Springe nei ynhâld

Katedraal fan Toledo

Ut Wikipedy
Katedraal fan Toledo
Lokaasje
lân Spanje
regio Kastylje-La Mansja
plak Toledo
koördinaten 39° 51'N 4° 1'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-katolike Tsjerke
aartsbisdom Toledo
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1226 - 1493
boustyl Gotyk
Webside
architoledo.org
Kaart
Katedraal fan Toledo (Spanje)
Katedraal fan Toledo

De Katedraal fan Toledo (Spaansk: Catedral de Santa María de Toledo of Catedral Primada de Toledo) is ien fan de belangrykste katedralen yn Spanje. It is de belangrykste tsjerke fan it aartsbisdom Toledo.

Ferdinand III lei yn 1227 de earste stien foar de 120 meter lange en 59 meter brede katedraal nei't de âlde Westgoatyske tsjerke ôfbrutsen waard. Dy tsjerke wie earder fan de Moaren yn in moskee feroare. Oer de earste boumasters is net in soad mei wissigens te sizzen. In dokumint út 1227 neamt in boumaster mei de namme 'Master Martín', dy't de bou oant 1234 late. Yn 1238 wie it koer foltôge. Dêrnei wurke in 'Master Petrus Petri' oan de tsjerke, dy't yn 1291 ferstoar. Yn Spaanske boarnen wurdt er ek 'Pedro Perez' neamd en dêrom wurdt der ek wol tocht dat dy boumaster deselde is as Pierre de Corbie, mei wa't de Frânske arsjitektuerskiedkundige Villar de Honnecourt it koer yn syn ferneamde tekenboek ûntwurp.

Ynterieur

De bou oan de westlike gevel sette yn 1418 útein en wie oan it begjin fan de 16e iuw foltôge. Mei de bou fan de 90 meter hege noardlike toer waard om 1400 hinne begûn. Yn de út dy tiid datearjende ûnderste ferdjipping is de skatkeamer tsjintwurdich ûnderbrocht. De dêrboppe lizzende ferdjippings waarden ûnder lieding fan Alvar Martínez tusken 1425 en 1440 boud. Dat die er yn in wat minder ienfâldige styl as it ûnderste diel mei bline arkades, kroanlisten en in fries fan swart mei wyt moarmer ynlein mei blau en wyt azulejo kermayk.

De toer waard sûnt 1448 foltôge troch Hanquín de Egas (Annequin de Eycken), in boumaster út Brussel. De toer krige in achthoekig boppebou mei filialen op de hoeken en in spits mei in trijefâldige toarnekroan, dy't de toer ferneamd makke.

De koepel fan de folle legere súdlike toer is in ûntwerp út de 17e iuw fan Jorge Manuel Theotocopuli, de soan fan El Greco.

It hegere diel fan de gevel waard ynearsten yn de twadde helte fan de 16e iuw fernijd en dêrnei nochris yn it lêst fan de 18e iuw troch de arsjitekt Durango.

Westlik portaal

It trijedielige portaal hat as tema yn it linker toerportaal de hel, yn it midden de ferjouwing (1418 fan Alvar Martínez) en rjochts it Jongste Gerjocht (1492–1493).

De master Hanquín de Egas makke ek it grutte portaal yn it súdlike dwersskip, it saneamde Liuweportaal (Puerta de los Leones). It timpanon is letter yn de 18e iuw bot feroare, mar der binne nocht jimmeroan 15e-iuwske bylden fan Juan Alemán te sjen. It portaal tanket de namme oan de liuwen op de seis pylders dêr't it traaljewurk oan fêst sit.

Koerbanken

Lykas it plan fan de Frânsk-goatyske katedraal fan Bourges hat de katedraal fan Toledo fiif skippen sûnder echt transept en in dûbele koeromgong, mar besit yn it easten en noardeasten fan it koer in wiidweidich kapellensysteem en noardlik fan it skip in grutte kleastergong fan twa ferdjippings.

De tsjerke is gjin ienheid en generaasjes lang waard der wurke oan de katedraal. Wat opfalt is de sels foar Spanje grutte klam op breedte, yn tsjinstelling ta it Frânske type, alhoewol't it skip dochs noch in hichte fan 40 meter hat. De sydskippen binne meiïnoar breder as it middenskip.

Haadalter

It ûnbidich grutte haadaltar waard yn opdracht fan kardinaal Cisneros tusken 1497 and 1504 fike troch Petit Jean, Copin van Holland, Felipe Bigarny en Sebastian de Almonacid en ferguld troch Francisco de Amberes en Jean van Bourgondië. It haadaltar waard foltôge yn 1504, it jier wêryn't keninginne Isabella ferstoar lykas op ien fan de basisbalke skreaun is.

It ûntwerp nimt de hiele breedte en hichte fan it koer yn en toant it libben en lijen fan Kristus.

De Untklaaing fan Kristus
El Greco
  • De koerbanken binne fersierd mei foarstellings oer de Fal fan Granada. De heger lizzende banken binne fersierd mei Ald-Testamintyske persoanen.
  • De brânskildere ramen geane werom op de 14e, 15e en 16e iuw.
  • Yn de goatysk-flamboyante 15e-iuwske Santiago-kapel steane de sarkofagen fan Alvaro de Luna en syn frou Juana de Pimentel.
  • Yn de sakristy hinget in grut tal wurken fan û.o. El Greco, Titiaan, Van Dyck en Goya. It skilderij fan de Untklaaing fan Kristus makke El Greco spesjaal foar de katedraal. Fierder is der fan de Spaanske skilder ek in apostelrige te sjen.
  • Yn de 90 meter hege 'Campana Gorda' hinget de dikke klok, in 17.515 kg. swiere klok dy't yn 1753 getten waard.
  • Yn de skatkeamer fan de katedraal is in 3 meter hege monstrâns út de 16e iuw, dy't op Sakramintsdei troch de strjitten fan Toledo droegen wurdt.

De katedraal hat twa oargels dy't oan de súdlike kant en oan de noardlike kant fan it koer hingje. Beide ynstruminten datearje út de 2e helte fan de 18e iuw.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.