Pedro Sánchez

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Pedro Sánchez
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Pedro Sánchez in 2018b.jpg
echte namme Pedro Sánchez Pérez-Castejón
nasjonaliteit Flag of Spain.svg Spaansk
bertedatum 29 febrewaris 1972
berteplak Madrid
partij PSOE
Premier fan Spanje
amtsperioade 2018 – no
foargonger Mariano Rajoy

Pedro Sánchez Pérez-Castejón (Madrid, 29 febrewaris 1972) is in Spaansk ekonoom, politikus fan de socialistyske partij PSOE en sûnt 1 juny 2018 premier fan Spanje, nei't syn foargonger Mariano Rajoy op 1 juny 2018 ôftrêdzje moast nei in moasje fan wantrouwen.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opliedingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pedro Sánchez hat middelber ûnderwiis folge oan it Instituto Ramiero de Maeztu yn Madrid. Dat die er tagelyk mei syn leeftiidsgenoate Letizia Ortiz, keningin fan Spanje.

Sánchez hat ekonomyske en bedriuwswittenskippen studearre oan de Complutense Universiteit fan Madrid, en dêrnei ek in masterdiploma yn ekonomyske polityk fan de EU behelle oan de Frije Universiteit fan Brussel en in master bestjoerskunde oan IESE, in institút fan de Universiteit fan Navarra yn Pamplona. Sánchez promovearret yn ekonomyske wittenskippen en bedriuwskunde oan de Camilo José Cela Universiteit yn Madrid, wêr't er professor economyske struktuer en skiednis fan it ekonomysk tinken west hat.

Earste stappen yn de polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pedro Sánchez waard yn 1993 lid fan de Spaanske sosjaaldemokratyske partij PSOE, wannear't Felipe González op it punt stiet foar it earst de ferkiezingen te ferliezen. Nettsjinsteande it ferlies koe de partij yn drege omstannichheden noch in pear jier regearje. Sánchez wie yn dy jierren aktyf yn de Joventudes Socialistas, de jongereinbeweging fan de partij. Hy makket de sprong nei Brussel as polityk adviseur en wurdt letter kabinetssjef fan Carlos Westendorp, de Hege Fertsjinwurdiger fan de Feriene Naasjes yn Bosnië, yn de Kosovo-oarloch.

Yn 2000 wie Sánchez ôffeardige by it partijkongres fan de PSOE, wêr't José Luis Rodríguez Zapatera ta sekretaris-generaal ferkeazen waard. Sanchéz waard frege om mei te helpen by it opstellen fan it ekonomyske projekt fan Zapatero.

In 2003 stie Sánchez op de kieslist foar de gemeenteried fan Madrid, dy't oanfierd waard troch Trinidad Jiménez. Sánchez waard net ferkeazen, mar om't in jier letter twa sosjaaldemokratyske riedsleden harren sitten ferlitte, koe er dochs de ried yn. Yn 2007 waard er op 'e nij yn de ried keazen. As lid fan de opposysje wurke er oan tema's lykas ekonomy, rûmtlike oardening en folkshúsfêsting. Tusken 2004 en 2009 siet er foar de PSOE by de algemiene fergadering fan Caja Madrid.

Folksfertsjintwurdiger en sekretaris-generaal fan PSOE[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de parlemintsferkiezingen fan 2008 stie Sánchez op de keaslist yn Madrid, wêr't er net ferkeazen waard. Mar krekt as earder by de gemeenteried fan Madrid, koe er yn 2009 dochs it kongres yn, om't Pedro Solbes opstapte út it regear en ek syn sit yn de folksfertsjintwurdiging ferliet. Sánchez waard de wurdfierder foar territoriale saken en sit yn parlemintskommisjes foar bûtenlânske saken en Jeropeeske saken.

By de ferkiezingen yn 2011 ferlear de PSOE bot en kaam de partij yn de opposysje. Sánchez, dy't op it alfde plak stie op de list yn Madrid, moast it kongres ferlitte. Mar yn 2013 koe er op 'e nij werom, om't in sit yn de fraksje frijkaam. Diskear wurke Sánchez yn de kommisje foar de stúdzje nei klimaatferoaring.

Yn 2014 stelde Sánchez him kandidaat by de foarferkiezing fan listlûker foar de PSOE by de parlemintsferkiezingen fan 2015. Dizze foarferkiezingen waarden nei foarren helle nei't de partij wer bot ferlear by de Jeropeeske ferkiezingen fan 2014 en Alfredo Rubalcaba ophold as sekretaris-generaal. Sánchez moast it opnimme tsjin Eduardo Madina en José Antonio Pérez Tapias. Dêrby wie Sánchez gjin favoryt, om't him ferwiten waard dat er syn lidmaatskip fan de algemiene fergadering fan Caja Madrid jierren earder op syn cv ferswijde. Lykwols waard er mei 48% fan de stimmen keazen, nei't er mear as 30.000 kilometer troch Spanje ôflein hie om yn lytse gearkomsten yn direkt kontakt mei de efterban te stean.

