Toledo (Spanje)

Ut Wikipedy
Toledo (Spanje)
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Spanje Spanje
regio Kastylje-La Mancha
provinsje Toledo
Sifers
Ynwennertal 85.449 (2022)
Oerflak 232,10 km²
Befolkingsticht. 360,8 ynw./km²
Hichte 538 m
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 39° 51'N 4° 1'W
Offisjele webside
Webstee
Kaart
Toledo (Spanje)
Toledo

Toledo is de haadstêd fan de provinsje Toledo en de autonome regio Kastylje-La Mancha yn Spanje. De stêd leit oan in bocht fan de rivier de Taach. Toledo wie tusken 1087 en 1561 de haadstêd fan it keninkryk Kastylje en Spanje. Yn 1561 hat kening Filips II Madrid haadstêd makke. De stêd hat in lange rike skiednis en kultuer en stiet dêrom op de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO.

Nei Toledo binne yn de Feriene Steaten allinne al fiif stêden ferneamd (Ohio, Illinois, Oregon, Iowa en Washington. Ek Belize, Brazylje, Kolombia, de Filipinen en Oerûguay hawwe in stêd mei deselde namme en ek Spanje telt noch fjouwer oare plakken mei deselde namme.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Toledo leit sa'n 70 km súd-súdwestlik fan 'e haadstêd Madrid.

Toledo leit sa'n 100 meter boppe de igge fan 'e Taach dy't yn it stedsgebiet troch in djippe kloof slingeret. Fanâlds lei de Taach as in natuerlike grêft om it stedsgebiet hinne. De djippe kloof fan 'e Taach is oer in tiidrek fan 25 miljoen jier troch eroazje ûntstien.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Toledo is ien fan de âldste stêden fan Spanje en wie eartiids haadstêd fan de Ibearyske Carpetani. Yn 192 foar Kristus oermasteren de Romeinen de stêd en joegen it plak de namme 'Toletum'. Under de Fisigoaten wie de stêd fan 534 oant 712 op 'e nij haadstêd en waarden der in soad konsyljes holden.

Nei de islamityske oermastering (712-1085) krige de stêd de namme 'Tolaitola'. Oant 1035 wie de stêd de sit fan in emir ûnder it opperbefel fan de kalyf fan Córdoba, dêrnei makke de stêd as selsstannich keninkryk ('taifa Toledo') in bloeitiid mei troch de fabrikaazje fan wapens en de side- en wolyndustry. Ek de wittenskip waard op heech nivo útoefene. De kristenen, de Mozaraben (wat 'Arabyske ûndergeskikten' of 'ûnechte Arabieren' betsjut) namen it Arabysk as taal oer. Dy taal bleau ek letter noch yn gebrûk njonken it Spaansk, oant yn 1580 de taal ferbean waard.

De reconquista fan Toledo troch Alfons VI

Yn 1085 ferovere de Kastiliaanske kening Alfons VI de stêd werom op de Moaren. Yn 1087 waard de stêd de residinsje fan de keningen fan Kastylje en ek it tsjerklike sintrum fan Spanje. De nammen fan de kardinalen en aartsbiskoppen Mendoze, Jiménez, Al Bornoz e.o. binne ferbûn mei wichtige barrens yn de Spaanske skiednis út dy tiid. Sûnt de 13e iuw waard oan de machtige aartsbiskop fan Toledo de titel 'primaat fan Spanje' jûn. Dat is oant hjoed-de-dei noch it gefal. Ek yn de tiid fan de Moarske oerhearsking yn Spanje bleau de metroplyt in ynfloedryk man.

Yn Toledo sette yn 1520 de folksopskuor fan de Comuneros útein. Doe't Filips II de residinsje nei Madrid ferhûze, ferlear de stêd syn politike betsjutting en sosjale status.

Yn de Spaanske Boargerkriich waard Toledo ferneamd fanwegen it belis fan it Alcázar. Nei it begjin fan de Spaanske Boargerkriich bleau de stêd yn Republikeinske hannen, mar in groep nasjonalisten sochten mei harren famyljes taflecht yn it Alcázar, it haadkertier fan de Ynfanteryakademy. Hja stiene ûnder befel fan kolonel Moscardó en holden it fan 22 july oant 27 septimber 1936 fol, doe't de troepen fan generaal Varela it Alcázar ûntsette. De ferdigening fan it Alcázar waard in symboal fan heldhaftichheid yn it Spanje fan Franco.

Monuminten yn Toledo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Toledo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]