingelsk: State of Kansas), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Kansas, byneamd de Sunflower State (de "Sinneblomsteat"), leit yn 'e midden fan 'e Feriene Steaten op 'e Grutte Flakten, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Midwesten. De haadstêd is Topeka, mar de grutste stêd is Wichita. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe likernôch 2,9 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 34e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Kansas mei 213.000 km² de 15e steat.

Kansas stiet bekend om syn lânbou, syn iepen prêrjes en om syn eigen lytse boargeroarloch (Bleeding Kansas), dy't foarôf gie oan 'e Amerikaanske Boargeroarloch. Ek wurdt Kansas faak sjoen as in stereotype plattelânsgebiet. Yn 'e musical The Wonderful Wizard of Oz, fan L. Frank Baum, wurdt it haadpersonaazje Dorothy tegearre mei har hûntsje Toto troch in tornado út Kansas wei oerbrocht nei de fiktive wrâld fan it Lân fan Oz. Dorothy har útspraak: "No, we binne net mear yn Kansas, Toto," is sprekwurdlik wurden foar as men ûnferwachtse nuverichheden tsjinkomt.

De steat Kansas is ferneamd nei de Kansa (Ingelsk: Kansa of Kanza) of Kou (Kaw), in Yndiaansk folk dat histoarysk yn dizze krite libbe (no yn Oklahoma). Fan dat etnonym, dat yn 'e no útstoarne Sûaanske Kansa-taal skreaun waard as kką:ze, wurdt gauris sein dat it "folk fan 'e sudewyn" betsjutte soe, hoewol't dat wierskynlik net de oarspronklike betsjutting wie.

De Grutte Flakten yn Kansas.

Kansas hat in oerflak fan 213.096 km², wêrfan't 0,6% út wetter bestiet. It leit foar it meastepart yn 'e Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5), mar fjouwer westlike countys, ntl. Greeley, Hamilton, Sherman en Wallace, hearre ta de Berchtiidsône (UTC –7, simmertiid –6). Kansas leit om-ende-by like fier fan 'e Atlantyske Oseaan ôf as fan 'e Stille Oseaan, en teffens rûchwei like fier fan 'e Kanadeeske as fan 'e Meksikaanske grins ôf, en wurdt dêrom wol beskôge as it 'hertlân' fan 'e Feriene Steaten.

Kansas grinzget yn it noarden oan 'e Amerikaanske steat Nebraska, yn it westen oan Kolorado, yn it suden oan Oklahoma en yn it easten oan Missoery. It grûngebiet fan Kansas foarmet frijwol in rjochthoeke, mei't de noard-, west- en súdgrinzen rjochte linen binne. Ek de eastgrins is in rjochte line, útsein de noardlike 121 km, dêr't de grins lykfalt mei de rin fan 'e rivier de Missoery. Oare wichtige rivieren yn Kansas binne de Saline; de Arkansas, dy't mei 800 km de langste rivier fan Kansas is; en de Kansas (of Kaw), dy't by Junction City ûntstiet út 'e gearfloeiïng fan 'e Smoky Hill en de Republican en by Kansas City (Kansas) yn 'e Missoery útmûnet. Fan 'e sydrivieren fan 'e Arkansas moatte de Lytse Arkansas en Cimarron noch neamd wurde.

Yndianereservaten yn Kansas.

It lânskip fan Kansas, dat diel útmakket fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, is fierhinne flak, benammen yn it westlike twatrêde part fan 'e steat. Fan âlds wie dy krite ek hielendal begroeid mei gerzige prêrje. It eastlike trêdepart is wat heuveliger en omfiemet ferskate leafwâlden. De folkswiisheid dy't hawwe wol dat Kansas de 'platste steat fan 'e Feriene Steaten' is, doocht net, mei't der tweintich oant tritich steaten binne (ôfhinklik fan 'e mjitmetoade) dy't flakker binne. It heechste punt fan Kansas is Mount Sunflower, in berch dy't deunby de westgrins mei Kolorado leit, op 1.231 m boppe seenivo, en it leechste punt is de igge fan 'e rivier de Verdigris, mei in hichte fan 208 m boppe seenivo.

