Santa Fe (Nij-Meksiko)
Santa Fe | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Nij-Meksiko | |
County | Santa Fe County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 67.947 (2010) | |
Oerflak | 96,9 km² (ynkl. wetter) 96,7 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 744 / km² | |
Stêdekloft | 144.170 (2010) | |
Hichte | 2.134 m | |
Oar | ||
Stifting | 1607 | |
Tiidsône | UTC -7 | |
Simmertiid | UTC -6 | |
Koördinaten | 35°40′02″N 105°57′52″W | |
Offisjele webside | ||
www.santafenm.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Santa Fe yn Santa Fe County en yn 'e steat Nij-Meksiko. |
Santa Fe (Tewa: Ogha Po'oge; Navaho: Yootó) is de haadstêd fan 'e súdwestlike Amerikaanske steat Nij-Meksiko, en teffens it haadplak fan it omlizzende Santa Fe County. De stêd leit op in hichte fan goed 2.000 m yn it noarden fan 'e steat, net fier fan it berchtme de Sangre de Cristo Range, dat toppen fan boppe de 3.000 m hat. De namme is Spaansk foar "Hillich Leauwe", en de oarspronklike, folute namme wie by de stifting: La Villa Real de la Santa Fé de San Francisco de Asís ("De Keninklike Stêd fan it Hillich Leauwe fan Sint Fransiskus fan Asisy"). Dy stifting fûn plak yn 1607, en dêrmei is it de âldste fan alle tsjintwurdige steatshaadstêden fan 'e Feriene Steaten. Ek is Santa Fe it op twa nei âldste troch Jeropeeske kolonisten op it grûngebiet fan 'e Feriene Steaten stifte en noch altyd bewenne plak (it territoarium Porto Riko net meirekkene), nei St. Augustine, yn Floarida (1565) en Jamestown, yn Firginia (1607). Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Santa Fe doe likernôch 68.000 ynwenners, wylst it as stêdekloft, mei alle foarstêden derby, op in befolking fan sa'n 144.000 minsken útkaam.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dêr't no Santa Fe leit, oan 'e rivier de Santa Fe, leine oarspronklik in stikmannich doarpen fan 'e Pueblo-Yndianen, dy't oer it algemien stifte wiene tusken 1050 en 1150, al datearre it âldste, Ogapoge, al fan koart nei 900. Yn 1598 besochten de Spanjerts fan harren koloanje Nij-Spanje út (it lettere Meksiko) foar it earst om it hjoeddeiske Nij-Meksiko te kolonisearjen. Yn 1607 waard Santa Fe stifte troch de twadde Spaanske gûverneur fan Nij-Meksiko, don Pedro de Peralta, en trije jier letter, yn 1610, waard it ta de haadstêd fan 'e provinsje makke. Dy status hat de stêd troch de iuwen hinne beholden, útsein tusken 1680 en 1692, doe't de Spanjerts ûnder de Pueblo-opstân troch de lânseigen befolking út it gebiet ferdreaun waarden, en tusken 1810 en 1824, ûnder de Meksikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. Meksiko waard yn 1821 in selsstannich lân, mar de provinsjale yndieling en dêrmei ek de fêststelling fan 'e provinsjale haadstêden waard pas fêstlein yn 'e grûnwet fan 1824.
Doe't de oangrinzgjende Meksikaanske provinsje Teksas yn 1836 syn eigen selsstannigens wûn yn 'e Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch, makke de nije republyk oanspraak op Santa Fe en in grut part fan Nij-Meksiko. Yn 1841 waard der in legerke stjoerd om beslach op it gebiet te lizzen, mar dêr weefden de Meksikanen handich mei ôf. Lykwols moast Meksiko nei de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, yn 1848, ûnder it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo, Santa Fe dochs noch ôfstean, mar no oan 'e Feriene Steaten, dy't ûnderwilens ek de Republyk Teksas opslokt hiene. Twa jier earder, yn 1846, wie Santa Fe al mei gemak ferovere troch in Amerikaansk leger ûnder brigadegeneraal Stephen W. Kearney, waans troepen oft yn it stedsje munysjefoarrieden fan it pleatslike garnizoen oantroffen mei it opskrift "Makke yn Spanje, 1776". Wêrmei't pynlik dúdlik waard hokfoar militêre stipe oft Nij-Meksiko fan it regear yn Meksiko-Stêd ferwachtsje koe. Nei 1848 waard Santa Fe de haadstêd fan it nije Amerikaanske Nij-Meksiko-territoarium, dêr't doedestiden ek de lettere steat Arizona ta hearde.
Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) waard Santa Fe yn maart 1862 in pear dagen lang beset troch in Súdlike legermacht út Teksas ûnder lieding fan generaal Henry Hopkins Sibley, mar dy waard al rillegau ferslein troch Noardlike troepen út Kalifornje en Kolorado wei. Nei de oarloch, yn 'e tiid fan it Wylde Westen, wie it Santa Fe Trail, dat fan 'e steat Missoury nei Santa Fe rûn, ien fan 'e wichtichste paden foar blanke kolonisten út it Easten wei om nei it Westen te tsjen, en suver it iennichste dat nei it Amerikaanske súdwesten late. Yn 1880 krige Santa Fe in spoarferbining, wat in triuw yn 'e rêch foar de pleatslike ekonomy west hawwe moast, mar dat wie net sa, want it wie mar in dearinnend sydspoar, wylst it trochgeande spoar oan 'e stêd foarby gie.
Yn 1912 waard Nij-Meksiko einlings as in folweardige steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen, mei Santa Fe as haadstêd. Hoewol't it yn dy tiid yn Santa Fe ekonomysk sjoen nacht yn 'e nane wie, begûn de rike kultuer fan 'e krite, de natuerlike skientme en it drûge klimaat oan it begjin fan 'e tweintichste iuw in nij soarte fan ymport te lûken: skriuwers en keunstners, en guon rike pinsjonearden. Dat wie it begjin fan Santa Fe as toeristyske trekpleister, dêr't it stedsbestjoer handich op ynspile, en dat sûnt altiten in pylder fan 'e pleatslike ekonomy bleaun is.
Under de Twadde Wrâldoarloch waard der fuortby Santa Fe in ynternearringskamp foar Amerikaanske steatsboargers fan etnysk Japansk komôf oanlein. Fan juny 1942 ôf waarden dêr 826 Japansk-Amerikaanske manlju fêstset. Tsjin septimber fan datselde jier wiene dy oerbrocht nei oare kampen en waarden der by Santa Fe lju mei fêstholden dy't de Dútske of Italjaanske nasjonaliteit hiene. Yn febrewaris 1943 waarden dy ek wer earne oars hinne brocht, en waard it kamp by Santa Fe útwreide sadat der 2.100 Amerikaanske Japanners burgen wurde koene. Yn 1945 rekken fjouwer finzenen slim ferwûne doe't der geweld útbriek tusken de ynternearden en de kampbewekkers, in ynsidint dat bekend kaam te stean as de Opskuor fan Santa Fe. Nei de oarloch waard it kamp sletten en ôfbrutsen; op it plak leit no de stedsbuert Casa Solana.
Santa Fe hjoed de dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Santa Fe stipet hjoed de dei swier op toerisme en wittenskiplik ûndersyk. Op it mêd fan besjensweardichheden stiet Santa Fe, njonken syn streekeigen arsjitektuer yn adobe-styl, fral bekend om syn museä. Sa binne der fêstige: it New Mexico Museum of Art, mei in kolleksje tradisjonele keunst út it Amerikaanske Súdwesten; it Institute of American Indian Arts; it Georgia O'Keeffe Museum, it New Mexico History Museum; it Museum of International Folk Art; it Museum of Indian Arts and Culture en it Museum of Spanish Colonial Art.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe 13,9% fan 'e befolking boppe de 65 jier, wylst 20,3% jonger wie as 18 jier. 36,4% fan 'e befolking bestie út ienpersoanshúshâldings, wylst 12,3% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 doe sa: 48,9% Latino's; 46,2% blanken; 2,1% Yndianen; 1,4% Aziaten; 0,4% swarten; 1,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Untjouwing befolkingsgroei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Ynwennertal |
---|---|
1850 | 4.846 |
1900 | 5.603 |
1920 | 7.326 |
1940 | 20.325 |
1960 | 34.394 |
1980 | 48.053 |
1990 | 52.303 |
2000 | 61.109 |
2010 | 67.947 |
Berne yn Santa Fe
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Adrian Grenier (1976), akteur
- Anna Gunn (1968), aktrise
- Aviva Baumann (1984), aktrise
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Santa Fe hat in steppeklimaat mei kâlde winters en tige hjitte simmers. De temperatuer oerdeis rint útinoar fan 6,2 °C yn desimber oant 29,9 °C yn july. Yn in trochsneed jier kin men 360,3 mm delslach ferwachtsje, wylst der oer it hiele winterhealjier ferdield 58,4 sm snie falt. Dêrby moat oantekene wurde dat dy snie ornaris by lytse bytsjes komt, wylst de swierste rein benammentlik yn july en augustus falt, as ûnderdiel fan 'e Noardamerikaanske moesson.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|