Springe nei ynhâld

St. Augustine (Floarida)

Ut Wikipedy
St. Augustine
Emblemen
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Floarida
County St. Johns County
Sifers
Ynwennertal 13.336 (2011)
Oerflak 33 km² (ynkl. wetter)
24 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 531,4 / km²
Stêdekloft 1.306.251 (2012)
Hichte 0 m
Oar
Stifting 1565
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Koördinaten 29°53′45″N 81°18′42″W
Offisjele webside
www.ci.st-augustine.fl.us
Kaart
De lizzing fan St. Augustine yn St. Johns County en yn 'e steat Floarida.

St. Augustine (útspr.: [se:nt ɔ:gʌs'ti:n], likernôch: "seent ôgastiin"; Spaansk: San Agustín; Frysk: Sint-Augustinus) is in stêd yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Floarida en it haadplak fan it omlizzende St. Johns County. It lit him der op foarstean dat it it âldste troch Jeropeänen stifte en oan ien wei troch bewenne plak yn Noard-Amearika is. Neffens in offisjele skatting út 2011 hie St. Augustine doe goed 13.000 ynwenners. As it hiele stedske gebiet meirekkene wurdt, komt dat oantal út op rom 69.000 minsken. Dat stedske gebiet fan St. Augustine heart wer ta de stêdekloft fan Jacksonville, dy't in befolking fan 1,3 miljoen hat.

De noardwestkust fan Floarida waard al yn 1513 foar it earst ferkend troch Juan Ponce de León, de Spaanske gûverneur fan Porto Riko, dy't de hiele krite yn besit naam foar de Spaanske Kroan. Yn 'e folgjende heale iuw waard der ferskate kearen besocht om Floarida te kolonisearjen, net inkeld troch de Spanjerts, mar ek troch de Frânsen. Uteinlik slagge dat yn 1565, doe't Pedro Menéndez de Avilés op 28 augustus, de feestdei fan 'e kristlike hillige Augustinus fan Hippo it nei dyselde ferneamde St. Augustine stifte. Dat wie 22 jier foar't de Ingelsen harren needlottige koloanje yn Roanoke, yn Firginia stiftsje soene, en 43 jier foar't de Spanjerts út it hjoeddeistige Meksiko wei trochkrongen yn Nij-Meksiko om dêr Santa Fe te stiftsjen en de Ingelsen einlings in súksesfolle koloanje yn Firginia planten te Jamestown.

Yn 't earstoan wie St. Augustine benammen in basis foar de fierdere ferkenning fan Floarida. De delsetting waard ferskate kearen oanfallen en folslein of foar in part platbaarnd: yn 1566 troch de lânseigen Timukua-Yndianen, yn 1568 troch de Frânsen, en yn 1586 en nochris yn 1668 en 1740 troch de Ingelsen. Under de Frede fan Parys, dy't in ein makke oan 'e Sânjierrige Oarloch, moast Spanje yn 1863 syn koloanje Floarida (en dêrmei dus ek St. Augustine ) ôfstean oan 'e Britten. Frijwol alle Spaanske ynwenners fan St. Augustine ferfearen doe nei Kuba. Floarida bleau tweintich jier yn Britske hannen, en waard yn dy tiid opdield yn twa koloanjes, Britsk West-Floarida en Britsk East-Floarida. St. Augustine waard de haadstêd fan East-Floarida. Yn 1783, oan 'e ein fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch betongen de Amerikanen by har fredesferdrach mei de Britten, dat dy Floarida weromjaan moasten oan Spanje, by wize fan erkenning fan 'e Spaanske stipe dy't de Feriene Steaten yn 'e oarloch genoaten hiene. Floarida wie doe wer Spaansk gebiet oant de Amerikanen it yn 1821 fan Madrid kochten, en it foargoed ûnderdiel fan 'e Feriene Steaten waard.

In strjitte yn it sintrum fan St. Augustine.

De Amerikanen neamden de Spaanske fêsting te St. Augustine , it Castillo de San Marcos (dat ûnder it Britske regear Fort St. Marks hjitten hie), om ta Fort Marion. Se makken der in tichthûs fan, dêr't ûnder de Twadde Seminoalske Oarloch (1835-1842) ferskate foaroanlju fan 'e Seminoalen, wêrûnder harren ferneamde lieder Osceola, finzen sieten. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) joech Floarida him by de Súdlike Konfederaasje. Op 11 maaie 1862 waard St. Augustine fan 'e seekant ôf sûnder folle wjerstân ferovere troch de bemanning fan it marineskip de USS Wabash, wêrnei't it oan 'e ein fan 'e oarloch ta yn Noardlike hannen bleau. Nei de Boargeroarloch tsjinne Fort Marion as finzenis foar de lieders fan ferskate Yndiaanske folken dêr't de Feriene Steaten yn it Westen deilis mei rekke wie, lykas de Súdlike Sjajinnen, de Kajowa (Kiowa) en de Komansjen, en letter ek foar de Apachen, wêrûnder it ferneamde opperhaad Geronimo, waans dochter oft yn Fort Marion berne waard.

Yn 'e 1880-er jierren fêstige Henry Flagler, in partner fan John D. Rockefeller yn it ierdoaljebedriuw Standard Oil, him yn St. Augustine. Dat wie de driuwende krêft efter it feroarjen fan it stedsje yn in oerwinteringsoard foar de elite fan 'e grutte stêden oan 'e hegere eastkust fan 'e Feriene Steaten. Yn 'e jierren 1963 en 1964 wie St. Augustine fierders ien fan 'e wichtichste striidplakken fan 'e swarte Amerikaanske Boargerrjochtebeweging en syn tsjinstanners, wêrûnder de rasistyske Ku Klux Klan.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan St. Augustine 19,5% âlder as 65 jier en 16,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie 47,6% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 15,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 78,1% blanken; 15,1% swarten; 3,1% Latino's; 0,7% Aziaten; 0,4% Yndianen; 2,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.

St. Augustine hat in wiet subtropysk klimaat, mei yn prinsipe mar twa jiertiden: fan maaie oant oktober is it hjit en wiet, en fan novimber oant april is it waarm en drûch. Yn july en augustus, de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 19 °C. De stêd kriget jiers trochinoar 1.257 mm delslach. Sniefal is der frijwol ûnbekend, al dipt de temperatuer trochinoar seis nachten per jier ûnder it friespunt. Orkanen soargje út en troch foar swierrichheden, al wie de lêste kears dat St. Augustine frontaal troch ien rekke waard, yn 1964.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, en Further reading op dizze side.