Der binne yn Kansas 4 Yndianereservaten, dy't op in protsje yn 'e noardeasthoeke fan 'e steat lizze:

In yllustraasje út 1819 troch Samuel Seymour fan 'e opfiering fan in kriichsdûns yn in wente fan 'e Kansa-Yndianen.

Tûzenen jierren lang waard it grûngebiet fan wat no Kansas is, bewenne troch Yndiaanske folken. De earste Jeropeaan dy't foet op Kansaanske boaiem sette, wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Francisco Vásquez de Coronado, dy't de krite yn 1541 ferkende en der de Witsjitta (Wichita) mette. Tsjin 'e tiid dat de earste Frânske ûntdekkingsreizgers Kansas yn 'e rin fan 'e achttjinde iuw besochten, wiene de nomadyske Witsjitta fierder nei it suden ta swalke, en waard it gebiet bewenne troch Arapaho yn it noardwesten, de Kajowa (Kiowa) yn it súdwesten, de Pâny (Pawnee) yn it middennoarden, de Osadzje (Osage) yn it súdeasten, de Kansa (Kansa of Kaw) yn it easten en de Oto yn it noardeasten.

Koloniale skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kansas hearde ta de Frânske koloanje Louisiana, dy't him útstriek fan 'e mûning fan 'e Mississippy oant yn wat no Kanada is. Dat gebiet kaam nei de Frânske nederlaach yn 'e Sânjierrige Oarloch yn 1763 yn 'e hannen fan Spanje, dat it by syn koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko) foege. Yn 1800 moasten de Spanjerts Louisiana weromjaan oan Frankryk, mar Napoleon Bonaparte, dy't it doe yn Parys foar it sizzen hie, koe fanwegen de Britske oppermacht op 'e wrâldseeën net folle mei it gebiet, dat yn 1803 ferkocht er de koloanje oan in oare fijân fan 'e Britten, de Feriene Steaten, by in transaksje dy't bekendstiet as de Louisiana-oankeap. De súdwestlike grinsstripe fan Kansas hearde lykwols net by de koloanje Louisiana, mar makke altyd al diel út fan Nij-Spanje, sadat dy krite yn 1821 by it ûnôfhinklike Meksiko kaam te hearren en pas yn 1848, ûnder de ôfspraken fan it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo dy't in ein makken oan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, by de Feriene Steaten kaam te hearren.

De rivier de Spring, yn súdeastlik Kansas.

Under Amerikaansk bestjoer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1804 en 1806 reizge de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark troch noardeastlik Kansas, ûnderweis nei en fan de westkust fan Noard-Amearika. Fan 1812 oant 1821 hearde it Louisiaanske part fan Kansas bestjoerlik ta it Amerikaanske Territoarium Missoery, en dêrnei wie it 33 jier lang in ûnorganisearre territoarium. Troch Kansas rûn ek it Santa Fe Trail, in histoaryske rûte nei Santa Fe, dêr't blanke kolonisten har oer nei it Amerikaanske Súdwesten bejoegen (om dêrwei almeast troch te reizgjen nei Kalifornje). Teffens waard dêrlâns sulver en oar guod út Nij-Meksiko nei it Easten ta ferfierd. Dat paad wie fan 1821 oant 1880 yn gebrûk, en sels hjoed oan 'e dei noch kinne de fuorren sjoen wurde dy't safolle kapweinen en oare karren troch de prêrje loeken. Yn 1827 waard Fort Leavenworth de earste permaninte delsetting fan blanke Amerikanen op Kansaanske grûn.

Bleeding Kansas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1854 waard de Kansas-Nebraska Wet oannommen, wêrmei't it Territoarium Kansas en it Territoarium Nebraska stifte waarden, en wêrby't dy gebieten tagelyk ek frijjûn waarden foar kolonisaasje. It Territoarium Kansas rûn yn it westen troch oant de wetterskieding fan 'e Rocky Mountains, en omfieme sadwaande ek it grutste part fan 'e eastlike helte fan Kolorado. Ut Missoery en Arkansas kamen kolonisten dy't har by de hiele eastgrins fan it nije territoarium lâns nei wenjen setten en Kansas as slavesteat yn 'e Amerikaanske Uny opnimme litte woene. Yn reäksje dêrop ûntstie der in twadde kolonisaasjeweach fan abolysjonisten út Massachusetts en oare dielen fan Nij-Ingelân dy't de fersprieding fan 'e slavernij koste wat kost tsjinkeare woene.

