Mariano Rajoy

Ut Wikipedy
Mariano Rajoy
politikus
echte namme Mariano Rajoy Brey
nasjonaliteit Spaansk
bertedatum 27 maart 1955
berteplak Santiago de Compostela
partij Partido Popular
Premier fan Spanje
amtsperioade 20112018
foargonger José Luis Rodríguez Zapatero
opfolger Pedro Sánchez
Fise-premier fan Spanje
amtsperioade 20002003
foargonger Francisco Álvarez Cascos
opfolger Rodrigo Rato

Mariano Rajoy Brey (Santiago de Compostela, 27 maart 1955) is in Spaansk politikus, lid van de Partido Popular. Fan 21 desimber 2011 oant 1 juny 2018 wie er premier fan Spanje. Syn partij wûn yn desimber 2011 de parlemintsferkiezingen, wêrtroch't Rajoy de opfolger waard fan José Luis Rodríguez Zapatero as sechsde premier fan it post-Franco Spanje. Ek nei de parlemintsferkiezingen fan 2015 en 2016 bleaun Rajoy premier, mar wol yn in minderheidsregear.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mariano Rajoy studearre rjochten yn syn bertestêd Santiago de Compostela. Nei't er yn 1977 ôfstudearre, slagge er foar it talittingseksamen ta ûnreplik goed-registrator. Hy ferliet Galysje om yn Villafranca del Bierzo oan it wurk te gean.

Earste stappen yn de polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de earste demokratyske regioferkiezingen yn 1981 waard er foar de Alianza Popular (AP) ferkeazen yn de Xunta de Galicia. Yn de lanlike ferkiezing fan 1986 waard er foar de Cortes Generales ferkeazen, mar hy wegere de sit om sa fise-presidint fan Galysje wurde te kinnen. Fan dat stuit ôf waard Rajoy by alle lanlike ferkiezingen yn syn kiesdistrikt Pontevedra ferkeazen foar de Cortes.

Rajoy kaam út de AP, de tige rjochtse partij fan eks-frankistyske lieders. De Partido Popular (PP) waard de opfolger fan de AP. Yn 1989 makke Rajoy de sprong nei Madrid. Yn dat jier waard er ferkeazen as wurdfierder en joech partijlieder José María Aznar, ta ferrassing fan in soad minsken, de foarkar oan him as fise-siktaris-generaal, boppe inkele swiergewichten fan de partij. Yn 1992 wist Rajoy it iennige akkoart te sluten tusken de PP, doetiids yn opposysjepartij, en it regear fan Felipe González, fan arbeiderspartij PSOE. Dêrtroch wûn Rajoy oan oansjen as kundich ûnderhanneler.

Minister ûnder Aznar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1996 en 2003 wie Rajoy minister mei wikseljende portefúljes yn it regear fan José María Aznar. As minister fan Oerheid hie er de drege taak de oerdracht fan ferantwurdlikheden oan de Baskyske en Katalaanske regearen te ûnderhanneljen mei pro-ûnôfhinklikheidspolitisy dy't doe oan de macht wiene yn dy twa regio's. As minister fan Underwiis fierde er ferplichte middelber ûnderwiis yn. Dy maatregel wie by syn eigen oanhing net populêr, mar wol by de sosjalisten. By de twadde termyn fan Aznar waard Rajoy minister fan it Presidintskip en tusken 2000 en 2003 ek fise-presidint fan it regear.

Doe't yn 2002 de oaljetanker Prestige foar de kust fan Galysje skipbrek late, wie Rajoy belêst mei de koördinaasje fan it oprûmjen. Dat rûn út op in regelrjochte ramp en skansearre syn reputaasje. Lykwols waard er oanwiisd as opfolger fan Aznar. It like derop dat Rajoy nei de ferkiezingen fan 2004 de premier fan Spanje wurde soe, mar it regear fan Aznar hannele de terroristyske oanslaggen yn Madrid fan 11 maart 2004 net goed ôf. Der waard tsjin better witten yn folholden dat de oanslaggen plege wienen troch de ETA. Yn in pear dagen tiid draaide de publike opiny en waard José Luis Rodríguez Zapatero fan de PSOE ta premier keazen.

