Springe nei ynhâld

Folkspartij (Spanje)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Partido Popular)
Partido Popular
Partijlieder Mariano Rajoy
Partijfoarsitter
Oprjochting 1989
Haadsit Madrid
Ledetal 860.818 (2016)
Jongereinorganisaasje Nuevas Generaciones
Rjochting Sintrumrjochts oant rjochts
Ideology Konservatisme Kristendemokrasy Liberalisme
Wittenskiplik buro
Europeeske fraksje Europeeske Folkspartij
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan Ynternasjonale Kristendemokraten, Ynternasjonale Demokratyske Uny
Webside www.pp.es

De Partido Popular (PP, Folkspartij) is een Spaanske kristendemokratysk-konservative politike partij. De partij waard oprjochte as "Alianza Popular" (Folksalliânsje) nei de dea fan diktator Franco troch syn minister fan Bûtenlânske Saken, Manuel Fraga. Yn it begjin befûn de partij him yn de marzje, mei lieders dy't besmet wienen troch harren ferline yn de diktatuer. De namme waard feroare yn Coalición Popular (Folkskoälysje) en úteinlik yn 1989 yn Partido Popular. Yn dat jier ferdwûn ek Fraga en ûnder syn opfolger José María Aznar waard de partij populêrder. Sûnt dy tiid is de PP mei de Spaanske Sosjalistyske Arbeiderspartij (PSOE) ien fan de twa grutste partijen fan Spanje.

De PP is in kristlik-konservative partij. Op ekonomysk gebiet hat de partij sterk liberale opfettingen. Ek is de partij foarstanner fan Spaanske ienheid, en dus tsjin fierdere autonomy fan de regio's Baskelân en Kataloanje.

José María Aznar

Fan 1996 oant 2004 siet de PP yn it regear ûnder lieding fan premier José María Aznar. Dat wie yn pakesizzer fan Manuel Aznar Zubigaray, in Baskyske Spaansk nasjonalist, regionailst, antykommunist en oanhinger fan Franco. Aznar neamde himsels falangist en wie yn syn jonge jierren noch in oanhinger fan it falangisme. Yn 2000, doe't de PP de absolute mearderheid hie, soarge de partij derfoar dat dat in feriening dy't it oantinken oan Franco yn libben hâlde woe, subsidearre waard.

Yn 2004 waard Mariano Rajoy út Galysje oanwiisd as de opfolger fan Aznar as partijlieder en kandidaat-premier. De partij stie op foarsprong yn de peilingen en it like derop dat se de parlemintsferkiezings fan 15 maart 2004 winne soe. De oanslaggen yn Madrid fan 11 maart 2004 soargen lykwols foar in folsleine omswaai. Yn earste ynstânsje hold it PP-regear fol dat de ETA efter de oanslaggen siet, nettsjinsteande oanwizings dat Al-Qaida ferantwurdlik wie. Der waard suggerearre dat it regear mei sin ynformaasje achterhold om de ETA brûke te kinnen as ferantwurdlike en net sels ôfrekkene te wurden, om't de oanslach neffens de plegers in reaksje wie op de Spaanske dielname oan de oarloch yn Irak.

Mei troch dy hâlding ferlear de PP de ferkiezings oan de sosjalistyske PSOE fan José Luis Rodríguez Zapatero.

By de Spaanske parlemintsferkiezings fan 2011 kaam de PP werom en boekte de partij ûnder Mariano Rajoy har grutste oerwinning ea. Rajoy waard premier fan Spanje. Nettsjinsteande de drastyske besunigingsmaatregels om de finansjeel ekonomyske krisis te kearen yn de regionale ferkiezings yn Galysje en Navarra yn 2012 har winst út 2011 behâlde.

Op 6 novimber 2012 wiisde it Spaanske Heechgerjochtshof de konstitusjonele oanklacht tsjin it homohoulik ôf, mei njoggen tsjin trije stimmen. De PP hie dy oanklacht yn 2005 yntsjinne. De partij is foar in beheining fan de hjoeddeistige abortuswet, tsjin it homohoulik, tsjin eutanasy en tsjin medyske help by selsdeadzjen. De PP krijt de stipe fan de Roomsk-Katolike Tsjerke by marsen tsjin abortus en foar it ûnberne libben.

De PP is tsjin de Wet op it historyske oantinken, dy't ûnder de foarige koälysje goedkaard ward, en ûnder mear ûndersyk nei de massagrêven fan de slachtoffers fan de frankistyske milysjes mooglik meitsje wol, rehabilitaasje biede oan de demokratyske wjerstanners dy't yn de diktatuer feroardiele waarden en ek ferbiedzje om Franco te ferhearlikjen yn skiednisboeken en monuminten. Ek is de PP tsjin it opheffen fan de amnestywet út 1979 en tsjin it Akkoart oer it rieplachtsjen fan it folk yn Kataloanje yn 2013.

Yn Jeropeesk ferbân is de PP lid fan de Jeropeeske Folkspartij, dêr't ek it Nederlânske CDA lid fan is.

Bekende leden fan de PP

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]