It Bloedbad fan Marais des Cygnes, dêr't foarstanners fan slavernij ûnder de saneamde Grinsoarloch fiif tsjinstanners fan slavernij, dy't fierders net by it geweld belutsen wiene, deaskeaten en seis oaren ferwûnen.

Hjirby moat oantekene wurde dat it meastepart fan 'e tsjinstanners fan slavernij yn it Westen, de saneamde free-soilers ("frijegrûners"), oer it algemien net sasear motivearre waard trochdat se de slavernij in ymmoreel ynstitút fûnen, mar ynstee trochdat se benaud wiene dat as yn Kansas slavernij tastien wurde soe, alle goede grûn opkocht wurde soe troch rike plantaazjehâlders, wylst der foar earme blanke kolonisten út it Noarden neat oerbliuwe soe. Iroanyskernôch liet Kansas de Súdlike plantaazje-eigners foar it meastepart kâld, behalven dan dat se dêr troch it ferbod op slavernij ta twadderangsboargers degradearre wiene. Dat wie foar harren in ûntalitbere oanslach op har gefoel fan ear.

De tafloed fan sawol Noarderlingen as Suderlingen nei de oanname fan 'e Kansas-Nebraska Wet late binnen de koartste kearen ta bloedige konfrontaasjes, en it gebiet kaam bekend te stean as Bleeding Kansas ("it Bliedende Kansas"). Al mei al wiene der yn 'e saneamde Grinsoarloch 56 deaden en withoefolle ferwûnen te betreurjen doe't it stof yn 1859 oploek. It jiers dêrop lieken de slavehâlders it pleit yn harren foardiel besljochte te hawwen (al wiene der doe yn hiele Kansas wolteld mar twa slaven), mar doe't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, kearde it tij en trede it gebiet op 29 jannewaris fan dat jier as in frije steat (en as de 34e steat) ta de Uny ta.

It Bloedbad fan Lawrence ûnder de oanfal fan Quantrill op Kansas (1963).

Amerikaanske Boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) fûnen guon fan 'e bloedichste en fûleindichste gefjochten plak yn 'e steat Missoery, dy't yn namme Noardlik wie, mar djippe Súdlike sympatyen hie. Dêr fûn in soartemint guerrilja-oarloch plak tusken de ûngeregelde formaasjes fan 'e saneamde Jayhawkers út Kansas, dy't foar de Noardlike Feriene Steaten fochten, en de Bushwackers út Missoery, dy't oan 'e kant fan 'e Súdlike Konfederearre Steaten stiene. Ut wraak oer de ferwuostging dy't de Jayhawkers yn Missoery oanrjochten, die guerriljalieder William Quantrill mei syn Bushwackers op 21 augustus 1863 in wraam op Lawrence (Kansas), wêrby't dat stedsje yn it Bloedbad fan Lawrence fierhinne mei de grûn lyk makke waard en sa'n 200 boargers de dea fûnen. Foar dy die waard Quantrill sels troch de Konfederaasje oan 'e kant set as in oarlochsmisdiediger.

Sûnt de Boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch setten in protte feteranen har yn Kansas nei wenjen. Ek in soad fan 'e befrijde negerslaven teagen nei Kansas ta, dat se troch de Grinsoarloch beskôgen as it "Lân fan John Brown". Under lieding fan lju as Pap Singleton ûntstiene der swarte delsettings yn Kansas. Dy groeiden yn oantal en grutte doe't geandewei de 1870-er jierren de diskriminaasje fan swarten yn it Amerikaanske Suden tanaam. De swarten dy't yn dy snuorje it Suden ûntflechten en in bettere takomst yn Kansas sochten, kamen bekend te stean as de Exodusters.

