El Greco

Ut Wikipedy
El Greco
keunstner
Portret fan in âlde man (nei alle gedachten selsportret)
Portret fan in âlde man
(nei alle gedachten selsportret)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Domenikos Theotokopoulos
berne 1541
berteplak Heraklion
stoarn 7 april 1614
stjerplak Toledo
etnisiteit Gryksk
offisjele webside
dominikostheotokopoulos.webnode

Domenikos Theotokopoulos (Gryksk: Δομήνικος Θεοτοκόπουλος) (berne yn Fodele of Kandia (tjintwurdich Heraklion) op Kreta, 1541 - ferstoarn op 7 april 1614 yn Toledo, better bekend as El Greco (in Spaanske ferbastering fan it Italjaanske "Il Greco", de "De Gryk"), wie in keunstskilder dy't fral yn Spanje wurke.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in oplieding op Kreta yn de ikoanekeunst reizge El Greco nei Rome, dêr't er by Titiaan studearre. Yn 1577 emigrearre hy nei Spanje, dêr't er yn Toledo syn skilderijen makke wermei't er ferneamd waard.

Sicht op Toldedo

El Greco wie populêr by de hegerein en skildere fral religieus wurk en portretten. Karakteristyk foar it wurk fan El Greco binne de langramige persoanen en syn tapassing fan ekspressive kleuren.

Nei syn ferstjerren waard El Greco iuwenlang net as in wichtich keunstner sjoen. Tsjin it ein fan de 19e iuw feroare dat stadich. El Greco hie sjen litten dat er de eksakte en tige krekte foarmen loslitte koe. Ek it ljocht en de kleuren wiene in ynspiraasje foar keunsters as Pablo Picasso en Jackson Pollock.

El Greco hie mei Jerónima de Las Cuevas in soan dy't Jorge Manuel Theotocópuli hiet en ek skilder waard.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De styl fan El Greco wurdt ta it maniërisme rekkene, in keunststreaming fan de heechrenêssânse. Ta syn ferneamste wurk hearre it 'Sicht op Toledo' en de searje dy't er makke fan de apostels. Dy rige makke El Greco ferskillende kearen oan it ein fan syn libben en is te sjen yn ferskillende musea. In oar ûnderwerp dat El Greco graach skilderje mocht wie de Timpelsuvering troch Jezus, dêr't er fjouwer ferskillende ferzjes fan makke.

Ofbylden wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soad wurk fan El Greco is te finen yn it Museo del Prado yn Madrid en yn Toledo dêr't er wurke en wenne.

Oare musea mei wurk fan El Greco binne:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]