Spaanske Súksesjeoarloch
De Spaanske Súksesjeoarloch wie in oarloch fan 1702 oant 1715 tusken de Dútske keizer, de Nederlânske Republyk en Ingelân oan de iene kant en Frankryk en Spanje oan de oare kant. Ynset foar dit konflikt wie de drigende fersteuring fan de Jeropeeske machtsferhâldings troch de oanspraak fan de Frânske kening Loadewyk XIV op de Spaanske troan.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de dea yn 1700 fan Karel II fan Spanje, dy't gjin bern hie, makke Loadewyk XIV fan Frankryk oanspraak op de Spaanske troan foar syn pakkesizzer Filips fan Anjou, wylst de Dútske keizer Leopold I syn twadde soan, Karel nei foaren skode. In wiidweidige oarloch wie it gefolch dy't net allinnich op Jeropeeske boaiem útfochten waard, mar ek yn Noard-Amearika en wêryn't de Frânsen in soad ferlies nimme moasten.
Omdat de Ingelsen de oarloch beëinigje woenen en har al yn 1710 út de striid weromloeken, kaam Frankryk der by de fredesûnderhannelins goed fanôf. En omdat Karel yn 1711 de nije Dútske keizer waard, en sadwaande net langer in geskikte kandidaat wie, koe Filips V de Spaanske troan ynnimme.
By de fredespetearen, de Frede fan Utert yn 1713 en de Frede fan Rastatt yn 1714, waarden de Spaanske besittingen ferdield tusken Filips en it Hûs Habsburch. Ingelân krige Gibraltar, Minorka en Nijfûnlân. De Súdlike Nederlannen kamen oan Eastenryk. En de Republyk mocht in oantal barriêrestêden hâlde en krige Venlo.
- Spaanske Súksesjeoarloch
- Skiednis fan Jeropa
- Oarloch yn Jeropa
- Oarloch yn Noard-Amearika
- Oarloch yn Súd-Amearika
- Oarloch yn de 18e iuw
- Oarloch fan Aragon
- Oarloch fan Baden
- Oarloch fan Beieren
- Oarloch fan Eastenryk
- Oarloch fan it Feriene Keninkryk
- Oarloch fan Frankryk
- Oarloch fan Hannover
- Oarloch fan it Hillige Roomske Ryk
- Oarloch fan Ingelân
- Oarloch fan Kastylje
- Oarloch fan Milaan
- Oarloch fan Napels
- Oarloch fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen
- Oarloch fan Portegal
- Oarloch fan Prusen
- Oarloch fan Sardynje
- Oarloch fan Savoaye
- Oarloch fan Sisylje
- Oarloch fan Skotlân
- Oarloch fan Spanje
- Militêr treffen yn 1702
- Militêr treffen yn 1703
- Militêr treffen yn 1704
- Militêr treffen yn 1705
- Militêr treffen yn 1706
- Militêr treffen yn 1707
- Militêr treffen yn 1708
- Militêr treffen yn 1709
- Militêr treffen yn 1710
- Militêr treffen yn 1711
- Militêr treffen yn 1712
- Militêr treffen yn 1713
- Militêr treffen yn 1714
- Militêr treffen yn 1715