In weetfjild yn Kansas.

Yn deselde tiid wie it Chisholm Trail yn gebrûk, wêroer't feehâlders en harren cowboys keppels longhorns út súdlik Teksas wei nei Kansas ta dreaune, dêr't se yn saneamde 'feestedsjes' as Abilene, Kansas City, Dodge City en Ellsworth ferkocht waarden om oer it spoar nei de slachthuzen fan St. Louis en Chicago ferfierd te wurden. De feestedsjes makken yn dy perioade in ûnlijige tiid troch en hiene de namme alhiel wetteleas te wêzen. Ferskate ferneamde plysjelju út it Wylde Westen wûnen doedestiden har reputaasje yn Kansas, wêrûnder Wild Bill Hickok, Bat Masterson en Wyatt Earp.

As reäksje op easken dêrta fan 'e metodisten en oare protestantske denominaasjes waard yn 1881 yn Kansas de konsumpsje fan eltse foarm fan alkohol ferbean. Dêrmei wie it de earste Amerikaanske steat dy't drûchlein waard. Dit ferbod waard pas yn 1948 wer opheft. Yn 1914 en 1915 waarden de earste ierdoaljefjilden yn Kansas ûntdutsen, yn 'e neite fan Wichita. Yn 'e 1920-er en 1930-er jierren ûntjoech Wichita him ta in sintrum fan 'e loftfeartyndustry, doe't loftfeartpioniers as Clyde Cessna en Walter Beech harren bedriuwen (Cessna, resp. Beechcraft) dêr stiften.

Yn 1954 ûntstie nei oanlieding fan útsluting fan swarte learlingen op in skoalle yn 'e Kansaanske steatshaadstêd Topeka de opsjochjaande rjochtsaak Brown v. Board of Education. Dy waard útfochten oant foar it Amerikaansk Heechgerjochtshôf yn Washington, D.C., dat yn in krúsjaal fûnis alhiel it near lei op rasiale segregaasje yn it ûnderwiis, wêr dan ek yn 'e Feriene Steaten.

It Steatskapitoal fan Kansas, yn Topeka.

Kansas bestiet bestjoerlik út 105 countys. De steatshaadstêd, Topeka, leit yn Shawnee County, yn it noardeasten fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Kansas bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Steatskongres fan Kansas, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 40 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 125 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Kansas, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Kansas 4 sitten.

It politike lânskip fan Kansas wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in marzjinale rol. Sûnt de 1970-er jierren hat Kansas altyd folslein op 'e hân fan 'e Republikeinen west. Begjin 2017 wie it steatsregear yn 'e hannen fan 'e Republikeinen, wie der in Republikeinske gûverneur, en waarden beide senaatssitten fan Kansas en alle fjouwer sitten fan Kansas yn it Hûs fan Offurdigen beset troch Republikeinen.

It Boeing-fabryk yn Wichita.

Yn 2008 bedroech it bruto steatsprodukt fan Kansas $122,7 miljoen, wêrmei't it op 'e ranglist fan BSP's fan alle Amerikaanske steaten it 32e plak ynnaam. Itselde jiers wie it BSP per lid fan 'e befolking yn Kansas $35.013. Kansas is in fierhinne agraryske steat, mei as wichtichste eksportprodukten kij en kowefleis, skiep, weet, sorgum, soajabeane, katoen, bargen en bargefleis, stynske weet en sâlt. It eastlike diel fan 'e steat makket diel út fan 'e saneamd Grain Belt, de "Nôtgurdle", in stripe fan 'e legere 48 Feriene Steaten dêr't rûnom nôt ferboud wurdt.

Fierders is ek de mynbou wichtich foar Kansas, mei't de steat de op sân nei grutste ierdoalje- en ierdgasprodusint fan 'e Feriene Steaten is. Op it mêd fan 'e yndustry is foar Kansas fral de loftfeartsektor fan belang, dêr't Wichita in sintrum fan is, mei fabriken fan 'e fleantúchprodusinten Beechcraft, Cessna, Stearman Aircraft, Boeing en Learjet. Oare yndustriële produkten dy't troch Kansas útfierd wurde, binne itenswaren, gemyske produkten, masinery en klean. It toerisme is yn Kansas frij ûnderûntwikkele, en draacht net in soad by oan 'e ekonomy.

