Springe nei ynhâld

Madrid

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Madrid (stêd))
Madrid
Polityk
Lân Spanje
Sifers
Ynwennertal 3.215.633 (2013)
Oerflak 605.77 km²
Befolkingsticht. 5.390 km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 40° 24' N, 3° 41' E
Offisjele webside
www.madrid.es
Dizze side giet oer de haadstêd fan Spanje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Madrid (betsjuttingsside).
metropoal Madrid

Madrid is de haadstêd en grutste stêd fan Spanje. De stêd leit yn de midden fan it lân, op de Spaanske Heechflakte. It is de op twa nei grutste stêd fan de Jeropeeske Uny en jildt as in offisjele wrâldstêd. Madrid is ek de haadstêd fan de Spaanske regio mei deselde namme Madrid.

Troch de sintrale lizzing fan de stêd, de skiednis, politike en finansjele funksjes wurdt Madrid beskôge as de wichtichste stêd fan it Ibearysk Skiereilân. De stêd hat in ynwennertal fan 3.228.359 en mei de stêdekloft derom hinne wenje der mear as 6 miljoen minsken. De ynwenners fan de stêd wurde yn it Spaansk “Madrileños” neamd. Nettsjinsteande it feit dat de stêd as in wrâldstêd sjoen wurde kin en in tige drok ferkearsnet hat, hawwe de measte wiken fan de stêd harren oarspronklike sfear diels behâlde kind.

Wichtige nijsgjirrichheden yn Madrid binne it Palacio Real, oftewol it keninklik Paleis, it Retiropark, it archeologysk museum, en trije ynternasjonaal ferneamde keunstmusea: it Museo del Prado, it Museo Nacional Centro de Arte Reina Sofía en it Museo Thyssen-Bornemisza. De hjoeddeiske boargemaster fan de stêd is Manuela Carmena fan de politike partij Ahora Madrid.

Gran Vía yn Madrid

Madrid waard foar it earst yn de skiednis neamd yn 939 doe't Ramiro II, kening fan Leon, de Moaren harren wenplak (Marjit) ôfhandich makken. Yn 1038 folge it foarfêst ferdriuwen fan de Moaren troch kening Alfonso VI út de krite. Filips II makke Madrid yn 1561 haadstêd fan it Spanje en brocht syn hofhâlding oer út Toledo. Yn de Spaanske suksesjeoarloch keas de stêd de side fan de Bourbons. Op 2 maaie 1808 kaam de befolking yn opstân tsjin de Frânske troepen ûnder Murat en joech dêrmei it sein ta it ferset tsjin de Napolitaanske oerhearsking. De opstân waard op 3 maaie bluodderich delslein.

Yn de tweintiger jierren fan de 20e iuw waakse it ynwennertal fan Madrid boppe de 1 miljoen minsken. Mânske stêdsútwreiding wie noadich sadat eardere doarpen as Carabanchel, Chamartín de la Rosa, Fuencarral en Vicálvaro oan de stêd 'fêstboud' kamen te sitten. Ek waard der in grut tal nij wiken konstruearre. Tagelyk waard de ferkearslachieder Gran Vía iepene, dy't it ferkear yn de binnenstêd ûntlêste moast en ek waard de metro fan Madrid oanlein. Under de Spaanske Boargeroarloch waard de stêd swier bombardearre en besketten troch de troepen fan Franco.

Op 11 maart 2004 waard Madrid troch in terroristyske oanslach rekke. Dy dei ûntploften ferskillende treinbommen yn de moarnsspits. Mear as 190 minsken kamen by dy oanslach om it libben en 1700 rekken dêrby ferwûne.

Madrid leit yn it sintrum fan it Ibearysk Skiereilân, tusken de twa autonome regio’s: Kastylje-La Mancha en Kastylje en Leon. De stêd leit op in hichte fan 667 meter boppe seenivo, wat in grutte ynfloed op it klimaat hat. De rivier Manzanares streamt de stêd binnen troch de bosken fan it distrikt “Casa del Campo”, en snijt ûnder oare troch de stêdsdistrikten Latina, Carabanchel en it sintrum fan Madrid.

Klimaatgrafyk fan Madrid

De regio Madrid hat in mediterraansk klimaat mei kontinintale ynfloeden, mei waarme simmers en betreklik kâlde winters. Dêr moat by sein wurde dat Madrid klimatologysk bot ôfwykt fan it Spaanske Middellânske Seegebiet, bygelyks mei Barselona of Falensia. It klimaat hat mear wei fan dat fan de stêden Sevilla of Kordoba, de winters binne foar Spaanske begripen kâld, mei minimum temperatueren ûnder it friespunt en út en troch snie, en de simmers binne ekstreem hiet. De hiele moannen july en augustus daalt de temperatuer sawat net ûnder de 30 graden en stiget geregeld ta 40 graden Celsius. Troch de hege lizzing fan de stêd, sawat 700 meter boppe seenivo, en it skrokke klimaat, daalt de temperatuer nachts meastentiids wol, yn tsjinstelling mei it Middellânske Seegebiet. It delslachsifer is leech, dochs falt der wolle alle seizoenen rein.

Demografyske ûntjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1842 1860 1877 1887 1900 1920 1950 1981 1991 2011
Befolkingsoantal 185.200 298.000 398.000 512.000 540.000 751.000 1.618.900 3.188.000 2.985.000 3.265.000

Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Pradomuseum

De trije wichtichste musea fan de stêd binne op ynternasjonaal nivo foaroprinnend:

Oare wichtige musea binne it Nasjonaal Archeologysk Museum, it José Padilla Museum, it Medysk Antropologysk Museum en it Manuel Benedito Museum

Yn de omkriten fan Madrid binne in oantal lytsere stêden te finen dy't de muoite fan in besite wurdich binne, lykas: Ávila, Alcalá de Henares, Toledo, Aranjuez en Segovia.

Madrid hat twa grutte fuotbalklubs: Real Madrid en Atlético Madrid. Beide ferienigingen hawwe in eigen stadion, te witten Santiago Bernabéu en Vicente Calderón. Yn 1982 waard it WK Fuotbal yn Madrid holden. De stêd hat ek twa bekende basketbalteams, in motorsirkwy en in Formule 1 sirkwy. Tichtby Madrid kin yn de winter ek skyd wurde, yn de bergen fan de “Sierra de Guadarrama”, dêr't de bekende ski-oarden Valdesqui en Navacerrada lizze. Yn 2005 waard yn Madrid ek it Wrâldkampioenskip hurdfytsen organisearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]