By de ferkiezingen fan 2015 behelle de PSOE har minste resultaat út de partijskiednis. Dat hie te krijen mei de opkomst fan twa nije partijen, Podemos en Ciudadanos. Dy twa brekken it politike spektrum iepen en makken in ein oan wat yn de praktyk in twapartijestelsel fan PSOE en de Partido Popular wie. Om't it al ferwachte waard dat de de PSOE ferlieze soe, hoegde Sánchez net ôf te trêdzjen. Nei de ferkiezingen koenen de partijen gjin koälysje foarmje en likemin slagge it om genôch stipe te finen foar in minderheidsregear troch ien partij. Dêrom wienen op 26 juny 2016 nije parlemintsferkiezingen.

Liederskipskrisis PSOE 2016-2017[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't it de konservative Partido Popular fan sittend premier Mariano Rajoy net slagge in regear te foarmjen nei de ferkiezingen fan juny 2016, naam Sánchez it inisjatyf en besocht er earst genôch stipe te krijgen foar in regear mei Ciudadanos. It slagge him lykwols net om oare partijen safier te krijgen dat se dizze koälysje, dy't gjin mearderheid hie yn it kongres, ynskewiele. De PSOE rekke dêrnei yn in krisis troch de ynterne ferdieling oer hokker line folge wurde moat yn de regearsformaasje. Sánchez wegere om stipe te jaan oan in minderheidsregear fan de Partido Popular en spile mei it idee in regear te foarmjen mei Podemos, dy't mei stipe fan in tal lytsere partijen wol op in mearderheid rekkenje kinne soe. Dat smiet in grutte wjerstân op by in tal partijpommeranten ûnder lieding fan Susana Díaz, de lieder fan de sosjalisten yn Andalûsje, de wichtichste fedraasje binnen de partij. Dy partijpommeranten, ûnder wa ek eardere minister-presidint Felipe González, seinen dat it de partij better past om yn de opposysje te gean nei de grutte ferliezen by de ôfrûne ferkiezingen, mar stutsen ek net ûnder stuollen of banken dat se net wei wienen fan Podemos. Se slaggen deryn Sánchez út syn funksje te setten en skreaunen in nije foarferkiezing út.

Sánchez besleat mei te dwaan oan dy foarferkiezing en moast it dêryn opnimme tsjin Susana Díaz en Patxi López. Op 21 maaie 2017 wûn Sánchez dizze foarferkiezing mei dúdlike sifers. De PSOE hie doe lykwols al meiwurke oan it foarmjen fan in minderheidsregear fan Mariano Rajoy oan it begjin fan de tolfde legislatuer. Sánchez besleat dit regear foarearst trochwurkje te litten, om fierdere politike ynstabiliteit foar te kommen.

Moasje fan wantrouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 24 maaie 2018 die de Audiencia Nacional útspraak yn de saak-Gürtel, wêryn't de Partido Popular fan premier Mariano Rajoy oanwiisd waard as handiedige mei in lukratyf eachmerk. Dêrtroch rekke de leauweardigens fan in tal tsjûgen yn de saak, ûnder wa Rajoy sels, swier skansearre. Op 25 maaie 2018 tsjinne de PSOE in moasje fan wantrouwen yn tsjin it regear. Om't in moasje fan wantrouwen yn Spanje "konstruktyf fan ierd" is, moast de PSOE ek in nije premierskandidaat oanwize. Dat waard Pedro Sánchez.

Foar it earst yn de Spaanske skiednis waard op 1 juny 2018 in moasje fan wantrouwen oannommen. De moasje fan de PSOE waard stipe troch Podemos en in tal regionalistyske partijen út Kataloanje en Baskelân.

Premier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de dei dat de moasje fan wantrouwen tsjin Rajoy oannommen  waard, tekene kening Filips II de beneaming fan Pedro Sánchez as sânde premier fan Spanje. In dei letter waard Sánchez beëdige, wêrby't er de tolfde legislatuer oernaam fan Rajoy.

Persoanlik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pedro Sánchez is op 29 febrewaris 1972 berne yn de Madrileenske wyk Tetuán, as soan fan Magdalena Pérez-Castejón, amtner fan de sosjale tsjinst, en Pedro Sánchez, sakeman en as wurknimmer ferbûn oan it Ministearje fan Lânbou. Sánchez is yn 2006 troud mei Begoña Fernández út Bilbao. Sy ha twa dochters.