Befolkingstichtens yn Kansas.

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Kansas yn 2014 2.904.021 ynwenners, wat in groei fan 1,4% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 13,5 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Wichita, mei 386.000 ynwenners yn 2012. Oare gruttere stêden binne: Overland Park (179.000), Kansas City (Kansas) (147.000), Olathe (130.000), de steatshaadstêd Topeka (128.000), Lawrence (90.000), Shawnee (64.000) en Manhattan (56.000).

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e Kansaanske befolking doe sa: 77,5% blanken; 10,5% Latino's; 5,9% swarten; 2,4% Aziaten; 1,0% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 2,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.

De skyline fan Wichita, de grutste stêd fan Kansas.

Blanke Kansanen binne fierhinne fan Noardwest- en Middenjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (33,8% fan 'e totale Kansaanske befolking), Ieren (14,4%), Ingelsen (14,1%), Angelsaksyske Amerikanen (7,5%), Frânsen (4,4%), Skotten (4,2%), Nederlanners (2,5%), Sweden (2,4%), Italjanen (1,8%) en Poalen (1,5%). Kansanen fan Dútsk komôf fiere de boppetoan yn it noardwesten fan 'e steat, wylst lju fan Ingelsk en oar blank komôf it meast konsintrearre binne yn it súdeasten.

Kansas omfiemet 4 federaal erkende Yndianestammen. Dat binne:
● de Iowa Stamme fan Kansas en Nebraska (ek yn Nebraska)
● de Kikkepû Stamme yn Kansas
● de Prêrje Troep fan de Potawatomy Naasje
● de Sôk en Foks Stamme fan de Missoery yn Kansas en Nebaska (ek yn Nebraska)

De Universiteit fan Kansas, yn Lawrence.

Dizze stammen hawwe allegearre har eigen reservaat. Der binne yn Kansas gjin stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo.

De offisjele taal fan Kansas is it Ingelsk, dat sûnt 2007 as sadanich by wet fêstlein is. It Ingelsk is ek de memmetaal fan it grutste part fan 'e befolking. De twadde taal fan Kansas, rekkene neffens oantal memmetaalsprekkers, is it Spaansk.

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2014 76% fan 'e befolking fan Kansas út kristenen, wêrûnder 58% protestanten en 18% roomsen. De grutste protestantske denominaasjes wiene yn 2010 de Feriene Metodistyske Tsjerke mei krapoan 203.000 leden en de Súdlike Baptistekonvinsje mei goed 99.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen yn 2014 20% fan 'e befolking. De oanhingers fan alle net-kristlike godstsjinsten mei-inoar makken 4% fan 'e befolking út.

Wynmotors yn it Kansaanske lânskip.

It eastlike twatrêde part fan Kansas hat in fochtich lânklimaat, mei hjitte simmers en kâlde winters. It westlike trêdepart fan 'e steat wurdt behearske troch in drûch steppeklimaat, wylst by de súdgrins lâns in stripe lân in subtropysk klimaat hat. Rekôrtemperatueren wiene 49,4 °C, op 24 july 1936 yn 'e neite fan Alton, en –40 °C op 13 febrewaris 1905 by Lebanon.

Delslachhoemannichten rinne útinoar fan 1.200 mm jiers yn 'e súdeasthoeke fan 'e steat, oant mar 410 mm yn it súdwesten. Yn it noardwesten falt oer de hiele winter ferdield wol 89 sm snie, wylst de stripe by de súdgrins lâns mar 13 sm kriget. Kansas leit yn it diel fan 'e Feriene Steaten dat bekend stiet as tornado alley, in gebiet dat elts jier teminsten ferskate kearen troffen wurdt troch swierwaar dat útgroeie kin ta tornado's, en dat faak mank giet mei ferwuostgjende hagelbuien.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Offisjele webside fan it regear fan Kansas

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· · Berjocht bewurkje