Opposysje tsjin Zapatero en listlûkerskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêrnei waard Rajoy ôffeardige yn it kongres, foarsitter fan de PP en de wichtichste opposysjelieder tsjin it regear fan Zapatero. Hy wie minder hurd as syn foargonger en wie ree ta oerlis mei it regear oer de wichtige tema's, lykas de steatsynrjochting fan it lân mei de autonome mienskippen en de oanpak fan it terrorisme.

Rajoy wie op 'e nij listlûker foar syn partij foar de ferkiezingen fan maart 2008, dy't er wer ferlear. Der ûntstie opposysje yn syn eigen PP, benammen ûnder de hauken, dy't him in ferrieder fan de partij neamden. Hy wist lykwols oerein te bliuwen en fierde de PP foar de tredde kear oan by de parlemintsferkiezingen yn novimber 2011. Syn wichtichste konkurrint foar it premierskip wie Alfredo Pérez Rubalcaba, kandidaat fan de PSOE. De PP wûn de ferkiezingen, behelle in absolute mearderheid yn it parlemint en Rajoy waard premier.

Premierskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Besunigingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oerwinning fan de PP by de parlemintsferkiezingen fan 2011, waard Rajoy op 21 desimber 2011 ynhuldige as premier fan de tsiende legislatuer. By syn ynhuldigingsrede kundige Rajoy oan 16,7 miljard te besunigjen. Uteinlik besunige er noch folle mear. De wichtichste posten dêr't syn regear yn snie, wienen sosjale foarsjenningen lykas wurkleazensútkearingen, de sûnenssoarch en it amtnersapparaat.

Nei de besunigingen en nettsjinsteande de beloften fan Rajoy om de ekonomy wer op gong te bringen, ferslechtere de ekonomyske sitewaasje fan it lân. Yn juny 2012 moast Spanje help freegje foar de banken by it Jeropeeske needfûns.

Kataloanje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De regio Kataloanje ferklearre nei it referindum fan 1 oktober 2017 de ûnôfhinklikens fan Spanje. Dêrop besleat it Spaanske regear om artikel 155 fan de Spaanske grûnwet yn wurking te setten, wêrmei't it Katalaanske regear út harren funksje set waard en Spanje sizzenskip naam oer de regio. Op de dei fan it yllegaal ferklearre referindum wie it gaos yn Kataloanje mei Spaanske plysjes dy't hurd yngrepen tsjin Katalanen dy't stimme woenen. Dat kaam it Spaanske regear op in soad krityk te stean, ek út oare lannen en fan minskerjochte-organisaasjes.[1][2]

Korrupsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wie úteinlik in korrupsjesaak dy't foar de ein fan Rajoy's premierskip soarge. In grut tal âld-bestjoerders fan de Partido Popular wie skuldich yn de saak-Gürtel, wêrby't mear as 120 miljoen oan publyk jild muoid wie.[3] Ien fan de skuldigen wie Luis Bárcenas. Hy wie ponghâlder fan de partij en in fertrouweling fan Rajoy.[4] Rajoy hat sels mooglik ek belutsen west by de korrupsje, al wurdt dat ûntkend troch syn partij. [5] De saak-Gürtel wie foar Pedro Sánchez fan opposysjepartij PSOE wol oanlieding om in moasje fan wantrouwen yn te tsjinjen tsjin Rajoy. Dy krige op 1 juny 2018 in mearderheid fan de stimmen yn it Spaanske parlemint, wêrtroch't Rajoy syn perioade as premier einige. PSOE-lieder Sánchez wie syn opfolger.

Persoanlik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rajoy boaske op syn fjirtichste jier mei Elvira Fernández Balbao. It houlik is yn 1996 sletten troch in anargistyske preester, in famyljefreon fan de breid. Dy lêste wurke doe by it telefyzjestasjon Antena 3. It echtpear hat twa soanen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.hln.be/nieuws/buitenland/-laat-de-mensen-vreedzaam-stemmen-internationale-kritiek-op-spaans-politiegeweld~a6136b9b/
  2. https://nos.nl/artikel/2197617-spaans-politiegeweld-in-catalonie-was-excessief.html
  3. http://www.publico.es/actualidad/guertel-costo-120-millones-al.html
  4. https://www.theguardian.com/world/2018/may/24/court-finds-spain-ruling-party-pp-benefited-bribery-luis-barcenas
  5. https://www.reuters.com/article/us-spain-corruption/spain-corruption-scandal-turns-up-heat-on-pm-rajoy-idUSBRE90U0DD20130131