Springe nei ynhâld

Almudena-katedraal

Ut Wikipedy
Hillige Marije de Keninklike fan de Almudena

Santa María la Real de La Almudena

Lokaasje
lân Spanje
regio Madrid
plak Madrid
koördinaten 40° 24'N 3° 42'W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-katolike Tsjerke
bisdom aartsbisdom Madrid
patroanhillige Marije
status katedraal
Arsjitektuer
arsjitekt Marquis of Cubas; Fernando Chueca
boujier 1883-1993
boustyl barok, neoklassisisme, neogotyk
Webside
Side katedraal
Kaart
Almudena-katedraal (Madrid)
Almudena-katedraal

De Santa María la Real de La Almudena ('Hillige Marije de Keninklike fan de Almudena') is in roomsk-katolike katedraal yn Madrid.

Ynterieur

De earste plannen foar de bou fan in nije katedraal datearje fan de 16e iuw. Mar it duorre noch oant de 19e iuw dat de earste stien lein waard en pas yn 1993 wie de bou foltôge. Yn dat jier wijde paus Jehannes Paulus II de katedraal oan de Hillige Marije fan de Almudena (Almudena is oer te setten as 'Sitadel', it komt fan it Arabyske al-mudayna; de tafoeging is in titel fan Marije as patroanhillige fan de stêd). Tagelyk mei de wijing krige de tsjerke ek de status fan biskopstsjerke fan it Aartsbisdom Madrid. Sûnt de stifting fan it aartsbisdom Madrid yn 1885 tsjinne ynearsten de Colegiata de San Isidro as provisoaryske katedraal.

Alhoewol't de bou fan de katedraal yn neogoatyske styl útein sette, waard de katedraal lang om let foltôge as neoklassisistysk gebou om't dat better by it oangrinzgjende paleis paste. It ynterieur fan de Almudena-katedraal is fan neogoatysk oant modern, mei in troch ikoaneskilder Kiko Argüello oanbrocht pop-art dekor.

Op 22 maaie 2004 troude kroanprins Felipe fan Spanje mei Letizia Ortiz Rocasolano yn de katedraal. It wie de earste keninklike trouwerij yn de katedraal.

Op 7 febrewaris 2013 fûn in preester by in bychtsoel eksplosiven. De katedraal waard romme en sletten, sadat de springstof ûnskealik makke wurde koe.

De katedraal is in trijeskippich gebou, dat oergiet yn in koer mei koeromgong, dêr't in krâns fan fiif kapellen oanslút. Oars as it eksterieur dat fral barok en neoklassisistysk is, is de tsjerke fan binnen neogoatysk. Ek in grut part fan it tsjerkemeubilêr is neogoatysk.

Koepel

Yn it súdlike dwersskip is it 'Alter fan de Jongfaam fan de Almudena', de beskermhillige fan Madrid. De middelste koerkapel is oan de hillige Isidoro Labrador en syn frou María de la Cabeza wijd. De bylden binne út de 17e iuw en troch Juan Villabrille y Ron makke, wylst de beskildere skryn 13e-iuwsk is. Sûnt 2000 leit ek Maria de las Mercedes fan Orléans, keninginne fan Spanje, yn de katedraal begroeven.

De kapellen lofts en rjochts fan it haadskip binne wijd oan minsken dy't in de 20e of 21e iuw iuw hillich ferklearre binne, lykas Josemaría Escrivá de Balaguer, Pedro Poveda, Maria Josepha San en de karmelitesse Maravillas de Jesús. Alle kapellen binne modern ynrjochte.

Bysûnder binne ek de ramen fan de katedraal, fral yn de apsis, dy't yn 2004 tafoege binne.

Yn 1999 boude de Dútske oargelboufirma Gerhard Grenzing it oargel foar de katedraal, dat 70 registers op fjouwer manualen en pedaal telt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.