Podemos

Ut Wikipedy
Podemos
Partijlieder Pablo Iglesias
Partijfoarsitter
Oprjochting 2014
Haadsit Madrid
Ledetal 506.064 (2018)
Jongereinorganisaasje
Ideology Sosjalisme
Wittenskiplik buro Instituto 25M
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan
Webside www.podemos.info

Podemos (Spaansk foar “wy kinne [it]”) is in Spaanske politike partij.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De partij waard oprjochte op 11 maart 2014 troch progressive aktivisten út de 15 maaie-beweging (15-M of Indignados), dy't ûntstien wie út de Spaanske protestbeweging fan 2011-12. De feitlike lieder fan de beweging is Pablo Iglesias Turrión, skriuwer en heechlearaar Politike Wittenskippen oan de Universidad Complutense de Madrid, en ynsidinteel telefyzjepresintator foar it politike diskusjeprogramma Fort Apache op de sender HispanTV.

Podemos krige, krekt as 26 oare nije lytse partijen, de wyn yn de silen troch in groeiende ûntefredenens mei de twa âlde politike partijen: de Folkspartij en de Spaanske Sosjalistyske Arbeiderspartij. Podemos makke dêrby gebrûk fan de ynfrastruktuer fan de Indignados en netwurken fia sosjale media. Al op de earste dei sammele de partij 50.00 hantekenings, wêrtrocht't de webside crashte.

Yn jannewaris 2015 brocht de partij tsientûzenen minsken by-inoar mei in demonstraasje tsjin it besunigingsbelied fan fan Mariano Rajoy yn Madrid.

Ideology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas foar de Grykske partij SYRIZA, wêrmei't Podemos waarme bannen ûnderhâldt, jildt de Argentynske tinker Ernesto Laclau foar Podemos as de ideologyske ynspiraasjeboarne. Fan Laclau lient Podemos it idee fan "radikale demokrasy" en in positive opfetting fan links populisme. It stribjen fan de partij nei in partisipaasjedemokrasy moat ûnder oare foarm krije troch't de lieder mei in referindum ôfset wurde kin en it stimmen ûnder oanhingers oer koälysjefoarming. De friksje tusken partisipaasjedemokrasy en it garismatyske liederskip fan Iglesias is in bekend probleem.

Ekonomysk adviseur fan Podemos is Thomas Piketty.

Strutkuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Podemos is organisearre yn saneamde sirkels, dy't sawol geografysk as nei sektor organisearre wêze kinne.

Ferkiezingsútslaggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de Jeropeeske Parlemintsferkiezings fan 2014 behelle de partij 5 fan de 54 foar Spanje besikberen sitten yn it Jeropeesk Parlemint. Dêrmei waard Podemos de fjirde partij yn Spanje.. By de regionale en gemeentlike ferkiezings soarge de partij foar in politike ierdferskowing. Se waarden ûnder oare de grutste partij yn Barselona en de twadde yn Madrid. Yn Andalúsje behelle de partij earder dat jier 15 sitten. By de Spaanske parlemintsferkiezings fan 2015 behelle de partij 20,7 persint fan de stimmen, goed foar 69 sitten. In jier letter groeide Podemos nei 71 sitten mei 21,2 persint fan de stimmen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]