Moesson

Ut Wikipedy
Moessonwolken yn 'e jûntiid boppe see.

De moesson is in periodike lân- of seewyn op 'e Yndyske Oseaan en de East-Yndyske eilannen dy't wikselet mei de tiden fan it jier. Yn de simmer hat de moessonwyn in hege luchtfochtichheid en in grutte ynfloed op it fochtige klimaat fan de betreffende regio's, dy't men ek wol de moessontiid of it moessonklimaat neamt.